2022
Appearance
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |
Jierren: | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
2022 MMXXII |
Ab urbe condita | 2775 |
Armeenske kalinder | 1471 ԹՎ ՌՆՀԱ |
Etiopyske kalinder | 2014 – 2015 |
Hebriuwske kalinder | 5782 – 5783 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 2077 – 2078 |
- Shaka Samvat | 1944 – 1945 |
- Kali Yuga | 5123 – 5124 |
Iraanske kalinder | 1400 – 1401 |
Islamityske kalinder | 1444 – 1444 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4718 – 4719 戊丑 – 己寅 |
2022 is in gewoan jier dat begjint mei in sneon. (Gregoriaanske kalinder foar 2022.)
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 1 - It Regional Comprehensive Economic Partnership, de grutste frijhannelsône fan 'e wrâld, wurdt yn wurking steld. It gebiet omfiemet Austraalje, Birma, Brûnei, de Filipinen, Fjetnam, Yndoneezje, Japan, Kambodja, Maleizje, Laos, Nij-Seelân, Sina, Singapoer, Súd-Koreä en Tailân.
- 2 - Yn Kazachstan brekke grutskalige protesten út tsjin it regear fan diktator Kassym-Jomart Tokajev. Dy binne yn 't earstoan rjochte tsjin 'e ferheging fan 'e benzineprizen, mar kantsje har de folgjende dagen almar mear oan tsjin 'e korrupsje fan 'e hearskjende elite.
- 6 - Yn Kazachstan wurde de protesten troch de autoriteiten mei grouwélich geweld de kop yn drukt. Guon oare leden fan 'e Kollektive Feilichheidsferdrachsorganisaasje, wêrûnder Ruslân en Wyt-Ruslân, stjoere op fersyk fan presidint Kassym-Jomart Tokajev helptroepen.
- 7 - Der hawwe no wrâldwiid 300 miljoen gefallen fan COVID-19 west.
- 10 - Foar it earst wurdt der mei súkses in bargehert yn in minske transplantearre.
- 10 - Yn Nederlân wurdt nei in formaasje fan 299 dagen (de langste ea) it Kabinet-Rutte IV ynstallearre.
- 15 - In grutte útbarsting fan 'e ûnderseeske fulkaan de Hunga Tonga, yn Tonga, soarget foar tsûnamywarskôgings yn it hiele gebiet fan 'e Stille Oseaan. De skea falt ta, behalven yn Perû, dêr't de weagen in oaljeramp feroarsaakje. De útbarsting easket yn Tonga 5 minskelibbens en oerdekt it lân mei in tsjûke laach giftige fulkanyske jiske, wat foar swierrichheden op it mêd fan drinkwetterfoarsjenning liedt.
- 20 - It Nederlânske online konsuminteprogramma BOOS publisearret in fideo wêryn't ferskate meiwurkers fan 'e tillefyzjetalintejachten The Voice of Holland en The Voice Kids, ûnder wa orkestlieder Jeroen Rietbergen en sjuerylid Ali B, beskuldige wurde fan seksueel oer de grins geand gedrach, wat ta it stopsetten fan 'e programma's en in grut trelit yn 'e media liedt.
- 21 - By in bombardemint troch Saûdy-Araabje fan 'e Jemenityske stêd Saäda, yn it ramt fan 'e oangeande Twadde Jemenityske Boargeroarloch, wurdt de pleatslike finzenis rekke ynstee fan posysjes fan 'e Hûtyrebellen. Der komme teminsten 70 finzenn om.
- 23 - By in steatsgreep yn Boerkina Faso wurdt presidint Roch Marc Christian Kaboré troch it leger ôfset.
- 23 - De tropyske stoarm Ana slacht ta yn it easten fan Súdlik Afrika en easket 115 libbens yn Madagaskar, Malawy en Mozambyk.
- 28 - It tal faksinaasjes tsjin it COVID-19-firus dat wrâldwiid dien is, passearret de 10 miljard.
- febrewaris
- 1 - Denemark heft alle beheinende maatregels yn it ramt fan 'e koroanafiruspandemy op.
- 1 - Eastenryk wurdt it earste lân dêr't faksinaasje tsjin it COVID-19-firus no ferplichte is.
- 3 - By in militêre operaasje fan kommando's fan it Amerikaanske Leger yn it noardwesten fan Syrje komt de lieder fan 'e saneamde Islamityske Steat yn Irak en Syrje, Abû Ibrahim al-Hasjimi al-Koerasji, om as er himsels opblaasd om syn finzenname tsjin te kearen.
- 3 - Yndia wurdt it trêde lân op 'e wrâld nei de Feriene Steaten en Brazylje dêr't no mear as 500.000 minsken ferstoarn binne oan COVID-19.
- 4-20 - Yn 'e Sineeske haadstêd Peking wurde de Olympyske Winterspullen 2022 holden.
- 5 - It tal stjergefallen yn 'e Feriene Steaten, feroarsake troch de koroanafiruspandemy, passearret de 900.000.
- 8 - Der hawwe no wrâldwiid 400 miljoen gefallen fan COVID-19 west.
- 15 - De Britske prins Andrew treft in skikking mei Virginia Giuffre, de Amerikaanse dy't him beskuldiget fan seksueel misbrûk by syn besiken oan 'e filla fan miljonêr en sededelinkwint Jeffrey Epstein.
- 17-21 - Yn fiif dagen tiid wurde Nederlân en de rest fan Noardwest-Jeropa troffen troch trije swiere stoarmen: Dudley, Eunice en Franklin. Dêrby falle teminsten 14 deaden.
- 21 - De Russyske presidint Vladimir Pûtin erkent de ûnôfhinklikheid fan 'e selsútroppen republiken Donjetsk en Lûhansk, de gebieten yn it easten fan 'e Oekraïne dy't yn 'e hannen binne fan etnysk Russyske rebellen.
- 22 - De Dútske bûnskânselier Olaf Scholz leit it goedkarringsproses stil fan Nord Stream 2, in nije ierdgaspiiplieding fan Ruslân troch de Eastsee nei Dútslân. Dêrtroch kin dy, hoewol foltôge, foarearst net yn gebrûk nommen wurde. Dit is ien fan 'e sanksjes tsjin Ruslân fanwegen it erkennen fan 'e rebellerepublykjes yn it easten fan 'e Oekraïne. Oare sanksjes fan û.o. de Jeropeeske Uny, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Japan, Kanada en Austraalje treffe Russyske banken en teffens oligargen yn it freonefermidden fan presidint Vladimir Pûtin.
- 24 - Ruslân fiert in grutskalige militêre ynfal yn 'e Oekraïne út. Dêrmei giet de Russysk-Oekraynske Oarloch, dat sûnt 2014 in konflikt mei lege yntinsiteit is, in folslein nije faze yn. Westerske lannen kundigje ekstreme sanksjes tsjin Ruslân oan.
- 25 - Yn it easten fan 'e Oekraïne begjint it belis fan 'e stêd Mariûpol troch Russyske troepen.
- 26 - Dútslân, dat sûnt de Twadde Wrâldoarloch gjin wapens levere hat oan lannen dy't yn oarloch binne, makket in ommeswaai en beslút ta it leverjen fan wapens oan 'e Oekraïne. De Feriene Steaten en de Jeropeeske Uny komme ta oerienstimming om beskate Russyske banken út te sluten fan it ynternasjonaal betellingsferkear by wize fan sanksje foar de Russyske ynvaazje fan 'e Oekraïne.
- 27 - Yn Wyt-Ruslân wurdt in referindum holden wêrby't de befolking ynstimd hawwe soe mei it opheffen fan 'e net-nukleêre status fan it lân en ek mei de permaninte stasjonearring fan Russyske troepen yn it lân. Mei't Wyt-Ruslân in diktatuer is dêr't gjin frije en earlike ferkiezings besteane, is ûndúdlik wat de wiere útslach fan it referindum is.
- 28 - Yn in ienriedigens mei de rest fan 'e Westerske wrâld dêr't gjin presedint foar bestiet, kundigje ek Switserlân, Monako en Singapoer sanksjes ôf tsjin Ruslân omreden fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne.
- maart
- 2 - Neffens de Feriene Naasjes binne al 2 miljoen flechtlingen de oarloch yn 'e Oekraïne ûntflechte troch de grinzen fan buorlannen oer te gean.
- 3 - Yn it suden fan 'e Oekraïne falt de stêd Cherson yn Russyske hannen. Ek de Kearnsintrale Zaporizja wurdt troch de Russen ferovere, wêrby't se de gebouwen fan 'e sintrale mei artillery besjitte. De domdrystens fan dat dwaan wurdt wrâldwiid skande fan sprutsen.
- 4 - Yn Ruslân wurdt in nije wet oannommen, dy't 15 jier finzenisstraf set op it fersprieden fan "nepnijs" oer de "spesjale militêre operaasje" yn 'e Oekraïne. In protte bûtenlânske media-organisaasjes, wêrûnder CNN en de BBC, beëinigje har wurk yn it lân.
- 4-13 - Yn 'e Sineeske haadstêd Peking wurde de Paralympyske Winterspullen 2022 holden. Ruslân en syn bûnsgenoat Wyt-Ruslân wurde omreden fan harren ferantwurdlikens foar de ynfal yn 'e Oekraïne útsletten fan dielname.
- 8 - Ierdoaljemaatskippij Shell, restaurantkeatling McDonald's, frisdrinkenprodusint Coca-Cola en kofjehûskeatling Starbucks lûke har omreden fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne werom út Ruslân.
- 10 - Sily fiert it homohoulik yn.
- 16 - By de gemeenteriedsferkiezings yn Nederlân binne benammen de lokale politike partijen de grutte winners.
- 24 - De NATO makket bekend dat der 40.000 man gefjochtstroepen ekstra stasjonearre wurde sille oan 'e eastflank fan it bûngenoatskip, yn Slowakije, Hongarije, Roemeenje en Bulgarije, yn ferbân mei de nije bedriging dy't Ruslân ynhâldt sûnt de ynfal yn 'e Oekraïne.
- 25 - It regear fan Ruslân makket bekend dat "de earste faze" fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne foltôge is, en dat de striid fan no ôf oan benammen taspitst wurde sil op 'e eastlike Donbas-regio.
- 29 - It regear fan Ruslân kundiget oan dat yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne de oarlochshannelings om 'e Oekraynske haadstêd Kiëv hinne "struktureel werombrocht" wurde sille. Westerske analisten hâlde it derop dat by de Russyske lieding it besef trochkringt dat it mei de hjoeddeistige steat fan it Russyske Leger net mooglik is om Kiëv yn te nimmen.
- april
- 3 - Nei de weromlûking fan Russyske troepen út Bûtsja, in westlike foarstêd fan 'e Oekraynske haadstêd Kiëv, komt oan it ljocht dat dêr 300 oant 400 boargers troch it Russyske Leger fermoarde binne by it saneamde Bloedbad fan Bûtsja. Dat wurdt rûnom oanmurken foar in oarlochsmisdie. Yn 'e Westerske wrâld wurdt skokt reägearre en oproppen ta noch strangere sanksjes tsjin Ruslân.
- 7 - De Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes stimt mei 93 tsjin 24 lidsteaten om Ruslân út 'e Minskerjochteried fan 'e Feriene Naasjes te setten. 58 lannen ûnthâlde har fan stimming.
- 8 - Ruslân kriget rûnom krityk as it in bombardemint útfierd op it treinstasjon fan 'e Oekraynske stêd Kramatorsk. By de oanfal komme 59 boargers om dy't de krite besochten te ûntflechtsjen en reitsje 109 oaren ferwûne.
- 9 - De Pakistaanske premier Imran Khan moat ôftrede nei't er yn 'e Nasjonale Assimblee in moasje fan wantrouwen ferlern hat. Hy wurdt twa dagen letter opfolge troch opposysjelieder Shehbaz Sharif.
- 13 - Der hawwe no wrâldwiid 500 miljoen gefallen fan COVID-19 west.
- 14 - By in Oekraynske raketoanfal wurdt de Moskva, it flaggeskip fan 'e Russyske Swarte-Seefloat, ta sinken brocht.
- 24 - By de twadde omgong fan 'e Frânske presidintsferkiezings ferslacht de sittende sintristyske presidint Emmanuel Macron syn ekstreem-rjochtse útdaachster Marine Le Pen.
- 25 - Miljardêr Elon Musk, wrâlds rykste man, skaft foar $44 miljard it sosjaal medium Twitter oan.
- 27 - Ruslân set de levering fan ierdgas oan Poalen en Bulgarije stil as dy lannen wegerje te beteljen yn roebels. (Yn it kontrakt is fêstlein dat se yn dollars of euro's betelje meie, mar troch de ynternasjonale boycot fan Ruslân yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne kin Ruslân net by tegoeden yn bûtenlânske faluta.)
- 27 - De bitcoin wurdt in offisjele muntienheid fan 'e Sintraalafrikaanske Republyk.
- maaie
- 2 - Ruslân kundiget oan dat it him, omreden fan 'e ynternasjonale sanksjes dy't tsjin it lân ôfkundige binne yn it ramt fan 'e Russyske ynfal yn 'e Oekraïne, binnen twa jier weromlûke sil út 'e gearwurking oangeande romtefeart op it mêd fan it Ynternasjonaal Romtestasjon ISS.
- 6 - De Omgong fan Itaalje 2022 start yn Bûdapest Hongarije.
- 9 - Premier Mahinda Rajapaksa fan Sry Lanka treedt ôf nei oanhâldende en fûleinige protesten tsjin 'e ekonomyske krisis yn it lân.
- 9 - By presidintsferkiezings yn 'e Filipinen wurdt Ferdinand Marcos jr., better bekend ûnder syn bynamme "Bongbong", keazen ta de nije presidint. Hy is de soan fan Ferdinand Marcos, dy't yn 'e 1970-er en 1980-er jierren as diktator yn skrikbewâld fierde yn it lân.
- 11 - By de stêd Djenin, yn it Westjordaanlân, wurdt de Palestynske ferslachjouster foar Al-Jazeera Sjiriin Abû Akleh deasketten as se ferslach docht fan botsings tusken Palestynske demonstranten en Israelyske soldaten. Ut ferklearrings fan eachtsjûgen en ûndersyk troch ferskate media, wêrûnder Al-Jazeera en CNN, docht bliken dat it giet om in opsetlike moard troch in Israelyske skerpskutter.
- 12 - Sagittarius A*, in supermassyf swart gat yn it sintrum fan 'e Molkewei, wurdt troch astronomen foar it earst direkt yn byld brocht.
- 12 - Yn 'e Feriene Steaten binne no mear as 1 miljoen minsken ferstoarn oan COVID-19.
- 13 - It frachtskip de Ilse-Marie út Warten fart de Ljouwerter wenwyk Suderbuorren yn as de skipper net goed wurden is, en fernielt dêrby ferskate oanlisstegers en boatsjes.
- 14 - Oekraynske troepen ferdriuwe de Russyske ynfallers út 'e omkriten fan 'e op ien nei grutste stêd fan 'e Oekraïne, Charkiv, en winne sa de Slach om Charkiv.
- 15 - Paus Fransiskus ferklearret Titus Brandsma hillich.
- 16 - De lêste ferdigeners fan 'e Oekraynske stêd Mariûpol, oan 'e kust fan 'e See fan Azov, jouwe har oer oan 'e Russyske ynfallers. Dêrmei komt der nei 82 dagen in ein oan 'e Slach om Mariûpol.
- 18 - Finlân en Sweden freegje it lidmaatskip fan 'e NATO oan, mei't se benaud wurden binne fan 'e agresje fan Ruslân tsjin 'e Oekraïne.
- 20 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) hâldt in needgearkomste oer it opdûken fan gefallen fan 'e apepokken yn in tsienmannich lannen bûten it natuerlike ferspriedingsgebiet yn Sintraal-Afrika en West-Afrika.
- 21 - By federale ferkiezings yn Austraalje ferslacht de sosjalistyske Laborpartij fan Anthony Albanese de Liberaal-Nasjonale koälysje fan sittend premier Scott Morrison. De kiezers binne benammen ûntefreden oer it fierhinne negearjen troch Morrison-en-dy fan it klimaatferoaringsfraachstik.
- 24 - By in sjitpartij yn in legere skoalle yn Uvalde, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, rjochtet in mei mitrailleurs bewapene geastlik steurde 18-jierrige jonge in bloedbad oan. Der komme 19 bern en 2 learkrêften om. De dieder, dy't foartiid ek syn eigen beppe besocht hat te fermoardzjen, wurdt troch de plysje deasketten.
- juny
- 2 - Yn it Feriene Keninkryk begjint it saneamde Platina Jubileum, wêrby't fiert wurdt dat keninginne Elizabeth II 70 jier op 'e troan sit.
- 5 - By in bomoanslach en besjitting fan in tsjerke yn Owo, yn Nigearia, komme mear as 50 minsken om en reitsje nochris 60 oaren ferwûne. De oanslach wurdt opeaske troch Islamityske Steat yn West-Afrika.
- 6 - De 88ste Alvestêdetocht op de Fyts giet de boeken yn as ien fan de swierste âlvestêdetochten ea fanwegen it minne waar (rein en hurde wyn).
- 6 - Foar it earst yn 125-jier moat de Bûnspartij foar Senioaren healwei de twadde omgong beëinige wurden fanwegen it minne waar.
- 9 - Tailân dekriminalisearret it rekreätyf gebrûk fan kannabis en himp.
- 14 - It regear fan it eilânsteatsje Kiribaty, yn 'e Stille Súdsee, ropt de needtastân út omreden fan slimme en oanhâldende drûchte.
- 19 - By de twadde omgong fan 'e Frânske parlemintsferkiezings behellet de Ensemble-koälysje, fan presidint Emmanuel Macron, de oerwinning mei 245 fan 577 sitten yn 'e Nasjonale Assimblee. Ensemble ferliest lykwols de absolute mearderheid.
- 19 - By de presidintsferkiezings yn Kolombia wurdt foar it earst yn 'e skiednis fan it lân in linkse kandidaat, de eardere guerriljastrider Gustavo Petro, ta it heechste amt keazen.
- 22 - It easten fan Afganistan wurdt troffen troch in ierdbeving mei in krêft fan 5,9 op 'e skaal fan Richter. Dêrby komme teminsten 1.500 minsken yn Afganistan om en 43 yn it oanbuorjende Pakistan.
- 24 - Yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch falt de stêd Sevjerodonjetsk yn Russyske hannen.
- 24 - It Amerikaansk Heechgerjochtshôf, dat in konservative mearderheid hat sûnt presidint Donald Trump der trije aartskonservative rjochters yn beneamde, smyt in eardere útspraak yn 'e rjochtsaak Roe v. Wade út 1973 om en heft dêrmei it algemien rjocht op abortus yn 'e Feriene Steaten op.
- 28-30 - Op in top yn Madrid akseptearret de NATO it fersyk om lidmaatskip troch Sweden en Finlân, nei't presidint Recep Tayyip Erdoğan fan Turkije syn ferset dêrtsjin opjûn hat.
- july
- 1 - Yair Lapid wurdt de nije premier fan Israel; hy lost Naftali Bennett ôf.
- 1 - Switserlân fiert it homohoulik yn.
- 1 - De Omgong fan Frankryk 2022 start yn Keappenhaven Denemark.
