Springe nei ynhâld

Bloedbroer

Ut Wikipedy
De Noarske kriger Örvar-Oddr nimt ôfskie fan syn bloedbroer, de Sweedske kriger Hjalmar, op in skilderij fan Mårten Eskil Winge út 1866.

Bloedbroer is in term dy't ferwize nei twa dingen: in man oan wa't men troch berte út deselde âldelju besibbe is, of in man oan wa't men net besibbe is, mar mei wa't men in wjerssidige eed fan trou ôflein hat. Yn 'e regel giet it om 'e twadde útlis, mei't foar de earste betsjutting de tafoeging 'bloed-' oerstallich is. Bloedbruorskip wurdt sadwaande ornaris útlein as in foarm fan freonskip dy't sa nei is dat twa manlju oanstriid fiele om der seremoniële bekrêftiging oan te jaan.

Bloedbruorren wurdt men yn 'e moderne tiid yn 'e regel troch in ritueel út te fieren dat bekendstiet as in 'bloedeed. Dêrby meitsje de beide mannen in lytse sneed yn harren lichem, ornaris yn 'e ûnderearm of de hân, wêrnei't de beide wûnen opinoar drukt wurde, sadat harren bloed him fermingt. It idee dêrefter is dat it bloed fan jins bloedbroer dan ek troch jins eigen ieren floeit, wat logysk besjoen gjin hout snijt om't bloed inkeld út in wûne streamt en net deryn. Dit ritueel kin medysk riskant wêze om't bloedsykten sa wol oerdroegen wurde kinne.

It ferskynsel 'bloedbroerskip' is benammen bekend út fiksje. De bekendste bloedbruorren yn 'e moderne Westerske kultuer binne de haadpersonaazjes út 'e boeken fan 'e Dútske skriuwer Karl May oer it Wylde Westen: de Dútske ymmigrant Old Shatterhand en it Yndiaanske opperhaad Winnetou. In oar foarbyld is it bloedbruorskip fan Gunter en Siegfried yn 'e operasyklus Der Ring des Nibelungen, fan Richard Wagner.

In foarm fan bloedbroerskip dy't pleechbroerskip (Iislânsk: fóstbræðralag) neamd wurdt, komt foar yn 'e Aldnoarske sêgen. Dy bân waard bekrêftige troch in hiel oar ritueel: in stripefoarmige gersseadde waard omheech holden mei twa spearen, en de bloedbruorren dûkten dêr ûndertroch wylst se út selstabrochte wûnen bletten. In bekend foarbyld fan sa'n soarte bloedbroerskip komt foar yn 'e Sêge fan Örvar-Oddr, wêryn't de Noarske kriger Örvar-Oddr bloedbruorren wurdt mei de Sweedske kriger Hjalmar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.