Dzjibûty
| |||||
Offisjele taal | Arabysk, Frânsk | ||||
Haadstêd | Dzjibûty | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | Somaliërs 60%, Afar 35% | ||||
Munt | Djibûtyaanske frank (DJF) | ||||
Tiidsône | UTC +3 | ||||
Nasjonale feestdei | 27 juny | ||||
Lânkoade | DJI | ||||
Ynternet | .dj | ||||
Tillefoan | 253 |
Dzjibûty is in lân yn it easten fan Afrika. De haadstêd hjit ek Dzjibûty.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dzjibûty hat in hiel lange skiednis. De âlde Egyptners hannelen mei de minsken fan Poent wat nei alle gedachten yn distiid Eritrea, Dzjibûty en Noard-Somaalje foarmet. Dêrnei kamen de Arabieren, dy't oant hjoed-de-dei noch in soad ynfloed hawwe.
Yn de 19e iuw stifte Frankryk in protektoraat yn it gebiet, dat de namme Frânsk Somalilân krige. Yn 1967 waard dy namme wizige yn Afar- en Issalân (Territoire français des Afars et Issas) dat yn 1977 selsstannigens krige ûnder de namme Dzjibûty.
In fredesakkoard yn 2001 makke in ein oan in tsien jier doarrende opstân troch Afar-rebellen.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dzjibûty leit yn noardeast Afrika oan de Golf fan Aden oan it begjin fan de súdlike yngong fan de Reade See. De kuststripe fan Dzjibûty is 113 km lang, de grins mei Eritreä 109 km, mei Etioopje 349 km en mei Somaalje 58 km.
It lân bestiet foar it meastepart út stiennige woastinen, mei fersprate flakten en heechlannen. De wichtichste rivieren binne de Essalou, de Ouâhayyi en de Sadaï.
It leechste punt fan it lân is de Assalmar, in kratermar mei in sâlthalte fan 35%, dat mei -155 meter tagelyk it leechste punt fan hiel Afrika is. De berch Moussa Ali is mei 2028 meter it heechste punt.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De befolking fan Dzjibûty bestiet út twa etnyske groepen, te witten de Afar dy't sawat 35% fan de befolking foarmet en de Somaaljers (benammen de Issa-clan) wêrfan de Somaaljers de mearderheid foarmje mei goed 65-70%. Fierders wenne der noch wat Jeropeanen (meastepart Frânsken en Italjanen), Arabieren en Etioopjers.
De offisjele talen binne Frânsk en Arabysk, de measte bewenners sprekke Somalysk en Afar.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sawat de hiele befolking is Moslim, útsein in lyts persintaazje Kristenen.