- 3 - In geastlik siike man sjit yn in winkelsintrum yn 'e Deenske haadstêd Keappenhaven trije minsken dea, en en der reitsje meardere minsken ferwûne.
- 7 - Boris Johnson treedt ôf as lieder fan de Konservative Partij, mar is fan doel premier fan it Feriene Keninkryk te bliuwen oant in nije lieder keazen is.[1]
- 8 - De Japanske âld-premier Shinzo Abe wurdt delsketten by in ferkiezingstaspraak yn Nara en beswykt oan syn ferwûningen.
- 9 - Sloveenje fiert it homohoulik yn.
- 9 - Presidint Gotabaya Rajapaksa en premier Ranil Wickremesinghe fan Sry Lanka stimme dermei yn om ôf te treden as gefolch fan 'e grutskalige en oanhâldende protesten tsjin 'e ekonomyske krisis yn it lân.
- 18 - Yn Yndia wurdt Droupadi Murmu keazen ta presidinte; hja is de earste frou út in lânseigen etnyske minderheid (de Santal) dy't dat amt beklaait, en teffens de jongste persoan oant no ta.
- 23 - De Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) ropt de útbraak fan 'e apepokken út ta in "needgefal fan ynternasjonale soarch op it mêd fan 'e publike sûnens". Der binne no mear as 17.000 gefallen fan 'e sykte registrearre yn 75 lannen en territoaria.
- 24 - De Deenske hurdfytser Jonas Vingegaard wint de Omgong fan Frankryk 2022
- 24 - De fernijde Omgong fan Frankryk foar froulju set útein yn Parys.
- 30 - Nei twa jier sûnder skûtsjesilen giet it SKS kampioenskip yn 2022 wer los
- 31 - Ayman al-Zawahiri, dy't sûnt de dea fan Osama bin Laden de lieding oer it terreurnetwurk Al-Qaida hat, wurdt fermoarde by in Amerikaanske drone-oanfal op syn wente yn 'e Afgaanske haadstêd Kabul.
- 31 - De Nederlânske hurdfytster Annemiek van Vleuten wint de Omgong fan Frankryk foar froulju 2022
- augustus
- 3 - Tjisse Steenstra, Hans Wassenaar en Renze Pieter Hiemstra winne yn Frjentsjer de 169ste PC. Tjisse Steenstra wurdt útroppen ta kening.
- 4 - Nei it besyk fan Nancy Pelosi, de foarsitter fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen, oan Taiwan, set Sina útein mei in yntimidaasjekampanje yn 'e foarm fan grutskalige militêre oefenings om it eilân hinne, dat troch Sina beskôge wurdt as in opstannige provinsje.
- 5-7 - Israel en de militante Palestynske beweging Islamityske Djihaad yn 'e Gazastripe fiere oer en wer besjittings út. Hamas, dat yn 'e Gazastripe de tsjinst útmakket, bliuwt ôfsidich.
- 8 - De Amerikaanske federale resjerzje FBI docht hûssiking yn Mar-a-Lago, de residinsje yn Palm Beach (Floarida) fan 'e eardere presidint fan 'e Feriene Steaten Donald Trump. Der wurde tsientallen doazen fol steatsgeheime dokuminten yn beslach nommen, dy't Trump oan 'e ein fan syn termyn as presidint fan 'e Amerikaanske oerheid ûntfrjemde hie en wegere werom te jaan ek al wied er dêr ferskate kearen om fersocht.
- 10 - Moarre-Ljussens wint yn Wommels de 120ste Freulepartij.
- 12 - De Britske skriuwer Salman Rushdie wurdt ûnder in lêzing yn Chautauqua (New York) ferskate kearen delstutsen troch in sjiïtyske moslim, nei alle gedachten fanwegen it fatwa (religieus deafûnis) dat grutayatollah Chomeini yn 1989 oer him útspriek. Rushdie rekket swier ferwûne, mar oerlibbet de oanslach.
- 12 - Skipper Albert Visser wint mei it Lemster Skûtsje it SKS kampioenskip fan 2022.
- 13 - Nei twa jier sûnder skûtsjesilen giet it IFKS kampioenskip yn 2022 wer los.
- 15 - Yn it Noarske Tretten, stoart in tsien jier âlde en 148 meter lange houten brêge foar autoferkear yn.
- 16 - Nei acht dagen kaam der in ein oan de tsiende hjitteweach yn Fryslân.[2]
- 17 - Turkije en Israel geane nei jierren fan deilisskip oer ta it wer ynstellen fan normale diplomatike betrekkings.
- 19 - De Omgong fan Spanje 2022 start yn Utert Nederlân.
- 19-21 augustus - By in oanslach op en in gizeling yn in hotel yn 'e Somalyske haadstêd Mogadisjû komme mear as 21 minsken om, wylst 117 oaren ferwûne reitsje.
- 20 - Skipper Pieter Jilles Tjoelker wint mei de Sterke Jerke it IFKS kampioenskip fan 2022.
- 27 - Yn it buorskip Zuidzijde by Nieuw-Beijerland yn Súd-Hollân rydt in frachtwein yn op in barbecue fan de pleatslike iisklup. Dêrby komme sân minsken om it libben en reitsje sân minsken ferwûne
- 28 - Omreden fan oanhâldende oerstreamings dy't hast in trêdepart fan it lân splis set hawwe, ropt Pakistan in "klimaatkatastrôfe" út. (De oerstreamings wurde foar in grut part feroarsake troch it fuortranen fan 'e gletsjerss yn 'e Himalaya yn it noarden fan it lân.)
- septimber
- 1 - De Feriene Naasjes publisearret in rapport wêryn't steld wurdt dat de al jierren geande ekstreme ûnderdrukking fan 'e Oeigoeren, in etnyske, islamityske minderheid yn it westen fan Sina, misdieden tsjin 'e minsklikheid ynhâldt. Sina reägearret lulk.
- 5 - Liz Truss, de nije liedster fan 'e Britske Konservative Partij, wurdt beneamd ta de nije premier fan it Feriene Keninkryk
- 8 - De Britske keninginne Elizabeth II ferstjert yn 'e âldens fan 96 jier op Kastiel Balmoral, yn Skotlân. Sy wurd opfolge troch har âldste soan kening Charles III.
- 11 - Koereur Nyck de Vries makket by de Grutte Priis fan Itaalje as earste Fries ea, syn debút yn in Formule 1 wedstriid.
- 11 - De parlemintsferkiezings yn Sweden wurde nipt wûn troch de rjochtse opposysje, mei 176 sitten tsjin 173. De sosjaal-demokratyske premier Magdalena Andersson treedt ôf.
- 11 - De Belgyske hurdfytser Remco Evenepoel wint de Omgong fan Spanje 2022
- 12 - Der brekke nije skermutselings út tusken Armeenje en Azerbeidzjan, nei't Armeenske stellings troch Azerbeidzjaanske troepen oanfallen binne. De folgjende dagen komme mear as 100 Armeenske en 71 Azerbeidzjaanske soldaten by de gefjochten om.
- 14-16 - By skermutselings oan 'e grins fan Kirgyzje en Tadzjikistan komme 41 Tadzjykske en 59 Kirgizyske soldaten om.
- 18 - De orkaan Fiona rjochtet grutte skea oan op Porto Riko en feroarsaket dêr de dea fan 25 persoanen. Ek de Turks- en Kaikoseilannen, dy't in Britsk oerseesk territoarium foarmje, wurde swier troffen.
- 19 - Yn Londen is de steatsbegraffenis fan de Britske Keninginne Elizabeth II mei in tsjinst yn Westminster Abbey en de bysetting yn St George's Chapel by it Kastiel fan Windsor.
- 21 - Nei in grut tsjinoffinsyf fan 'e Oekraïne yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch, wêrby't gâns beset gebiet beëasten Charkov befrijd is, ropt presidint Vladimir Pûtin yn Ruslân foar in part de mobilisaasje út om 300.000 manlju ûnder de wapens te krijen sadat de Oekraynske opmars tsjinkeard wurde kin. Syn ôfkundiging liedt ta in grutte eksodus fan jonge Russyske manlju út Ruslân nei de buorlannen, út eangst om nei it front stjoerd te wurden.
- 25 - By parlemintsferkiezings yn Itaalje winne de rjochtse partijen. Fan gefolgen wurdt Giorgia Meloni, de liedster fan 'e partij Bruorren fan Itaalje, de earste froulike premier fan it lân.
- 26 - De DART-romtesonde fan 'e Amerikaanske romtefeartorganisaasje NASA wurdt te pletter flein tsjin 'e asteroïde Dimorphos oan, by de earste test fan in potinsjele planetêre ferdigening fan 'e Ierde tsjin asteroïde-ynslaggen.
- 23-27 - Ruslân organisearret skynreferinda yn fjouwer provinsjes fan 'e Oekraïne oer anneksaasje fan dy gebieten troch Ruslân. It giet om 'e Folksrepublyk Lûhansk en de Folksrepublyk Donjetsk (twa selsútroppen steaten sûnder ynternasjonale erkenning) en om twa oare besette gebieten, Zaporizja en Cherson. Ynternasjonaal wurdt dizze gong fan saken skerp feroardiele en beskôge as in panykgreep fan 'e Russyske diktator Vladimir Pûtin.
- 27 - Kuba fiert it homohoulik yn.
- 28 - De orkaan Ian komt oan lân oan 'e westkust fan 'e Amerikaanske steat Floarida om dêrnei dwers oer it Floarida-skiereilân te razen, fan 'e Golf fan Meksiko nei de Atlantyske Oseaan. Dêrby wurdt katostrofale skea oanrjochte en komme teminsten 105 minsken om.
- 30 - Presidint Vladimir Pûtin formalisearret de yllegale anneksaasje troch Ruslân fan 'e Oekraynske gebietsdielen Lûhansk, Donjetsk, Zaporizja en Cherson. Dat giet folslein tsjin it ynternasjonaal rjocht yn, en wurdt troch oare lannen net erkend.
- 30 - By in nije steatsgreep yn Boerkina Faso, de twadde fan it jier, wurdt de regearjende militêre gûnta ôfset troch in groep ofsieren û.l.f. kaptein Ibarhim Traore.
- oktober
- 1 - Yn 'e stêd Malang yn Yndoneezje komme 131 minsken om en reitsje 323 oaren ferwûne by de Kanjuruhan-stadionramp. Dat bart as nei in ferlerne fuotbalwedstryd breinroere fuotbalsupporters it fjild op streame om ferhaal te heljen by de eigen fuotbalploech en de plysje reägearret troch triengasgranaten ôf te sjitten. Dat jout oanlieding ta in stoarmrin om út it stadion te kommen, wêrby't tsientallen minsken ûnder de foet rûn wurde.
- 1 - Yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch lije de Russen in gefoelige nederlaach as it Oekraynske leger de strategysk wichtige stêd Lyman, yn 'e provinsje Donjetsk, befrijt.
- 5 - De OPEC komt oerien om 2 miljoen fetten ierdoalje deis minder te produsearjen, om sa de priis fan oalje heech te hâlden. Yn 'e Feriene Steaten wurdt dat ynterpretearre as in dolkstjit yn 'e rêch troch Saûdy-Araabje. Dat lân hjit in Amerikaanske bûnsgenoat te wêzen, mar stelt him hjirmei dúdlik oan 'e kant fan Ruslân op, mei't fral de Russen baat hawwe by in hege oaljepriis. Ien en oar liedt ta in diplomatike krisis yn 'e relaasjes tusken de Feriene Steaten en Saûdy-Araabje.
- 8 - De Krimbrêge, dy't it fêstelân fan Ruslân ferbynt mei de yllegaal anneksearre Krim, eins in diel fan 'e Oekraïne, rekket swier skansearre by in eksploazje. Hoewol't it Oekraynske regear der gjin útlittings oer docht, wurdt der algemien fan útgien dat de Oekraïners efter de sabotaazjedie sitte, mei't de Krimbrêge in symboal fan 'e Russyske besetting fan 'e Krim is. Twa dagen letter fiert Ruslân by wize fan ferjilding raketbesjittings út fan Oekraynske stêden en enerzjysintrales.
- 20 - Liz Truss (lieder fan de Konservative Partij) giet al nei 45 dagen ôf as premier fan it Feriene Keninkryk, mar hâldt dat amt oant in nije lieder keazen is.[3]
- 21 - Yn de iere moarn komme snelboat Tiger fan Rederij Doeksen en de wettertaksy Stormloper fan rederij De Bazuin yn it Skûtegat mei-inoar yn oanfarring.[4]
- 23 - De Sineeske lieder Xi Jinping wurdt foar in trêde termyn beneamd as siktaris-generaal fan 'e Sineeske Kommunistyske Partij (en dêrmei as hearsker oer de Folksrepublyk Sina). Hy is sûnt de dea fan Mao Zedong de earste persoan yn dy funksje dy't net nei twa terminen romte makket foar in opfolger.
- 29 - Yn it Súdkoreaanske Seoel komme mear as 150 minsken om it libben troch de ekstreme drokte, by in Halloweenfeest yn in útgeansgebiet.[5]
- novimber
- 1 - In Israel wurde de ferkiezings foar de Knesset wûn troch it rjochtse blok fan Benjamin Netanyahu syn Likûdblok.
- 6-18 - Yn Sjarm el-Sjeich, yn Egypte, wurdt de Klimaatferoaringkonferinsje fan 'e Feriene Naasjes (2022) holden.
- 8 - By de midtermynsferkiezings yn 'e Feriene Steaten bliuwt de ferwachte "reade weach" fan oerwinnings foar de Republikeinske Partij (wêrfan't read de partijkleur is) út. De Demokraten witte de kontrôle oer de Amerikaanske Senaat te behâlden, wylst de Republikeinen mei de hakken oer de sleat de mearderheid yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen bemachtigje. Op steatsnivo witte de Demokraten boppedat oansjenlike winst te boeken yn steaten as Michigan, Minnesota en Pennsylvania. Oanhingers fan 'e eardere Amerikaanske presidint Donald Trump, dy't noch altyd wegerje de útslach fan 'e Amerikaanske presidintsferkiezings (2020) te erkennen, wurde op in protte plakken ferslein, wêrûnder yn Arizona, Georgia en Nij-Hampshire.
- 11 - Yn 'e Russysk-Oekraynske Oarloch befrijt it Oekraynske leger Cherson, de iennichste provinsjehaadstêd dy't de Russen sûnt it begjin 'e ynvaazje yn febrewaris fan dit jier witten hawwe te feroverjen.
- 15 - De wrâldbefolking berikt it oantal fan 8 miljard.
- 17 - Yn it sûnt 2019 rinnende proses tsjin Igor Girkin, Sergej Dûbinskij, Oleg Pûlatov en Leonid Chartsjenko, dy't fertocht wurde fan ferantwurdlikheid foar it delheljen fan Malaysia Airlines-flecht 17 boppe de eastlike Oekraïne yn 2014, docht de rjochter útspraak. Girkin, Dûblinski en Chartsjenko wurde skuldich befûn oan massamoard en by ferstek feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. Pûlatov wurdt frijsprutsen.
- 20-18 desimber - It WK fuotbal 2022 wurdt holden yn Katar.
- 21 - It Yndonezyske eilân Java wurdt troffen troch in ierdbeving mei in krêft fan 5,6 op 'e skaal fan Richter. Mear as 50 minsken komme dêrby om it libben.
- 25 - Op it Italjaanske eilân Ischia hat in ierdferskowing plak, ferskate minsken komme om it libben.
- 27 - Yn ferskate stêden yn Sina brekke protesten út tsjin 'e strange anty-koroanamaatregels dy't yn it lân noch altyd fan krêft binne.
- desimber
- 2 - De Jeropeeske Uny, de G7 en Austraalje stelle mei-inoar in boppepriis yn fan $60 it fet rouwe oalje út Ruslân. Dat dogge se om foar te kommen dat Ruslân profitearje sil fan syn agresje tsjin 'e Oekraïne en de wrâldwide enerzjykrisis dy't dêr it gefolch fan is.
- 7 - De Perûviaanske presidint Pedro Castillo besiket it parlemint te ûntbinen om syn ôfsetting foar kommen, mar dat wurket averjochts en is foar it troch de opposysje behearske parlemint krekt oanlieding om him daliks ôf te setten. Hy wurdt neitiid arrestearre foar it besykjen fan in steatsgreep.
- 7 - Nei oanhâldende protesten fersoepelet it regear fan Sina de anty-koroanamaatregels yn it lân.
- 14 - De earste maraton op natueriis fan it seizoen wurd feriden op de iisbaan fan Burgum. It wie foar it earst dat de earste maraton op natueriis yn Fryslân feriden wurde koe.[6]
- 21-26 - In sniestoarm, bekend ûnder de ûnoffisjele namme Winterstoarm Elliott, teheisteret it noarden en noardeasten fan 'e Feriene Steaten en it súdeasten fan Kanada. Fral de stêd Buffalo en omkriten, yn 'e Amerikaanske steat New York, wurde swier troffen, mei op plakken 203 sm snie. Dêr allinnich al falle 39 deaden. Yn totaal komme 91 minsken om.
- 29 - Benjamin Netanyahu wurdt de nije premier fan Israel.
- 31 - Guerrero fiert it homohoulik yn. Dat wie de lêste steat fan Meksiko dy't dat noch net dien hie; trouwen is foar homo's en lesbiënnes sadwaande fan no ôf oan legaal yn hiel it lân.
- 31 - Yn Rome komt paus Benedictus XVI yn 'e âldens fan 95 jier te ferstjerren.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 2 - Eric Walter Elst, Belgyske astronoom (* 1936)
- 4 - Henny Orri, Nederlânsk aktrise (* 1925)
- 9 - Bob Saget, Amerikaansk komyk, akteur en presintator (* 1956)
- 10 - Nils Århammar, Sweedsk taalkundige, spesjalisearre yn it Noardfrysk (* 1931)
- 15 - Frank Leyendekker, Frysk-Amerikaansk boer en hynsteman (* 1928)
- 15 - Candy Manson, Amerikaansk pornoaktrise (* 1983)
- 20 - Meat Loaf (Marvin Lee Aday), Amerikaansk sjonger (* 1947)
- 23 - Jean-Claude Mézières, Frânsk auteur (* 1938)
- 25 - Gert Schutte, Nederlânsk politikus (* 1939)
- febrewaris
- 2 - Klaas Tuinstra, Frysk politikus (* 1945)
- 9 - Sebastian Bieniek, Dútsk keunstner (* 1975)
- 19 - Kakuichi Mimura, Japansk fuotballer (* 1931)
- 23 - Sheila Benson, Amerikaansk filmkritika (* 1930)
- maart
- 17 - Gerrit Noordzij, Nederlânsk typograaf en letterûntwerper (* 1931)
- 20 - Piet Paulusma, Frysk waarman (* 1956)
- 25 - Taylor Hawkins, Amerikaansk drummer (* 1972)
- april
- 3 - Geert Eijgelaar, Nederlânsk politikus (* 1927)
- 14 - Alex Brenninkmeijer, Nederlânsk jurist en Nasjonale Ombudsman (* 1951)
- 18 - Harrison Birtwistle, Ingelsk Komponist (* 1934)
- 22 - Jan Rot, Nederlânsk sjonger en lietsjeskriuwer (* 1957)
- 25 - Henny Vrienten, Nederlânsk sjonger (* 1948)
- 28 - Leo Beerendonk, Nederlânsk fuotballer (* 1938)
- 28 - Juan Diego, Spaansk akteur (* 1942)
- 30 - Mino Raiola, Italjaansk-Nederlânsk fuotbalmakelder (* 1967)
- maaie
- 1 - Ric Parnell, Ingelsk drummer (* 1951)
- 4 - Harm Ottenbros, Nederlânsk hurdfytser (* 1943)
- 4 - Sis van Rossem, Nederlânsk keunsthistoarikus (* 1945)
- 9 - Jody Lukoki, Kongoleesk-Nederlânsk fuotballer (* 1992)
- 10 - Trevor Strnad, Amerikaansk sjonger (* 1981)
- 11 - Henk Groot Nederlânsk fuotballer (* 1938)
- 11 - Jeroen Brouwers, Nederlânske skriuwer (* 1940)
- 13 - Khalifa bin Zayed Al Nahayan, Arabysk presidint en Emir fan Abu Dhabi (* 1948)
- 15 - Mient Jan Faber, Nederlânske wiskundige en fredesaktivist (* 1940)
- 16 - Logan Long, Amerikaansk pornoakteur (* 1988)
- 17 - Vangelis, Gryksk muzikant en komponist (* 1943)
- 21 - Colin Cantwell, Amerikaansk keunstner en animator (* 1932)
- 23 - Eric Schneider, Nederlânsk akteur en skriuwer (* 1934)
- 25 - Wies van Dongen, Nederlânsk hurdfytser (* 1931)
- 25 - Gijs de Lange, Nederlansk akteur (* 1956)
- 26 - Andrew Fletcher, Britsk bassist en sjonger (* 1961)
- 26 - Willibrord Frequin, Nederlânsk sjoernalist en programmamaker (* 1941)
- 26 - Alan White, Ingelsk drummer (* 1949)
- 27 - Joop Mink, Frysk skûtsjekipper (* 1935)
- 28 - Bujar Nishani, Albaansk presidint (* 1966)
- 29 - Ronnie Hawkins, Amerikaansk sjonger (* 1935)
- juny
- 5 - Alec John Such, Amerikaansk bassist (* 1951)
- 7 - Hans Brian, Nederlânsk sportkommentator en rugbybûnscoach (* 1940)
- 8 - Julio Jiménez, Spaansk hurdfytser (* 1934)
- 11 - Ebeltje Boekema-Hut, Aldste frou fan Nederlân (* 1911)
- 13 - Philip Baker Hall, Amerikaansk akteur (* 1931)
- 13 - Henri Garcin, Nederlânsk akteur (* 1928)
- 17 - Jean-Louis Trintignant, Frânsk akteur (* 1930)
- 19 - Wim Dik, Nederlânsk bestjoerder (* 1939)
- 22 - Jonny Nilsson, Sweedsk reedrider (* 1943)
- 23 - Stien Baas-Kaiser, Nederlânsk hurdrydster (* 1938)
- july
- 3 - Remco Campert, Nederlânsk skriuwer en dichter (* 1929)
- 5 - Manny Charlton, Skotsk gitarist (* 1941)
- 6 - Wim Quist, Nederlânsk arsjitekt (* 1930)
- 6 - Nop de Graaf, Mei-grûnlizzer Kameleondoarp Terherne (* 1956)
- 8 - Shinzo Abe, Japansk premier (* 1954)
- 8 - Tony Sirico, Amerikaansk akteur (* 1942)
- 8 - José Eduardo dos Santos, Angoleesk presedint (* 1942)
- 8 - Luis Echeverría, Meksikaansk presedint (* 1922)
- 8 - Gregory Itzin, Amerikaansk akteur (* 1948)
- 9 - Gerrit Hensens, Nederlânsk politikus (* 1930)
- 11 - Monty Norman Britsk filmmuzykkomponist (* 1928)
- 14 - Pleun Strik, Nederlânsk fuotballer (* 1944)
- 14 - Jürgen Heinsch, Dútsk fuotballer (* 1940)
- 20 - Cas Enklaar, Nederlânsk akteur (* 1943)
- 23 - Rinus Ferdinandusse, Nederlânsk skriuwer (* 1931)
- 24 - Win Remmerswaal, Nederlânsk honkballer (* 1954)
- 26 - Felix Thijssen, Nederlânsk skriuwer (* 1933)
- 28 - Leontien Ceulemans, Nederlânsk aktrise en presintatrise (* 1952)
- 29 - Janine van Wely, Nederlânsk aktrise en kabaretiêre (* 1937)
- 30 - Jean Bobet, Frânsk hurdfytser (* 1930)
- 31 - Bill Russell, Amerikaansk basketballer (* 1934)
- 31 - Ayman al-Zawahiri, Egyptysk terrorist (* 1951)
- augustus
- 3 - Ton Frinking, Nederlânsk politikus (* 1931)
- 5 - Judith Durham, Australysk sjongeres (* 1943)
- 5 - Clu Gulager, Amerikaansk akteur (* 1928)
- 8 - Lamont Dozier, Amerikaansk lietsjeskriuwer (* 1941)
- 8 - Olivia Newton-John, Britsk-Australysk aktrise en sjongeres (* 1948)
- 9 - Raymond Briggs, Ingelsk berneboeksrkiuwer (* 1934)
- 9 - Nicholas Evans, Ingelsk skriuwer (* 1950)
- 12 - Anne Heche, Amerikaanske aktrise (* 1969)
- 12 - Wolfgang Petersen, Eastfrysk filmregisseur en filmprodusint (* 1941)
- 13 - Denise Dowse, Amerikaanske aktrise (* 1958)
- 16 - Joseph Delaney, Ingelsk skriuwer (* 1945)
- 18 - Josephine Tewson, Ingelsk aktrise (* 1931)
- 20 - Bram Peper, Nederlânsk politikus (* 1940)
- 22 - Jerry Allison, Amerikaansk drummer (* 1939)
- 25 - Herman Vanspringel Belgysk hurdfytser (* 1943)
- 30 - Michail Gorbatsjov, Russysk politikus en lieder fan 'e Sovjet-Uny (* 1931)
- septimber
- 4 - Peter Straub, Amerikaansk skriuwer (* 1943)
- 5 - Lars Vogt, Dútsk pianist en dirigint (* 1970)
- 7 - Piet Schrijvers Nederlânsk fuotballer (* 1946)
- 8 - Keninginne Elizabeth II fan it Feriene Keninkryk (* 1926)
- 11 - Willem Hageman, Nederlânsk ballonfeartpionier (* 1946)
- 19 - Paul Grijpma, Nederlânsk sjoernalist en akteur (* 1948)
- 22 - Hilary Mantel, Ingelsk skriuwster (* 1952)
- 23 - Jaak Dreesen, Flaamsk skriuwer en sjoernalist (* 1934)
- 28 - Jentsje Popma, Frysk byldzjend keunstner (* 1921)
- 28 - Coolio, Amerikaansk rapper (* 1963)
- oktober
- 3 - Léonie Sazias, Nederlânsk presintatrise, keunstneresse en politika (* 1957)
- 8 - Meike de Vlas, Frysk roeister (* 1942)
- 8 - Gerben Karstens, Nederlânsk hurdfytser (* 1942)
- 9 - Eileen Ryan, Amerikaansk aktrise (* 1927)
- 9 - Cees Lute, Nederlânsk hurdfytser (* 1941)
- 10 - Anita Kerr, Amerikaansk muzikante (* 1927)
- 11 - Angela Lansbury, Ingelsk aktrise (* 1925)
- 11 - Victor Steeman, Nederlânsk motorkoereur (* 2000)
- 13 - James McDivitt, Amerikaansk romtefarder (* 1929)
- 14 - Robbie Coltrane, Skotsk akteur (* 1950)
- 14 - Jurrit Visser, Frysk boargemaster (* 1952)
- 16 - Lodewijk van den Berg, Nederlânsk-Amerikaansk romtefarder (* 1932)
- 18 - Ole Ellefsæter, Noarsk skyrinner (* 1939)
- 22 - John Lilipaly, Nederlânsk politikus (* 1943)
- 22 - Dietrich Mateschitz, Eastenryksk ûndernimmer (* 1944)
- 24 - Leslie Jordan, Amerikaansk akteur (* 1955)
- 26 - Hans Galjaard, Nederlânsk heechlearaar humane genetika (* 1935)
- 27 - Rob Herwig, Nederlânsk publisist (* 1935)
- 28 - Jerry Lee Lewis, Amerikaansk muzikant (* 1935)
- 29 - Hugo Camps, Flaamsk skriuwer en sjoernalist (* 1943)
- novimber
- 5 - Hein van Nievelt, Nederlânske omropper, presintator, redakteur en regisseur (* 1942)
- 5 - Aaron Carter, Amerikaansk sjonger (* 1987)
- 8 - Pierre Kartner, Nederlânsk sjonger (* 1935)
- 8 - Dan McCafferty, Skotsk sjonger (* 1946)
- 10 - Chris Koerts, Nederlânsk gitarist (* 1947)
- 11 - Keith Levene, Ingelsk gitarist (* 1957)
- 12 - Cor van der Gijp, Nederlânsk fuotballer (* 1931)
- 13 - Rudi Hemmes, Nederlânsk fersetsstrider en kommandant fan de loftmacht (* 1923)
- 15 - Leen Droppert, Nederlânsk byldzjend keunstner (* 1930)
- 16 - Nicki Aycox, Amerikaansk aktrise (* 1975)
- 17 - Piet Buijnsters, Nederlânsk heechlearaar en boekhistoarikus (* 1933)
- 19 - Greg Bear, Amerikaansk skriuwer (* 1951)
- 25 - Irene Cara, Amerikaansk aktrise en sjongeres (* 1959)
- 26 - Henrie Adams, Nederlânsk dirigint (* 1959)
- 27 - Wim Cornelis, Nederlânsk sportbestjoerder (* 1938)
- 28 - Clarence Gilyard jr., Amerikaansk akteur (* 1955)
- 27 - Klaas Werumeus Buning, Frysk byldzjend keunstner (* 1955)
- 30 - Jiang Zemin, Sineesk presidint (* 1926)
- 30 - Christine McVie, Ingelsk sjongeres en toetsenist (* 1943)
- desimber
- 1 - Ercole Baldini, Italjaansk hurdfytser (* 1933)
- 2 - Floris Maljers, Nederlânsk bestjoerder (* 1933)
- 4 - Nick Bollettieri, Amerikaansk trainer (* 1931)
- 4 - Patrick Tambay, Frânsk Formule 1 koereur (* 1949)
- 5 - Kirstie Alley, Amerikaansk aktrise (* 1951)
- 7 - Johan de Jong, Frysk amateur-ornitolooch (* 1941)
- 11 - Joke Folmer, Nederlânsk fersetsstrider (* 1923)
- 14 - Jacob Luitjens, Nederlânske kollaborateur yn de Twadde Wrâldoarloch en heechlearaar (* 1919)
- 14 - Han Peekel, Nederlânsk programmamakker (* 1947)
- 15 - Joop Dikmans, Nederlânsk akteur (* 1930)
- 15 - Karel van Eerd, Nederlânsk ûndernimmer (* 1938)
- 18 - Greetje den Ouden-Dekkers, Nederlânsk politikus (* 1940)
- 22 - Anton Tkáč, Slowaaks baanhurdfytser (* 1951)
- 23 - Maxi Jazz, Britsk muzikant (* 1957)
- 24 - Vittorio Adorni Italjaansk hurdfytser (* 1937)
- 25 - John Leddy, Nederlânsk akteur (* 1930)
- 29 - Willem de Ridder, Nederlânsk keunstner (* 1939)
- 29 - Pelé, Brazyljaansk fuotballer (* 1940)
- 29 - Vivienne Westwood, Britsk moadeûntwerpster (* 1941)
- 29 - Baukje Wytsma, Frysk skriuwster en sjoernaliste (* 1946)
- 29 - Margriet Eshuijs, Nederlânsk sjongeres (* 1952)
- 31 - Paus Benedictus XVI (* 1927)
- 31 - Anita Pointer, Amerikaansk sjongeres (* 1948)
Bisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 14 augustus - Freya, In yn 'e Noardsee omswalkjende Walrus.[7]
- Desimber - Salinero, In dressuerhynder dat mei amazône Anky van Grunsven goud wûn op de Olympyske Simmerspullen fan 2004 en 2008.[8] (* 1994)
Films
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
- ferhalebondels
- Jim Butcher en Kerrie L. Hughes (red.), Heroic Hearts
- koarte ferhalen
Tillefyzje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Andor
- Obi-Wan Kenobi
- Star Trek: Strange New Worlds
- Star Wars: Galactic Pals
- Star Wars: Tales of the Jedi
Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- singles
Jierren: | 2017 | 2018 | 2019 | 2020 | 2021 | 2022 | 2023 | 2024 | 2025 | 2026 | 2027 |
Iuwen: | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e | 21e iuw | 22e | 23e | 24e | 25e | 26e |