Springe nei ynhâld

Brandemar (De Fryske Marren)

Ut Wikipedy
Petgatten yn de Brandemar

De Brandemar is in mar en natoergebiet yn De Fryske Marren. Troch de westlike Wâldsleat hat de mar ferbining mei de Ie. Oan de eastkant kin men fia de Hjerringsleat en de Riensleat yn de Grutte Brekken komme.

De Brandemar is in natoergebiet fan sirka 450 hektare mei reid-, greiden en petgatten. De petgatten binne ûntstien by de turfwinning yn de 19e en yn de 20e iuw yn it gebiet. Troch it ôfgraven fan stripen fean ûntstienen langhalige plassen. In diel fan de petgatten yn de Brandemar is wer ferlâne ta in sompich boskgebiet. It gebiet wurdt oan de noardwestside begrinze troch de Tsjonger (of Kúnder) en oan de súdwestside troch de Heloma- (of Jonkersfeart). De Brandemar is, as leechfeanmoerasgebiet, in skeakel yn de ekologyske haadstruktuer. It gebiet grinzet oan de Rottige Meente, krektas de Brandemar ûntstien as gefolch fan de turfwinning en foarmet mei de Weerribben yn de kop fan Oerisel in grut, min ofte mear oaniensluten, natoergebiet. Mei de Rottige Meenthe is de Brandemar oanwiisd as Habitatrjochtlinegebiet.

It gebiet wurdt beheard troch Steatsboskbehear. Noardlik fan it natoergebiet De Brandemar leit in rûne plasse, dy't ek Brandemar neamd wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: