Abdij fan Neresheim
Abdij fan Neresheim | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
dielsteat | Baden-Wuertemberch | |
plak | Neresheim | |
koördinaten | 48° 45' N 10° 20' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Rottenburg-Stuttgart | |
oarde | Benediktinen | |
kongregaasje | Beuron | |
oprjochting | 1096 | |
oprjochter | Hartmann fan Dillingen en Adelheid fan Winterthur-Kyburg | |
opheffing | 1803 | |
weriepening | 1920 | |
patroanhillige | Sint-Ulrik Sint-Afra | |
Ynformaasje bou | ||
boustyl | 18e iuw | |
Webside | ||
www.abtei-neresheim.de | ||
Kaart | ||
De Abdij van Neresheim is in Benediktynsk kleaster yn 'e Dútske dielsteat Baden-Wuertemberch en oansletten by de kongregaasje fan Beuron. It kompleks leit op 'e Ulrichsberg by Neresheim. De tsjerke is in ûntwerp fan Balthasar Neumann en Georg Dehio en heart ta de belangrykste monuminten fan 'e lette barok.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De abdij waard yn 1096 as Augustynsk koarhearenstift oprjochte troch greve Hartmann fan Dillingen en syn frou Adelheid fan Winterthur-Kyburg. Tsien jier letter gie it oan Sint-Ulrik en Sint-Afra wijde kleaster oer nei de Benediktinen as ien fan 'e kleasters, dy't harren yn neifolging fan 'e Cluny-beweging oan 'e herfoarmings fan Hirsau holden. De muontsen makken fan Neresheim sûnt it begjin it kulturele sintrum fan it Härtsfeld, de heechflakte fan 'e Schwäbische Alb tusken Ulm en Nördlingen. Doe't it skaai fan Dillingen yn 'e 13e iuw útstoar, namen de greven fan Oettingen de fâdeirjochten op it kleaster oer en dat bleau sa oant de sekularisaasje yn 'e 19e iuw.
Yn 1764 krige de abdij de status fan in ryksstân en sûnt mocht de abdij him in Ryksabdij (of Ryksstift) neame. De abdij kocht dy status troch in soad besit lykas ek de stêd Neresheim ôf te stean oan 'e greven fan Oettingen-Wallerstein.
Mei de ynfiering fan 'e sekularisaasje yn 1803 waard der op 'e abdij beslach lein en waarden de muotsen ferjage. Neresheim waard mei de abdij oan 'e foarsten fan Thurn en Taxis oerdroegen as kompinsaasje fan harren gebiet, dat hja ôfstean moasten oan Frankryk. Yn 1806 gie Neresheim mei de Rheinbundakte oer nei Beieren, yn 1810 mei in grinsferdrach tusken Beieren en Wuertenberch definityf nei Wuertemberch.
De foarsten fan Thurn en Taxis makken yn 1919 in nije Benediktynske kleasterdelsetting mooglik mei muontsen út de aartsabdij fan Beuron en de abdij Emmaus yn Praach. Op 14 juny 1920 waard de abdij offisjeel op 'e nij stifte en yn 1927 joech foarst Albert von Thurn und Taxis de gebouwen en grûn werom oan 'e Benediktinen.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It midsiuwske kleasterkompleks mei in romaanske basilyk út 1126–1190 stie súd fan 'e hjoeddeiske tsjerke.
Yn 1747 waard noard fan it âlde stee fan 'e kleastertsjerke oant 1792 in folslein nije tsjerke boud neffens de plannen fan Balthasar Neumann. Martin Knoller (in Tiroaler út Steinach) is de keunstner fan 'e fresko's (1769-1775) en Thomas Schaidhauf de keunstner fan it stúkwurk. Nei de dea fan 'e arsjitekt yn 1753 waard der neffens it âlde ûntwerp fierder boud, mar yn in ienfâldiger útfiering. De tusken 1617 en 1626 boude toer waard yn 'e nijbou yntegrearre.
Kleastergebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De boumaster fan 'e kleastergebouwen wie Michael Wiedemann út Unterelchingen en datearje út 1699 oant 1712. Krekt wat earder, yn 1697 sette Wiedemann útein mei de bou fan kastiel Freudental by Allensbach. De barokke westlike gevel waard nei alle gedachten al yn 1755, mar op it lêst yn 1792 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen. De hjoeddeiske gevel is in replika út 2004, wêrfan't de bou fanwegen brânfeiligens needsaaklik wie. Nei alle gedachten hat de oarspronklike gevel nea tagelyk mei de barokke tsjerke stien en dêrom wie de rekonstruksje foar monumintesoarch kontroversjeel.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: de:Abtei Neresheim.
|
- Kleaster yn Dútslân
- Tsjerkegebou yn Baden-Wuertemberch
- Organisaasje oprjochte yn 1096
- Organisaasje opheft yn 1803
- Bouwurk út 1712
- Bouwurk út 1792
- Skiednis fan Baden-Wuertemberch
- Steat fan it Hillige Roomske Ryk
- Histoarysk lân yn Jeropa
- Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1764
- Bestjoerlike ienheid opheft yn 1803