Springe nei ynhâld

Binnenlân fan Alaska

Ut Wikipedy
Binnenlân fan Alaska
polityk
soarte gebiet regio
lân Feriene Steaten
steat Alaska
borough ferskaten, sjoch tekst
haadplak gjint
grutste plak Fairbanks
sifers
ynwennertal 112.024 (2010)
oerflak 494.247 km²
befolkingstichtens 0,2 / km²
oar
tiidsône UTC –9
simmertiid UTC –8

It Binnenlân fan Alaska (Ingelsk: Interior Alaska of the Alaskan Interior) is de sintrale en ek de grutste regio fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It is in tinbefolke gebiet dat foar it meastepart út ûnoantaaste wyldernis bestiet. It grutste plak yn it Binnenlân fan Alaska is Fairbanks, dat de op ien nei grutste stêd fan Alaska is. De oarspronklike befolking wurdt foarme troch ferskate lytse Yndiaanske etnyske groepen, dy't allegear ta de Atapasken hearre.

It Binnenlân fan Alaska is de sintrale regio op it fêstelân fan Alaska, dy't yn it easten begrinzge wurdt troch de grins mei it Kanadeeske territoarium Yukon. Yn it noarden wurdt it gebiet rûchwei ôffrede troch it Brooks-berchtme, en yn it suden ferfollet it Alaskaberchtme dyselde rol. Oare berchtmen yn it gebiet binne it Endicott-berchtme, in súdlike útrinner fan it Brooks-berchtme, en it Wrangell-berchtme, dêr't it Alaskaberchtme yn it súdeasten yn oergiet. Yn it westen wurdt it Binnenlân fan Alaska fierhinne begrinzge troch de bocht nei it suden fan 'e rivier de Yukon.

Toendra mei markes en yn 'e fierte de toppen fan it Alaskaberchtme, sjoen fanôf de Denali Highway.

Sawol it Alaskaberchtme as it Wrangell-berchtme hearre ta de noardlike Rocky Mountains. It heechste punt fan it Binnenlân fan Alaska is de Denali (foarhinne bekend as de Mount McKinley), de heechste berch fan Noard-Amearika mei in hichte fan 6.191 m. Dy leit yn it Alaskaberchtme en foarmet it mulpunt fan it ferneamde Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali. Ek de dellingen fan 'e rivieren de Tanana en de Koyukuk en it grutste part fan it streamgebiet fan 'e grutte Yukon hearre ta it Binnenlân.

It Binnenlân fan Alaska is de grutste regio fan Alaska, mei in oerflak fan 494.247 km². Bestjoerlik bestiet it út twa boroughs (distrikten), te witten: Fairbanks North Star Borough en Denali Borough. De rest fan it gebiet heart ta de Unorganized Borough, in ûnbidich grut en geografysk net oaniensletten diel fan Alaska dat streekrjocht troch it steatsregear yn Juneau bestjoerd wurdt. It diel fan it Binnenlân fan Alaska dat yn 'e Unorganized Borough leit, foarmet de folkstellingsgebieten Southeast Fairbanks Census Area en Yukon-Koyukon Census Area.

It Binnenlân fan Alaska bestiet foar it meastepart út ûnoantaaste wyldernis fan nullewâld en toendra mei permafrost, en is tige tinbefolke. Yn totaal bestie de befolking fan it gebiet yn 2010 út 112.024 minsken. De befolkingstichtens kaam dêrmei út op 0,2 persoanen de km². It grutste plak fan it Binnenlân fan Alaska is de stêd Fairbanks, dat mei 32.000 ynwenners nei Anchorage de grutste stêd fan Alaska is. Oare plakken fan belang yn it Binnenlân fan Alaska binne: College, North Pole, Eagle, Tok, Glennallen, Delta Junction, Nenana, Anderson, Healy en Cantwell.

Hjerst yn it Binnenlân fan Alaska.

Oarpronklik waard it Binnenlân fan Alaska bewenne troch njoggen lytse Yndiaanske folken dy't allegear in Noardatapaskyske taal sprekke. Dat binne de Han (Hän), Holikatsjûk (Holikachuk), Ingalik (Ingalik, Deg Hit’an of Deg Xinag), Kojûkon (Koyukon), Koltsjan (Kolchan of Upper Kuskokwim), Kûtsjin (Kutchin of Gwich’in), Opper-Tanana (Upper Tanana), Tanakros (Tanacross) en Tanana of Neder-Tanana (Tanana of Lower Tanana). Tsjintwurdich wurdt de grutste befolkingsgroep fan it gebiet foarme troch Angelsaksyske Amerikanen. Yn Fairbanks wenje fierders oansjenlike Eskimo-mienskippen fan sawol Jûpik (Yup’ik) as Injûpiat (Iñupiat).

It Binnenlân fan Alaska hat foar it meastepart in lânklimaat mei ekstreme temperatuerferskillen tusken de ûnderskate jiertiden. Simmerdeis hat Fairbanks in trochsneed temperatuer (dei en nacht) fan 17 °C, wylst it der by 't winter trochinoar –24 °C is. Rekôrtemperatueren wiene 37 °C simmerdeis en –54 °C winterdeis. Ek de heechste en leechste rekôrtemperatueren foar hiel Alaska waarden fêstige yn it Binnenlân: 38 °C, op 27 juny 1915 yn Fort Yukon, en –62 °C op 23 jannewaris 1971 te Prospect Creek.

It noarderljocht boppe Fairbanks.

Ek binnen ien en deselde jiertiid kinne grutte temperatuerferskillen foarkomme. Yn deselde winter kinne perioaden fan ekstreme kjeld ôfwiksele wurde troch skoften fan ûntidige waarmte, feroarsake troch de effekten fan 'e chinookwyn. By 't simmer kin it lange tiid efterinoar hjit en drûch wêze, wat liede kin ta ideäle omstannichheden foar it útbrekken en oan 'e gong hâlden fan natoerbrannen (lykas boskbrannen). Dy wurde ornaris oanstutsen troch swierwaar wêrby't wjerljochtynslaggen foarkomme. Faak bart soks yn ôfhandige gebieten dêr't sokke natoerbrannen harsels útbaarne sûnder dat de befolking fan it Binnenlân fan Alaska der lêst fan hat. Yn 2004 waard der in nij rekôr fêstige, doe't mear as 27.000 km² wyldernis yn 'e jiske lein waard.

De jierlikse delslach is yn Fairbanks trochinoar 287 mm, wat tige drûch is. It measte fan dy delslach falt yn it winterhealjier yn 'e foarm fan snie. Stoarmen yn it Binnenlân fan Alaska driuwe it gebiet yn 'e regel fan it suden út binnen, fanôf de Golf fan Alaska, it diel fan 'e Stille Oseaan foar de súdkust fan Alaska. Sokke stoarmen bringe lykwols nea net folle rein om't it Binnenlân yn it reinskaad fan it Alaskaberchtme leit.

De moannen fan novimber oant en mei jannewaris hawwe yn it Binnenlân net folle deiljocht, wylst it fan maaie oant en mei augustus amper tsjuster wurdt. Fairbanks, dat yn it suden fan it Binnenlân leit, kriget tusken 18 novimber en 24 jannewaris mar in gemiddelde fan 4 oeren deiljocht per etmiel, mar tusken 10 maaie en 2 augustus wol 21 oeren. Fierder noardlik is dat ferskil noch ekstremer. It noardlikste diel fan it Binnenlân fan Alaska leit boppe de Poalsirkel, dêr't simmerdeis de sinne hielendal net ûndergiet, wylst er der winterdeis net opkomt. Op heldere winternachten is yn it gebiet it noarderljocht te sjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.