Gil Birmingham
Gil Birmingham | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Gil Birmingham | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 july 1953 | |
berteplak | San Antonio (Teksas) | |
etnisiteit | Komantsje (Comanche) | |
jierren aktyf | 1982 – no | |
offisjele webside | ||
www.gilbirmingham.com |
Gil Birmingham (San Antonio, 13 july 1953) is in Amerikaansk film-, tillefyzje- en stimakteur fan Yndiaansk komôf. Hy waard it bekendst mei syn fertolking fan 'e rol fan Billy Black yn The Twilight Saga-filmsearje, en mei syn weromkearende rol as Virgil White yn 'e tillefyzjesearje Unbreakable Kimmy Schmidt. Birmingham hat ek spile yn films as The Doe Boy, Hell or High Water en Wind River, en de tillefyzjesearje Body & Soul en de tillefyzjefilm Dreamkeeper.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Birmingham waard yn 1953 berne yn 'e stêd San Antonio, yn it wesltike part fan 'e Amerikaanske steat Teksas. Syn beide âlden wiene Yndianen en hearden ta it folk fan 'e Komantsjen (Comanche). Om't syn heit yn it Amerikaanske Leger tsjinne, ferhuze it gesin gauris en groeide Birmingham yn in grut tal ferskate plakken op. Hy learde al ier gitaarspyljen en beskôget muzyk as syn "earste leafde". Nei't er mei in bachelorgraad ôfstudearre oan 'e Skoalle foar Belied, Planning en Untwikkeling fan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje (USC), wurke er as yngenieur yn 'e petrogemyske yndustry.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e iere 1980-er jierren waard Birmingham 'ûntdutsen' troch in talintescout wylst er oefenings die yn in sportskoalle. Hy wie yn dy tiid yn 'e besnijing rekke fan bodybuilding en hie sels oan inkele wedstriden op dat mêd meidien. Troch tuskenkomst fan 'e scout kaam er foar it earst mei aktearjen yn oanrekking, doe't er yn 1982 meiwurke oan 'e fideoklip fan it nûmer Muscles fan sjongster Diana Ross. Neitiid begûn Birmingham aktyf te besykjen om in aktearkarriêre fan 'e grûn te krijen. Hy folge aktearlessen by Larry Moss en Charles E. Conrad, en ferfolle in skoft de live-rol fan it bekende fantasypersonaazje Conan de Barbaar yn 'e attraksje The Adventures of Conan: A Sword and Sorcery Spectacular, yn it ferdivedaasjepark fan Universal Studios yn Hollywood.
Yn 1986 makke Birmingham syn debút op 'e Amerikaanske tillefyzje mei in lyts roltsje yn in ôflevering fan 'e aksjesearje Riptide. De folgjende jierren hied er gastrollen yn ôfleverings fan û.m. de soapsearje Falcon Crest, de fantasysearje Buffy the Vampire Slayer (ôflevering Inca Mummy Girl), en de westernsearje Dr. Quinn, Medicine Woman. Ek wurke er as stimakteur mei oan û.m. de tekenfilmsearje The Legend of Calamity Jane en in ôflevering fan The Wild Thornberrys. De earste kear dat Birmingham yn in film ferskynde, wie yn 1987 yn House II: The Second Story, mar dat wie amper mear as in figuranteroltsje. Yn 1999 liende er syn stim oan it personaazje Ghostalker yn it fideospultsje Command & Conquer: Tiberian Sun.
Yn 2001 hie Birmingham syn echte debút yn in film, doe't er de rol fan Manny Deadmarsh spile yn it bekroande The Doe Boy. Neitiid spile er ek yn films as Skins (2002), No Man's Land: The Rise of Reeker (2008) en Love Ranch (2010), mei Joe Pesci en Helen Mirren. Yn 2008 liende er syn stim oan it personaazje Nashoba yn 'e tekenfilm Turok: Son of Stone. Datselde jiers waard Birmingham cast yn 'e rol fan Billy Black yn 'e film Twilight, it earste diel fan The Twilight Saga-filmsearje. Dêrmei rekke er bekend by in breder publyk. Dyselde rol spile er letter op 'e nij yn 'e films The Twilight Saga: New Moon (2009), The Twilight Saga: Eclipse (2010), The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 (2011) en The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2 (2012).
