Springe nei ynhâld

Boete (jildstraf)

Ut Wikipedy
Boete foar te hurd riden, Bois de Boulogne, Parys
Anna Palm de Rosa (1859-1924)

In boete of jildboete is de betelling fan in jildbedrach dat troch in hegere autoriteit (meastal de oerheid) oan in persoan oplein wurdt by wize fan bestraffing foar in misdriuw of oare wetoertrêding.

De hichte fan in boete kin per saak fêststeld wurde, mar is yn 'e regel yn 't foar bekend. Ornaris binne it lichtere fergripen dy't bestraft wurde mei in jildboete, lykas wyldpisjen of ferkearsoertrêdings (foar te hurd riden, parkearjen dêr't dat net mei, ensfh.). Swierdere fergripen wurde bestraft mei in taakstraf of in finzenisstraf. Ek in kombinaasje fan in jildboete mei in taakstraf en/of in finzenisstraf komt foar

Oer it algemien jildt: wat slimmer it misdriuw, wat heger de boete. Under it Nederlânske strafrjocht kin maksimaal in boete fan €780.000 oplein wurde. Jildboetes kinne troch de rjochter ek ynset wurde om 'e dieder fan in misdriuw te twingen ta finansjele skeafergoeding fan it slachtoffer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.