Springe nei ynhâld

De Palmboom

Ut Wikipedy
De Palmbeam
mûne / mole
lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Schiedam
adres Noordvest 34
koördinaten 51°55' N 4°23' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje moutmûne
flecht 26,90 m
boujier 1781; weropbou 1991-1993
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33267 [1]
Webside
Side fan de Stifting De Schiedamse Molens
Kaart
De Palmboom (Skiedam-Sintrum)
De Palmboom

De Palmbeam is in rûne stiennen stellingmûne yn 'e Súd-Hollânske stêd Skiedam.

Oarspronklik waard de mûne boud yn 1781 om foar de jeneverstokerijen mout te meallen. Yn 1901 sloech by in brân yn 'e omkriten in fonk oer op 'e mûne, dy't dêrnei folslein útbaarnde. De mûneromp bleau lykwols bewarre en yn 'e jierren 1991-1993 waard de mûne wer hielendal opboud, dy't doe de namme "De Nieuwe Palmboom" krige.

Oant 2018 hie de mûne in museumfunksje, dy't yn febrewaris fan dat jier oergyng op De Walfisk, dy't foar dat doel earst ferboud waard. Sûnt hjit de mûne wer de Palmbeam. Tichteby de mûne steane oan it wetter De Noard en De Frijheid. Yn 'e mûne is ek kantoarromte en in romte dy't oan partikulieren ferhierd wurde kin.

Gevelstien mei palmbeam.

De Palmbeam is útrist mei trije mealkoppels en in mingtsjettel. Fierder is der in elektryske túchôfsûchynstallaasje oanwêzich. De roeden hawwe in flecht fan 26,70 meter. Der wurdt nôt en mout mealle foar de stokerijen en de bakkers yn 'e omjouwing.

Sûnt 1978 is de mûne in ryksmonumint. Yn 'e muorre is in gevelstien mei in palmbeam en opskrift oanbrocht.

Oare mûnen yn Skiedam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: