Colt .45 (revolver)
Colt .45 | ||
algemiene ynformaasje | ||
offisjele namme | Colt Single Action Army | |
oare namme(n) | M1873; Peacemaker | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type wapen | revolver | |
tsjinstskiednis | ||
brûkt troch | de Feriene Steaten | |
tsjinstwapen | 1872–1892 | |
konflikt(en) | Yndiaanske Oarloggen Spaansk-Am. Oarloch | |
ûntwerpskiednis | ||
ûntwerper | William Mason en Charles B. Richards | |
ûntwurpen | 1872 | |
fabrikant | Colt's Manufacturing Co. | |
yn produksje | 1873–1941, 1956–1974 & 1976–no | |
farianten | >30 | |
spesifikaasjes | ||
gewicht | 1.048 g (mei 7½ inch-loop) | |
lingte | 27,9 sm (mei 5½ inch-loop) 31,8 sm (mei 7½ inch-loop) |
De Colt .45 (de punt stiet foar "kaliber"), offisjeel de Colt Single Action Army (SAA) of de M1873, en byneamd de Peacemaker ("Fredesstifter"), is in ienskots-revolver fan Amerikaanske makkelei, mei in draaiende sylinder dy't seis metalene patroanen tagelyk befetsje kin. Dit wapen waard ûntwurpen troch William Mason en Charles Brinckerhoff Richards foar de Colt's Manufacturing Company fan Samuel Colt, nei't it oktroai op trochboarre revolversylinders foar metalene patroanen fan Smith & Wesson yn 1869 ferrûn wie. De Colt .45 hat in gewicht fan 1.048 g, en in lingte fan 27,9 sm (it model mei de loop fan 5½ inch) of 31,8 sm (it model mei de loop fan 7½ inch). Yn 1872 waard dit ûntwerp fan 'e Colt .45 by oktroai fêstlein, wêrnei't yn 1873 mei massaproduksje úteinset waard. De Colt .45 waard tige by tige populêr en ûntjoech him ta in symboal fan it Wylde Westen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Colt .45 waard op 'e merk brocht ta ferfanging fan 'e âlde Colt .44 (offisjeel Colt 1860 Army Percussion Revolver), in bombidiger model mei in opfallend langere loop, wêrby't de keamers fan 'e sylinder fanôf de foarkant laden wurde moasten yn in frijwat langduorjend proses. De wichtichste konkurrint fan 'e Colt .45 wie de Smith & Wesson Model 3 "Schofield"-revolver, dy't it foar de Colt oer lykwols net hâlde koe. Tsjin ein 1874 wie foar it nije wapen searjenûmer 16.000 al berikt. Dêrfan wiene doe 12.500 oan it leger levere, wylst 3.500 troch partikulieren oanskaft wiene.
Hoewol't de Colt .45 spesifyk ûntwurpen wie foar gebrûk troch it Amerikaanske Leger (en fan 1872 oant 1892 ek it standerttsjinstwapen wie), krige it grutte populariteit ûnder de Amerikaanske boargerbefolking, en wie it it meast ferneamde en meast brûkte hânfjoerwapen út 'e heechtijdagen fan it Wylde Westen (1870-1900). Cowboy's, ranchers, sheriffs en banditen, allegear mochten se graach oer de sekuere en gebrûksfreonlike Colt .45. Sadwaande kaam dit wapen bekend te stean as The Gun That Won The West ("it wapen dat it Westen wûn hat"), en wurdt it noch altyd beskôge as in wichtich stikje Americana.
De Colt .45 waard produsearre fan 1873 oant 1941, dêrnei nochris fan 1956 oant 1974 (de saneamde "Twadde Generaasje Colt .45"), en doe wer fan 1976 oant hjoed (de saneamde "Trêde Generaasje Colt .45"). It alderearste eksimplaar, mei searjenûmer 1, waard nei de ferkeap lange tiid ferlern waand, oant it koart nei 1900 weromfûn waard yn in skuorre yn Nashua, yn 'e Amerikaanske steat Nij-Hampshire. Troch de jierren hinne is de Colt .45 yn mear as 30 ferskillende modellen makke, mei in ferskaat oan looplingten. Lykwols is it totaalbyld fan dit wapen sûnt 1873 itselde bleaun. De measte tsjintwurdich produsearre eksimplaren wurde ferkocht oan wapensamlers en lju dy't histoaryske foarfallen neispylje. It ûntwerp fan 'e Colt .45 hat in grutte ynfloed hân op lettere hânfjoerwapens.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Side oer de Colt .45
- (in) Omskriuwing fan 'e Colt .45 en al syn ûnderdielen troch it Amerikaanske Ministearje fan Oarloch (1913)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.
|