Dessau
Dessau | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Steat | Saksen-Anhalt |
Gemeente | Dessau-Roßlau |
Sifers | |
Ynwennertal | 77.394 (2006) |
Oerflak | 182,81 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 420 / km² |
Stêdekloft | (2012) |
Hichte | 61 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | www.dessau-rosslau.de |
Dessau wie in stedsdistrikt yn it easten fan de Dútske dielsteat Saksen-Anhalt. Oant 1945 wie Dessau de haadstêd fan de steat Anhalt. Op 1 july 2007 is it plak in part wurden fan de nije kreisfreie Stadt Dessau-Roßlau. It stedsdiel Dessau leit oan de iggen fan de rivier de Mulde, dy't benoarden de stêd útmûnet yn de Elbe.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De hannelsdelsetting ûntstie ein 12e iuw by de krusing fan lân- en wetterwegen by in tal forten oan de Elbe en de Mulde. De namme waard yn 1213 foar it earst neamd yn in oarkunde.
Yn de njoggentjinde iuw kaam dêr de yndustry opsetten. Yn de Earste Wrâldoarloch wie Dessau bekend as it plak dêr't de fleantugen fan Fokker makke waarden. Ek yn dy snuorje stichte Hugo Junkers syn fleantúchfabryk dêr, Junkers & Co.
Lykas in protte Dútske stêden waard ek Dessau oan de ein fan de Twadde Wrâldoarloch swier bombardearre troch de Alliearden. Ungefear 80 prosint fan de binnenstêd waard ferwoastge en de measte yndustry ek. Tusken 1949 en 1990 hearde Dessau by de DDR.
Dessau is fral bekend fan de keunsthegeskoalle Bauhaus. Dy ferhuze yn 1925 út Weimar wei nei it nij oplevere Bauhaus-gebou yn Dessau, dat wrâldferneamd waard yn de arsjitektuerwrâld. De hegeskoalle sels waard yn 1932 alwer nei Berlyn ferpleatst en yn 1933 fanwege de Nazys opheft.
It besjen wurdich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In besite wurdich binne ûnder oaren it Slot Dessau, dêr't yndertiid de hartoggen wennen, en de Marijetsjerke út de 16e iuw.
Ferskaat oan objekten yn en om Dessau, lykas it Bauhausgebou en de Meisterhäuser dy't dêr by hearre, binne ûnderdiel fan it Dessau-Wörlitzer kultuerlânskip, dat yn 2000 op de wrâlderfgoedlist fan de UNESCO opnaam waard.
-
Dessau oan de Mulde
-
De 'Jachtbrêge' oer de Mulde (út 1993)
-
Goatysk hûs mei Ingelske tún
-
Teäter fan Anhalt
-
Riedhûs fan Dessau
Sport en rekreaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jeropeeske kuierrûte E11 rint troch Dessau. De E11 rint fan De Haach nei it easten ta oant de grins Poalen/Litouwen.
Berne yn Dessau
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Joachim Ernst fan Anhalt (20 oktober 1536), foarst fan Anhalt-Zerbst en Anhalt-Dessau
- Loadewyk I fan Anhalt-Köthen (1579), foarst fan Anhalt-Köthen
- Johan Casimir fan Anhalt-Dessau (7 desimber 1596), foarst fan Anhalt-Dessau
- Johan George II fan Anhalt-Dessau (17 novimber 1627), foarst fan Anhalt-Dessau
- Leopold I fan Anhalt-Dessau (3 july 1676), foarst fan Anhalt-Dessau
- Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz (4 augustus 1687), foarst fan Nassau-Dietz en steedhâlder fan Grinslân en Fryslân
- Leopold II Maximiliaan fan Anhalt-Dessau (25 desimber 1700), foarst fan Anhalt-Dessau
- Moses Mendelssohn (6 septimber 1729), Dútsk-Joadsk filosoof
- Leopold III Frederik Frans fan Anhalt-Dessau (10 augustus 1740), hartoch fan Anhalt-Dessau
- Samuel Heinrich Schwabe (25 oktober 1789), astronoom
- Leopold IV Frederik fan Anhalt (1 oktober 1794), hartoch fan Anhalt-Dessau
- Wilhelm Müller (7 oktober 1794), dichter
- Carl von Basedow (28 maart 1799), dokter
- Max Müller (6 desimber 1823), Dútsk-Britsk oriïntalist en filolooch
- Frederik I fan Anhalt (29 april 1831), hartoch fan Anhalt
- Adelheid Marie fan Anhalt-Dessau (25 desimber 1833), Gruthartoginne-gemalin fan Lúksemboarch
- Leopold Frederik fan Anhalt (18 juli 1855), prins fan Anhalt
- Frederik II fan Anhalt (19 augustus 1856), hartoch fan Anhalt
- Eduard fan Anhalt (18 april 1861), hartoch fan Anhalt
- Maximilian von Weichs (12 novimber 1881), fjildmaarskalk
- Kurt Weill (2 maart 1900), Dútsk-Amerikaansk komponist
- Joachim Ernst (11 jan. 1901), hartoch fan Anhalt
Bining mei Dessau
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hugo Junkers (1859–1935), yngenieur en ûndernimmer, oprjochter fan fleantúchfabryk Junkers
- Walter Gropius (1883–1969), ien fan de stichters fan moderne arsjitektuer (Bauhaus)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dessau-Roßlau fan Wikimedia Commons. |