Springe nei ynhâld

Graf Zeppelin

Ut Wikipedy
Graf Zeppelin
It meast brûkte loftskip yn de skiednis.

De Graf Zeppelin (Greve Zeppelin) wie in grutte seppelin, neamd nei de man dy't de seppelins ûntwikkele hat, greve Ferdinand von Zeppelin.

De Graf Zeppelin, koade LZ-127, wie 236,6 meter lang, en hie in folume fan 105,000 m³. Doe't er 18 septimber 1928 foar it earst fleach wie er de grutste seppelin dy't ea boud wie.

Eins wie de Graf Zeppelin in proef- en demonstraasjemodel, mar hy waard ek brûkt foar passazjier- en postferfier. Hy makke ferskate tochten yn Jeropa, mar ek langere tochten. Yn oktober 1928 gie er op in fiere tocht oer de Atlantyske Oseaan, nei Lakehurst, Nij Jersey yn de Feriene Steaten fan Amearika. Fan 8 augustus oant 29 augustus 1929 make de Graf Zeppelin in tocht om de wrâld. Ek yn 1930 makke de Graf Zeppelin in fiere tocht, dizze kear nei Súd-Amearika. Yn 1931 waard de dream fan Ferdinand von Zeppelin útfierd: Der waard in ûndersykstocht nei it Noardpoalgebiet makke. Al nei it súkses fan de tocht nei Súd-Amearika waard besletten in fêste transatlantyske seppelin-ferbining op te setten. Oant en mei 1936 waard dy flein mei hieltiid grutter wurdend sukses.

Oarspronklik soe der ek in LZ-128 boud wurde, mar nei it ûngemak mei de Britske seppelin R-101 waard it projekt stillein. Yn stee fan mear seppelins nei it ûntwerp fan de Graf Zeppelin, kaam der in nij ûntwerp dat feiliger wêze moast. De Hindenburg wie de earste seppelin nei dat nije ûntwerp.

Nei it ûngemak mei de Hindenburg yn 1937 waard ek de Graf Zeppelin bûten tsjinst steld, en yn in museum feroare. Yn maart 1940 waard er ôfbrutsen sa't it aluminium brûkt wurde koe foar de oarlochsyndustry.