Springe nei ynhâld

Frank Lammers

Ut Wikipedy
Frank Lammers
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Frank Albertus Gerardus
   Petrus Maria Lammers
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 april 1972
berteplak Mierlo (Noard-Brabân)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Brabânsk
jierren aktyf 1992 – no
prizen Gouden Keal 2006
Prins Bernhard Kultuerpriis 2017
offisjele webside
www.franklammers.net

Frank Lammers (folút: Frank Albertus Gerardus Petrus Maria Lammers; Mierlo, 10 april 1972) is in Nederlânsk akteur en regisseur fan Brabânsk komôf. Hy is benammen bekend fan 'e reklamespotsjes foar Jumbo Supermarkten, fan syn rol as Dennis van der Horst yn 'e film Nachtrit en fan syn titelrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lammers waard yn 1972 berne yn in roomske húshâlding yn it Brabânske Mierlo, dat tusken Eindhoven en Helmond yn leit. Hy folge middelber ûnderwiis oan it Strabrecht Kolleezje yn Geldrop en studearre yn 1995 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy.

Aktearkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1998 makke Lammers de koarte film Kort Rotterdams: Temper, Temper, dêr't er it senario foar skreau en de rezjy foar die. Foar de haadrollen loek er syn goede freon Fedja van Huêt oan, en fierders Monic Hendrickx en de doe noch ûnbekende Halina Reijn. Letter datselde jiers makke Lammers sels syn debút as filmakteur yn 'e Route 2000-film fl 19,99, mei in lytse rol as dakleaze. Yn 2000 bemachtige er in gruttere rol yn Wilde Mossels. Op 'e set fan dy film rekke er goed befreone mei regisseur Erik de Bruyn.

Neitiid wie Lammers te sjen yn films as Ochtendzwemmers (2001), Polleke (2003), Shouf Shouf Habibi (2004), Het Zuiden (2004), Het Schnitzelparadijs (2005) en Het Woeden der Gehele Wereld (2006). Yn De Dominee (2004) spile er de rol fan 'e kickbokser Adri Slotemaker. Ek hie Lammers in roltsje yn 'e oarlochsfilm Zwartboek, út 2006. Underwilens boude er op alderhanne mêd oan syn karriêre, en wied er behalven yn films ek te sjen op 'e tillefyzje. Foar syn rol as Bosko, yn 'e minysearje De Enclave (oer de Fal fan Srebrenica), krige er yn 2002 in Gouden Byld, en syn haadrol as Dennis van der Horst yn 'e film Nachtrit, út 2006, waard bekroane mei in Gouden Keal yn 'e kategory bêste akteur.

Op 'e tillefyzje wurke er mei oan it sketcheprogramma Koppensnellers, wêryn't er û.m. te sjen wie as Guus út Goes, de plysje fan Arûba (yn ferbân mei de saak-Natalee Holloway) en Edwin de Roy van Zuydewijn. Ek hied er gastrollen yn 'e plysjesearjes Baantjer en Grijpstra en De Gier en Spangen, yn 'e sikehûssearje De Co-assistent en yn oare programma's, lykas Dunya en Desie, Wet en Waan, Deadline en Het Sinterklaasjournaal. Fierders wie Lammers yn 2016 te sjen yn 'e minysearje Als de Dijken Breken. Yn 2007 en 2008 fertolke Lammers de rol fan Tom yn 'e musical Route 66, njonken û.o. Juda Goslinga, Loes Haverkort en Alexandra Alphenaar.

Op it wite doek spile Lammers nei 2006 û.m. yn Eigenheimers (2007), New Kids Turbo (2010), De Bende van Oss (2011) en De Marathon (2012). Yn 'e histoaryske aventoerefilm Michiel de Ruyter, dy't regisseur Roel Reiné en filmprodusint Klaas de Jong yn 2015 makken oer de santjinde-iuwske Nederlânske seeheld mei deselde namme, fertolke Lammers de titelrol. Dy film waard in grut súkses en makke Lammers bekend by in breder publyk, yn 'e mande mei de reklamespotsjes dy't er neitiid opnaam foar Jumbo Supermarkten. Yn 2015 hied er ek de titelrol yn 'e roadmovie J. Kessels, as in sûpende, keatlingsmokende, cowboyhoeddragende sjoernalist, en yn 2016 spile er yn 'e komyske horrorfilm SneekWeek in plysjeresjersjeur dy't efter in searjemoardner oan sit.

Yn 2007 en 2008 wie Lammers op de radio te hearren yn it harkspul Bommel. As stimakteur wurke er mei oan 'e Nederlânsktalige neisyngronisaasje fan tekenfilms as Wreck-It Ralph (2012), Despicable Me 2 (2013), The Spongebob Movie: Sponge Out of Water (2015), The Angry Birds Movie (2016) en Paddington 2 (2017). Fierders stied er yn 2009 op 'e planken mei it toanielstik Cadillac Cowboy, oer it libben fan countrysjonger Hank Williams. Ek wied er tusken 2012 en 2015 dûbluere foar Martijn Fischer, dy't de titelrol hie yn 'e musical Hij Gelooft in Mij, oer sjonger André Hazes.

Njonken syn aktearwurk wie Lammers troch de jierren hinne ek ferskate kearen as presintator aktyf foar Omroep Brabant, û.m. by programma's as De Kracht van Brabant en De Canon van Lammers. Fan 2008 oant en mei 2011 wied er ambassadeur fan it festival de Brabantsedag yn Heeze. Yn 2017 krige er de Prins Bernhard Kultuerpriis takend fanwegen "syn grutte bysûndere prestaasjes en fertsjinsten foar de kultuer yn Noard-Brabân." As regisseur makke Lammers yn 2010 de teäterfoarstelling Koper, mei de Limburchske band Rowwen Hèze en popsjoernalist Leon Verdonschot. Yn 2017 waard Of Ik Gek Ben, de earste spylfilm dy't er regissearre, bekroane mei de priis foar bêste film op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Footcandle, yn 'e Amerikaanske steat Noard-Karolina.

