De Vrijheid (Skiedam)
De Frijheid | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Schiedam | |
adres | Noordvest 40 | |
koördinaten | 51° 55' N 4° 23' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 26,60 m | |
boujier | 1785/1974 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 33268 [1] | |
Webside | ||
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens | ||
Kaart | ||
De Frijheid is ien fan 'e hege stedsmûnen yn it Súd-Hollânske plak Skiedam. De mûne stiet oan 'e Noordvest
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Frijheid waard yn 1785 foar in tal stokerijen tusken de ek tsjintwurdich noch besteande mûne 'De Noord' en de yn 1823 nei in brân ôfbrutsen mûne De Star boud. Oare stokerijen hiene net in soad op mei dy nije mûne; hja wiene benaud dat dy troch de hichte en breedte de wynfang foar de oare mûnen beheine soe. De mûne mealle oant 1917 foar de stokerijen.
Sûnt 1917 sette de nije eigner Cornelis Antonius Knock útein mei it meallen fan feefoer. De mûne ûndergyng in restauraasje yn 1939 en yn 'e hongerwinter fan 1944-1945 mealle de mûne earten en beannen foar de gearkoken. Nei de Twadde Wrâldkriich rekke de mûne bûten bedriuw en yn 1960 kocht de gemeente Skiedam de mûne oan.
In tal frijwilligers knapte de mûne op en yn 1974 wie de mûne wer mealfeardich en fol yn bedriuw. De ynrjochting fan 'e Frijheid is kompleet as moalfabryk en útrist mei trije koppel stiennen, werfan ien mei elektryske oandriuwing.
Hjoed-de-dei is de stifting 'De Schiedamse Molens' eigner fan 'e Frijheid, dy't alle dagen foar ferskate bakkers, stokerijen, horeka en mûnewinkels yn bedriuw is.
Oare mûnen yn Skiedam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|