Allgemeine Zeitung des Judentums
De Allgemeine Zeitung des Judentums (AZJ), oant maaie 1903 Allgemeine Zeitung des Judenthums hjitten, wie in Joadsk-Dútske krante, dy't fan 2 maaie 1837 oant 1922 ferskynde. De ûndertitel wie „Ein unpartheiisches Organ für alles jüdische Interesse in Betreff von Politik, Religion, Literatur, Geschichte, Sprachkunde und Belletristik“, fan likernôch 1870 ôf „unparteiliches Organ“. De krante ferskynde yn it earstoan twaris yn de wike en letter alle wiken. It waard de meast súksesfolle joadske krante yn Dútslân.
De AZJ waard yn 1837 troch rabbyn Ludwig Philippson yn Leipzig oprjochte; hy joech de krante ek út oant syn dea yn 1889. 1890 oant 1909 waard de krante útjûn troch Gustav Karpeles. Yn dy jierren ferskynden geregeldwei stikken fan Saul Raphael Landau yn de AZJ. Fan 1909 oant 1919 wie de útjefte yn hannen fan Ludwig Geiger.
It lêste nûmer fan de krante ferskynde op 28 april 1922; dêrnei gie sy op yn de „CV-Zeitung“ fan de Central-Verein deutscher Staatsbürger jüdischen Glaubens.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 100 jier Allgemeine Zeitung des Judentums, útjefte 6 maaie 1937 mei werprinten
- Allgemeine Zeitung des Judentums by it digitalisearringsprojekt Compact Memory
- CV-Zeitung by it digitalisearringsprojekt Compact Memory
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |