Springe nei ynhâld

À la recherche du temps perdu

Ut Wikipedy
Foarkant fan Le Temps retrouvé.

À la recherche du temps perdu (Frânsk, betsjutting: "Op syk nei ferlerne tiid") is in romansyklus fan de Frânske skriuwer Marcel Proust. It wurk waard fan oarsprong útbrocht yn sân parten, tusken 1913 en 1927.

De skriuwer sjocht werom nei wat der yn syn tiid barde. Under oaren wurdt de Dreyfus-affêre oanhelle, de Earste Wrâldkriich, en syn ferhâlding mei in famke neamd Albertine. Ynstee fan in spesifike rige fan foarfallen te fertellen, giet dit wurk lyksols net krektoer de oantinkens fan de ferteller, mar is it in psychologyske refleksje op literatuer, ûnthâld en tiid. Mar, sa't Jean-Yves Tadié yn Proust et le roman al opmurk, wurde al dizze fersprate eleminten mei-inoar ferbûn as, troch al syn negative en positive ûnderfiningen, de ferteller (dy't ek de held fan de roman is) yn it lêste part de betsjutting fan it libben yn keunst en literatuer ûntduts.

À la recherche du temps perdu wurdt soms beskôge as ien fan de bêste boeken út de Frânske literatuer fan alle tiden. [1]

De lêste trije dielen fan À la recherche waarden postúm publisearre yn in fierhinne, mar noch net foltôge bewurking. De earste betroubere komplete útjefte ferskynde earst yn 1954.

De Fryske nammen jouwe allinnich de betsjutting fan de titels - der is net wier in Fryske oersetting fan it wurk.

  • 1 - Du côté de chez Swann 1913- Oan de Swann-kant
  • 2 - À l'ombre des jeunes filles en fleurs 1919 - Yn it skaad fan jonge famkes yn bloei
  • 3 - Le Côté de Guermantes (yn twa parten: 1920 / 1921) - De Kant fan Guermantes
  • 4 - Sodome et Gomorrhe(yn twa parten: 1921 / 1922) - Sodom en Gomorra
  • 5 - La Prisonnière 1923 - De Finzene
  • 6 - La Fugitive 1925 - De Flechtling
  • 7 - Le Temps retrouvé 1927 - Tiid wer werom

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. In Search of Lost Time. Yn: Encyclopædia Britannica.