Lammers is troud mei de skriuwster Eva Posthuma de Boer. Mei har hat er in dochter, berne yn 2004.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1990 Ko de Boswachtershow ? gastrol; ôfl. De Kippenfokkerversnipperaar
1998 Baantjer Milan Tolimir gastrol; ôfl. De Cock en de Vermoorde Onschuld
1999 Spangen Lars Bierman gastrol; ôfl. Foute Vrienden
1999–2000 BNN Look A Like 11-tal coach Frenk
2000 Wildschut & De Vries Milko gastrol; ôfl. Zware Benen
2000–2001 All Stars Berrie fêste rol 3e seizoen; 14 ôfl.
2001 Ochtendzwemmers Herman tillefyzjefilm
2002 Intensive Care Erik Klein gastrol; ôfl. De Grens
2002 De Enclave Darko Bokan tillefyzjefilm
2003 Wet & Waan Mischa gastrol; ôfl. Het Geheim van de Raadkamer
2003 Het Wonder van Máxima plysjeman Decker tillefyzjefilm
2004 Dunya & Desie Tonnie van Bruggen gastrol; ôfl. Dunya en Desie Forever
2005 Grijpstra & De Gier Paul van der Bildt gastrol; ôfl. My Funny Valentine
2006 Koppensnellers ferskaat komysk sketcheprogramma; 8 ôfl.
2006 Eigenheimers Jaap van Elsakker tillefyzjefilm
2007–2010 Comedy Central voice-over
2008 Sterke Verhalen uit Zoutvloed Tepper weromkearende rol; 5 ôfl.
2009 De Co-assistent Patrick Wezendonk gastrol; ôfl. De Bevalling
2009 Echt Niet?! himsels as presintator
2009–2010 Van Zon op Zaterdag ferskaat komysk sketcheprogramma
2010 Deadline Ype Sleeswijk weromkearende rol; 3 ôfl.
2010 De Kracht van Brabant himsels as presintator
2011 Levenslied Bert weromkearende rol; 7 ôfl.
2011 The Passion Judas Iskariot tillefyzjespecial
2011 Bon Voyage Tom tillefyzjefilm
2012–2014 Crimi Clowns de Patron weromkearende rol; 7 ôfl.
2013 Sinterklaasjournaal bistefersoarger gastrol
2016 Als de Dijken Breken Willem Wienesse minysearje
2018 Sinterklaasjournaal sûvenirferkeaper gastrol
2019–no Undercover Ferry Bouman fêste rol
2020 Nieuw Zeer ? gastrol
2019–2021 De Alleskunner voice-over realitytillefyzjeprogramma
2020–2021 Familie Gillis: Massa is Kassa voice-over realitytillefyzjeprogramma
films
1998 fl. 19,99 dakleaze
2000 Wilde Mossels Daan
2000 De Zwarte Meteoor Wezelkop
2000 Nachtwacht Vermeer
2001 De Grot René
2003 Grimm boer
2003 Polleke master Wouter
2003 De Passievrucht Dees
2004 Het Zuiden Loe de Koning
2004 Shouf Shouf Habibi! Chris
2004 De Dominee Adri Slotemaker
2005 Flirt Egbert-Jan
2005 Het Schnitzelparadijs Willem
2005 Leef! BMW-bestjoerder
2005 Racing Stripes ? as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2006 Het Woeden der Gehele Wereld ynspekteur Duivetrap
2006 Zwartboek Kees
2006 Nachtrit Dennis van der Horst
2007 Nadine Vince
2008 Mafrika Frank
2009 Suske en Wiske: De Texas Rakkers Lambik as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2010 Lex Lex
2010 New Kids Turbo baas van Richard en Robbie
2011 Rundskop bistedokter Sam Raymond
2011 De President Krasimir
2011 De Bende van Oss Harry den Brock
2012 De Marathon Kees
2012 Wreck-It Ralph Ralph as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2013 Crimi Clowns: De Movie de Patron
2013 Despicable Me 2 El Macho as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014 The Boxtrolls Archibald Snatcher as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2014 Onder het Hart Rogier
2015 Michiel de Ruyter admiraal Michiel de Ruyter
2015 J. Kessels J. Kessels
2015 The SpongeBob Movie: Sponge Out of Water    Burger Beard as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2015 Phantom Boy man mei misfoarme antlit as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016 SneekWeek resjersjeur Van Velzen
2016 The Angry Birds Movie Mighty Eagle as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016 Of Ik Gek Ben n.f.t. regisseur
2016 De Helleveeg Nico van Dartel
2016 The Secret Life of Pets Duke as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2016 Sing Big Daddy as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2017 Hotel De Grote L heit
2017 Paddington 2 Knuckles McGinty as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018 All You Need Is Love Ernst
2018 Chasing Windmills kaptein Holland Amerika Lijn   
2018 Ralph Breaks the Internet Ralph as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2018 D-railed gasthear
2018 Spider-Man: Into the Spider-Verse Spider-man Noir as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019 Klaus Klaus as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2019 The Secret Life of Pets 2 Duke as stimakteur, Nederlânsktalige neisyngronisearring
2020 Groeten van Gerri Gerri van Vlokhoven ek regisseur
2021 Ferry Ferry Bouman
2021 Herrie in Huize Gerri Gerri van Vlokhoven ek regisseur

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.