Gabon
| |||||
Offisjele taal | Frânsk | ||||
Haadstêd | Libreville | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | CFA-frank (XAF) | ||||
Tiidsône | UTC 13 | ||||
Nasjonale feestdei | 12 maart | ||||
Lânkoade | GAB | ||||
Ynternet | .ga | ||||
Tillefoan | 241 |
Gabon, offisjeel de Gaboneeske Republyk, is in lân yn West-Afrika. De haadstêd is Libreville.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gabon wurdt begrinzge troch:
- Ekwatoriaal Guinee en Kameroen yn it noarden;
- Kongo-Brazzaville yn it easten en suden.
- de Atlantyske Oseaan yn it westen.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gabon leit by de evener en beskikt oer in tropysk klimaat. Meastepart fan it lân (om-ende-by 85%) is oerdekt mei reinwâlden.
Oan de kust lizze mangrovebosken dy't stadichoan oergeane yn in kustsavanne. Yn it binnenlân leit op goed 1.000 meter hichte in grut plato (it Birougou-berchtme) dat foar it grutste part bedekt is troch tropysk reinwâld. De heechste berch is Mont Ibûndy op 1575 meter hichte. It súdeasten fan it lân bestiet út drûch savannegebiet.
De langste rivier fan Gabon is de Ogooué.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neidat de Portegezen yn de twadde helte fan 15e iuw de kust fan West-Afrika ûntdekt hienen, stiften Jeropeanen oan de kust hannelsposten foar grûnstoffen- en slavenhannel. Yn 1872 waard it gebiet fan it tsjintwurdige Gabon troch de Frânsken yn besit nommen. Gabon waard mei Kongo-Brazzaville, Sintraal-Afrikaanske Republyk en Tsjaad feriene ta de Frânske koloanje Frânsk Ekwatoriaal Afrika. Yn 1945 hearde it gebiet by de "Union Francaise" en yn 1960 waard it ûnôfhinklik. De nije grûnwet foarsjocht deryn dat om de fiif jier in nij parlemint keazen wurde kin en rjochtstreekse ferkiezings fan de presidint.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gabon wurdt troch in grut ferskaat oan folken (sa'n 40 groepen) bewenne. De grutste etnyske groep is de Fang, ek wol Pangwe neamd, dêr't om-ende-by in tredde fan de befolking ta heart. Oare grutte folken binne de Adouma, Eshira, Kota en de Okande. Ien persint fan de befolking (15.000 oant 20.000 minsken) heart ta de pygmeeën, de earste bewenners fan Gabon.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It meastepart fan de befolking, sirka 60% is kristen, dêr't 52% fan roomsk-katolyk en 8% protestantsk is. Mar 1% fan de befolking is moslim. It oare part, 39% hinget in tradisjonele natoerreligy oan.