Yn 'e 2000-er jierren wie Birmingham fierders op 'e tillefyzje te sjen yn gastrollen yn searjes as Family Law, V.I.P., Medical Investigation, Charmed, Veronica Mars, Nip/Tuck, 10 Items or Less, Castle en The Mentalist. Ek hied er in weromkearende rol as Oz yn acht ôfleverings fan 'e sikehûssearje Body & Soul, wêrfoar't er yn 2002 in FAITA Award yn 'e kategory 'treflik optreden' wûn. Yn 2005 waard er cast as de âldere Dogstar yn Steven Spielberg syn seisdielige minysearje Into the West. Fierders spile Birmingham ek yn ferskate tillefyzjefilms, lykas Gentle Ben (2002), Dreamkeeper (2003), dêr't er in American Indian LA Film and Television Award mei wûn foar bêste byrol, en Love's Long Journey (2005), mei Erin Cottrell en Irene Bedard.
Yn 'e 2010-er jierren hie Birmingham weromkearende rollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder The Lying Game, Banshee, House of Cards (as Daniel Lanagin), en Siren. Ek hied er gastrollen yn û.m. de aksjesearje Vegas en de plysjesearje NCIS: Los Angeles. Ien fan syn bekendste rollen hie Birmingham, doe't er fan 2015 oant en mei 2017 yn sân ôfleverings fan 'e searje Unbreakable Kimmy Schmidt de rol fan Virgil White spile. Yn 2011 wurke er as stimakteur mei oan 'e westerntekenfilm Rango. Fierders hied er rollen yn films as Shouting Secrets (2011), Crooked Arrows (2012), The Lone Ranger (2013), The Space Between Us (2017), Transformers: The Last Knight (2017) en Saint Judy (2018).
Yn 'e misdiefilm Hell or High Water (2016) spile Birmingham de rol fan Texas Ranger Alberto Parker, en datselde jiers fertolke er de rol fan T.B. Thompson, de heit fan aktrise Te Ata Fisher yn 'e troch de Tsjikkesou Naasje produsearre biografyske film Te Ata. Hy wenne de premiêre fan dy lytse produksje by yn Moore, yn Oklahoma, op 13 septimber 2016. Yn 'e neo-western Wind River, regissearre troch Taylor Sheridan, wie Birmingham te sjen as de roujende heit fan in fermoarde en ferkrêfte dochter. Fan 2018 ôf hied er de fêste rol fan Thomas Rainwater, it snoade opperhaad fan 'e pleatslike Yndianestamme yn 'e ek troch Sheridan regisearre dramasearje Yellowstone, mei û.m. Kevin Costner. Yn febrewaris 2021 waard oankundige dat Birmingham de rol fan Charlie Bass spylje sil yn 'e oankommende skrillersearje Pieces of Her, basearre op 'e roman mei deselde namme fan Karin Slaughter.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1986 | Riptide | plysjeman | gastrol; ôfl. Chapel of Glass |
1987 | Falcon Crest | helpsheriff | gastrol; ôfl. Desperation |
1997 | The Legend of Calamity Jane | ferskate personaazjes | as stimakteur; 13 ôfl. |
1997 | Buffy the Vampire Slayer | Perûviaanske man | gastrol; ôfl. Inca Mummy Girl |
1997 | Night Man | Vargas | gastrol; ôfl. I Left My Heart in San Francisco |
1997 | Dr. Quinn, Medicine Woman | kriger #1 | gastrol; ôfl. Safe Passage |
1999 | The Wild Thornberrys | heit fan Jim | as stimakteur; gastrol; ôfl. Tamper Proof Seal |
2001 | Family Law | Bernard | gastrol; ôfl. Americans |
2001 | V.I.P. | Roland | gastrol; ôfl. Uncle from V.A.L. |
2002 | Gentle Ben | Pete | tillefyzjefilm |
2002 | Body & Soul | Oz | weromkearende rol; 8 ôfl. |
