Springe nei ynhâld

De Marne (gemeente)

Ut Wikipedy
De Marne

Verhildersum
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Grinslân
sifers en geografy
haadplak Liens
grutste plak Liens
ynwennertal 10.013 (31 desimber 2018)
befolkingstichtens 60 / km²
oerflak 167,45 km²
tal doarpen 34
ferkearsieren N361
skiednis
oprjochte 1990
Foar 1990 Liens
Eenrum
Ulrum
Kloosterburen
opheft 2019
opgien yn It Hegelân
no part fan It Hegelân
oar
netnûmer 0519, 0595
postkoade 9960-9978
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
It wrâldferneamde oargel fan Albertus Antoni Hinsz yn de tsjerke fan Liens

De Marne is in eardere gemeente in it noardwesten fan de provinsje Grinslân. De gemeente beslacht in oerflak fan 167,45 km². It ynwennertal wie yn desimber 2018 10.013 (1995: 11.088; 2000: 10.870). It is in typyske plattelânsgemeente. Ta de gemeente hearde it Grinslanner diel fan de Lauwersmargebiet. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 gei de gemeente mank mei de gemeenten Bedum, Winsum en Iemsmûn op yn de nije fúzjegemeente It Hegelân.

De Marne lei yn it noardwesten fan Grinslân. Oan de noardkant grinzge de gemeente oan de Waadsee, yn it easten oan de gemeente Winsum. It Ryddjip foarme de grins mei de gemeente Súdhorn yn it suden, wylst de Lauwersmar de grins foarme mei de doetiidske Fryske gemeenten Dongeradiel en Kollumerlân.

It gemeentehûs yn Liens

De gemeente wie tinbefolke. De twa grutste doarpen, Ulrum en Liens komme net boppe de 2.000 ynwenners út. De lytste kearn, Broek, telt goed 60 ynwenners. De delsettingen lizze hast allegear op de eardere kwelderwâl. Dy kwelderwâlen, fan orizjine allegearre eardere kustlinen dy't fan west nei east rinne, binne mei wat ynspanning noch yn it lânskip werom te kennen.

De gemeente bestie út de plakken: Aldedyk, Bokum, Broek, Douwen, Eenrum, Ewer, Fjouwerhuzen, Flydoarp, Griissleat, Grut Maarslach, Hornhuzen, Houwersyl, Kaakhorn, Lytse Hûskes, Lyts Maarslach, Kleasterbuorren, Krúswei, Lauwerseach, Liens, Menskewear, Nijtsjerk, Piterbuorren, Riich, Rohoan, Sâltkamp, Skouwen, Skouwersyl, Stoart, Suerdyk, Ulrum, Waaierhuzen, Warfhuzen, Wehe-den Hoorn, Westernieland, .

Us-Leaffrou fan de Besletten Tún, doel fan de pylgers nei Warfhuzen

De namme fan de gemeente ferwiist nei ien fan de oarspronklike kertieren fan Hunzegoa. Al hearde it gebiet fan de eardere gemeente Eenrum net ta it histoaryske De Marne.

Benammen it súdlike stik, fuort boppe it Ryddjip, hat al in tige lange bewenningsskiednis. De wier fan Ewer datearret fan om it begjin fan de jiertelling.

Oarspronklik streamde de Hunze noardwerts troch it gebiet. Nei de foarming fan de Lauwerssee, ± 800, ûntstie der in trochbrek fan dy see nei de Hunze. De Marne waard sadwaande in eilân. Dat soe it bliuwe oant ± 1200, de âlde Hunzemûning slibbe stadichoan ticht en waard úteinlik ôfdike.

De gemeente De Marne is yn 1990 ûntstien út in gemeentlike weryndieling fan de gemeenten Leens, Eenrum, Ulrum en Kleasterbuorren. Dy gemeente hiet eartiids Ulrum, mar hat syn namme yn 1992 feroare yn De Marne, nei de it lykneamde ûnderkertier fan Hunzegoa. Mei yngong fan 1 jannewaris 2019 fusearren de gemeenten Bedum, De Marne, Iemsmûn en Winsum ta de nije gemeente It Hegelân (Het Hogeland).

It gebiet fan de eardere gemeente heart fanâlds ta de wichtichste lânbougebieten fan Grinslân. De streek wurdt skaaimerke troch relatyf grutte ikkerboubedriuwen. By de kust del profitearren de boeren fan it rjocht fan optrekkende heerden.

Neist de lânbou is yn Sâltkamp de fiskerij fan belang. It plakje is benammen bekend troch de grenatefangst.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grutste publykslûker yn de gemeente is de seehûnekrès yn Piterbuorren. Binnen de gemeente hawwe ea 15 boargen stien. Verhildersum by Leens is de ienige dy't dêrfan oerbleaun is. Ek yn Liens stiet de Romaanse Petrustsjerke mei it wrâldferneamde oargel fan Albertus Antoni Hinsz.

Eenrum is in beskerme doarpsgesicht. Warfhuzen is Nederlânsk noardlikste marijebeafeartsplak. It hillichdom fan Us Leaffrou fan de Besletten Tún dêre is ek kapel fan de pleatslike Klûs en herberget in oermjittich barokynterieur. It tsjerkje fan Fjouwerhuzen is in trekpleister wurden sûnt it yn 2006 troch tv-sjoggers keazen waard yn in restauraasje-priisfraach.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In de earste helte fan de tweintichste iuw wie De Marne oansluten op it spoar. Tusken Sâltkamp en Winsum rûn doe de Marneline. Dizze line waaard yn de oarloch sluten, en de line waard opbrutsen. It ferfier waard oernomd troch de bussen fan de Marnetsjinst, letter fan de GADO en Arriva. Tsjintwurdich wurde de tsjinsten fersoarge troch Qbuzz, útsein de busferbining Lauwerseach- Dokkum - Ljouwert, dy't troch Connexxion riden wurdt.

Linen yn de gemeente De Marne:

  • line 50: Lauwerseach - Eanjum - Dokkum - Aldtsjerk - Gytsjerk - Ljouwert
  • line 65: Grins - Adorp - Sauwerd - Winsum - Eenrum - Wehe den Hoorn - Liens - Ulrum - Sâltkamp
  • line 67: Winsum - Eenrum - Wehe den Hoorn - Kleasterbuorren - Hornhuzen
  • line 68: Winsum - Baflo - Den Andel - Westernieland - Piterbuorren - Broek - Lytse Hûskes - Kleasterbuorren - Hornhuzen - Liens
  • line 69: Warffum - Den Andel - Westernijlân - Piterbuorren - Broek - Eenrum
  • line 99: Liens - Suerdyk - Houwersyl - Sâltkamp - Fjouwerhuzen (Flexbus)
  • line 163: Groningen - Adorp - Sauwerd - Winsum - Wehe den Hoorn - Liens - Ulrum - Lauwerseach (sneltsjinst nei it fear nei Skiermûntseach)
  • line 165: Grins - Adorp - Sauwerd - Winsum - Wehe den Hoorn - Liens - Ulrum - Sâltkamp (sneltsjinst)
  • line 665: Fjouwerhuzen - Ulrum (skoalbus)
  • line 668: Liens - Hornhuzen - Kleasterbuorren - Lytse Hûskes - Broek - Piterbuorren - Westernijlâan - Den Andel - Warffum (skoalbus)

Line 65 is de wichtichste line, yn Winsum jout dizze in goede oansluting op de trein nei Grins.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Commons Commons: De Marne – foto, fideo en harktriemmen

Offisjele hiemside fan de gemeente