De ferzje fan 13 apr 2011 om 21.00 troch Kening Aldgilles(oerlis | bydragen)(Changed protection level for "Haadside" ([edit=sysop] (indefinite) [move=sysop] (indefinite)))
It Swahily (Swahily: Kiswahili) is in Bantoetaal dy't fan oarsprong sputsen waard troch de Swahily, in folk dat lânseigen is yn East-Afrika, oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan. Yn 'e koloniale perioade hat it gebrûk fan dizze taal him lykwols oant fier yn it Afrikaanske binnenlân ta útwreide. It Swahily is hjoed de dei in offisjele taal yn Kenia, Tanzania, Oeganda en dielen fan 'e Demokratyske Republyk Kongo. It nau besibbe Komoreesk, de nasjonale taal fan 'e Komoaren en Majot, wurdt soms as in dialekt fan it Swahily beskôge. Der binne sa'n 5 miljoen minsken dy't it Swahily as memmetaal sprekke, mar mooglik wol oant 150 miljoen minsken dy't it as twadde taal oanleard hawwe.
... de bynamme fan Erwin Rommel de Woastynfoks wie? Hy krige dizze bynamme nei syn súksesfolle militêre dieden yn Noard-Afrika yn de Twadde Wrâldkriich.
... de langste minske ea 2,72 meter lang west hat? Syn namme wie Robert Wadlow en hy libbe fan 1918 oant 1940.
Besikers kinne mei de Temasiden sjen hokker siden wy fan beskate tema's hawwe. Mei de Kwissipedy kinne besikers op in boartlike wize yn 'e kunde komme mei de ynhâld fan de Wikipedy.
Sjoernalisten dy't wat witte wolle oer de Wikipedy kinne sjen by Parse.
Nije skriuwers kinne altyd Meidwaan, mar dêrfoar binne wol wat lytse Regels. Begjinnende skriuwers kinne better earst sjen hoe't hja Ienfâldich begjinne kinne.
Plaatsje fan de wike
Kastielruïne fan Aggstein, yn Wachau (Neder-Eastenryk).
Alle siden fan de Wikipedy falle ûnder de GNU Iepen Dokumintaasje Lisinsje. De ynhâld is iepenbier en mei ûnder de lisinsjebetingsten frij ferspraat wurde.