2003 | Gentle Ben 2 | Pete | tillefyzjefilm |
2003 | The Lone Ranger | One Horn | pilotôflevering fan in net makke westernsearje |
2003 | Dreamkeeper | Sam | tillefyzjefilm |
2005 | Medical Investigation | Walter Shephard | gastrol; ôfl. Tribe |
2005 | Into the West | de âldere Dogstar | minysearje, 4 ôfl. |
2005 | Love's Long Journey | Sharp Claw | tillefyzjefilm |
2006 | Charmed | opperhaad | gastrol; ôfl. Payback's a Witch |
2006 | Veronica Mars | Leonard Lobo | gastrol; 2 ôfl. |
2009 | Nip/Tuck | medisynman | gastrol; ôfl. Budi Sabri |
2009 | 10 Items or Less | John Greene | gastrol; ôfl. Dances with Groceries |
2010 | Castle | Cacaw Te | gastrol; ôfl. Wrapped Up in Death |
2010 | The Mentalist | Markham Willis | gastrol; ôfl. Aingavite Baa |
2012 | The Lying Game | Ben Whitehorse | weromkearende rol; 3 ôfl. |
2012 | Wilfred | Red Wolf | gastrol; ôfl. Questions |
2012 | Vegas | Don Simmons | gastrol; 2 ôfl. |
2014 | Banshee | George Hunter | weromkearende rol; 5 ôfl. |
2014 | House of Cards | Daniel Lanagin | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2015–2017 | Unbreakable Kimmy Schmidt | Virgil | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2016 | Dr. Del | Crow | tillefyzjefilm |
2017 | Animal Kingdom | Pearce | gastrol; ôfl. Betrayal |
2018-2020 | Siren | sheriff Dale Bishop | weromkearende rol; 14 ôfl. |
2018–no | Yellowstone | opperhaad Thomas Rainwater | fêste rol |
2019 | NCIS: Los Angeles | kaptein-op-see Steven Douglas | gastrol; slotôfl. fan it seizoen |
2021 | Pieces of Her | Charlie Bass | weromkearende rol |
20?? | Under the Banner of Heaven | Bill Taba | minysearje |
films | |||
1987 | House II: The Second Story | kriger | |
1996 | Le Jaguar | liifwacht fan Kumare | |
2001 | The Doe Boy | Manny Deadmarsh | |
2002 | Skins | Sonny Yellow Lodge | |
2005 | End of the Spear | Moipa | |
2007 | Cosmic Radio | stamâldste | |
2008 | Turok: Son of Stone | Nashoba | as stimakteur |
2008 | No Man's Land: The Rise of Reeker | Eaglesmith | |
2008 | Twilight | Billy Black | |
2009 | The Twilight Saga: New Moon | Billy Black | |
2010 | Love Ranch | sheriff Johnny Cortez | |
2010 | The Twilight Saga: Eclipse | Billy Black | |
2011 | Rango | Wounded Bird | as stimakteur |
2011 | Shouting Secrets | Cal Bishnik | |
2011 | The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 1 | Billy Black | |
2011 | California Indian | Charles "Chi" Thomas | |
2012 | Crooked Arrows | Ben Logan | |
2012 | The Twilight Saga: Breaking Dawn – Part 2 | Billy Black | inkeld fermeld op 'e ôftiteling |
2013 | The Lone Ranger | Red Knee | |
2016 | Hell or High Water | Alberto Parker | |
2017 | Wind River | Martin Hanson | |
2017 | The Space Between Us | medisynman Neka | |
2017 | Transformers: The Last Knight | opperhaad Sherman | |
2018 | Saint Judy | Michael Bowman | |
20?? | The Marsh King's Daughter | ? | |
fideospultsjes | |||
1999 | Command & Conquer: Tiberian Sun | Ghosttalker | as stimakteur |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Gil Birmingham
- (in) Folsleine filmografy fan Gil Birmingham yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |