Toby Keith
Toby Keith | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Toby Keith Covel | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 8 july 1961 | |
berteplak | Clinton (Oklahoma) | |
stoarn | 5 febrewaris 2024 | |
stjerplak | Oklahoma City (Oklahoma) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | country | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | gitaar, stim | |
grutste hit(s) | Should've Been a Cowboy How Do You Like Me Now?! Beer for My Horses As Good as I Once Was | |
jierren aktyf | 1981 – no | |
prizen | 3 × American Music Award 7 × ACM Award 2 × CMA Award | |
offisjele webside | ||
www.tobykeith.com |
Toby Keith (wiere namme: Toby Keith Covel; Clinton (Oklahoma), 8 july 1961 – Oklahoma City, 5 febrewaris 2024) wie in foaroansteand Amerikaansk countrysjonger, dy't ek aktyf wie as lietsjeskriuwer, muzykprodusint en akteur. Hoewol't er al sûnt 1981 song, briek er pas yn 1993 troch. Hy hie grut súkses mei de hit Should've Been a Cowboy, dy't yn 'e Feriene Steaten it meast draaide countrynûmer fan 'e jierren njoggentich wie. Syn earste fjouwer studio-albums waarden sûnder útsûndering gouden of platina platen. Yn totaal hie Keith 20 nûmer 1-hits, wêrûnder Beer for My Horses (in duët mei Willie Nelson) en As Good as I Once Was, dy't yn 2003, resp. 2006 beide seis wiken op it earste plak yn 'e hitlisten fan 'e countrymuzyk stiene. Keith ferkocht wrâldwiid mear as 40 miljoen platen ferkocht.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keith waard yn 1961 berne yn Clinton, yn de Amerikaanske steat Oklahoma, as de soan fan Hubert K. Covel jr. en dy syn frou Carolyn Joan Ross, dy't beide fan etnysk Ingelsk komôf wiene. Syn wiere namme is Toby Keith Covel, wêrby't 'Keith' syn middelnamme (oftewol twadde foarnamme) is, mar syn artystenamme is Toby Keith, wêrby't 'Keith' de funksje fan efternamme ferfollet. Hy hat in suster en in broer. Doe't Keith lyts wie, wenne it gesin in skoftke yn Fort Smith, yn Arkansas, mar letter ferfearen de Covels nei Moore, in foarstêd fan Oklahoma City, dêr't Keith fierder opgroeide.
Syn beppe wie de eigneresse fan 'e Billie Garner's Supper Club yn Fort Smith, dêr't Keith as lyts jonkje al yn 'e ban rekke fan 'e countrymuzikanten dy't dêr optreden. Op 'e middelbere skoalle yn Moore wied er lit fan it Amerikaansk fuotbalteam. Nei't er slagge wie foar syn eineksamens wurke Keith in pear jier yn 'e ierdoaljeyndustry yn Oklahoma. Fan 1979 oant 1980 studearre er oan 'e Villanova Universiteit by Philadelphia, dêr't er foar mynboukundich yngenieur learde. Hoewol't er dy stúdzje net ôfmakke, soed er letter troch de universiteit bejeftige wurde mei in earedoktoraat.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er tweintich jier wie, foarme Keith in band mei syn freonen Scott Webb, Keith Cory, David 'Yogi' Vowell en Danny Smith, dy't se de Easy Money Band neamden. Se spilen yn pleatslike kroegen, en om't Keith op oprop wurke, moast er soms midden ûnder in optreden fuort. Doe't de oaljeyndustry yn 1982 yn 'e nederklits rekke, waard Keith ûntslein. Dêrop joech er him by de Oklahoma City Drillers, in semy-profesjoneel Amerikaansk fuotbalteam, wylst er dêrnjonken trochgie mei optredens mei de band. Doe't dúdlik waard dat in karriêre as profesjoneel Amerikaansk fuotbalspiler der foar him net yn siet, besleat er om him folslein ta te lizzen op in wurkpaad yn 'e countrymuzyk. Freonen en famylje hiene der in hurde holle yn oft dat wat wurde soe, mar yn 1984 begûn de Easy Money Band yn it sirkwy fan plattelânssealtsjes (de saneamde honky tonks) fan Oklahoma en de buorsteat Teksas op te treden.
Begjin 1990-er jierren gie Keith nei Nashville (Tennessee), it mekka fan 'e countrymuzyk, dêr't er demo's fan syn band nei de ûnderskate platemaatskippijen stjoerde. Doe't dêr gjin belangstelling foar bliek te wêzen, kearde Keith yn deprimearre tastân werom nei hûs. Mar koarte tiid letter joech in stewardess dy't in fan fan Keith wie, ien fan syn demo's oan Harold Shedd, in passazjier op ien fan har flechten, dy't in liedingjaande funksje beklaaide by de platemaatskippij Mercury Records. Shedd wie ûnder de yndruk fan wat er hearde, en besocht in optreden fan 'e Easy Money Band, wêrnei't er Keith in kontrakt oanbea.
As sjonger
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1993 kaam Keith syn debútsingle by Mercury Records út, Should've Been a Cowboy, dy't daliks it earste plak helle yn 'e Hot Country Songs, de wichtichste Amerikaanske hitlist foar countrymuzyk. Yn 'e algemiene hitlist Billboard Hot 100 berikte de single it 93e plak. Tsjin 'e ein fan 'e jierren njoggentich wie Should've Been a Cowboy mear as trije miljoen kear op 'e radio draaid, wat it ta it meast spile countryliet fan it desennium makke. It nûmer stie ek op Keith syn debútalbum Toby Keith, dêr't er in platina plaat foar útrikt krige om't der mear as ien miljoen eksimplaren fan ferkocht waarden. Itselde album omfieme noch trije oare countrytop 5-hits: He Ain't Worth Missing; A Little Less Talk and a Lot More Action (oarspronklike de B-kant fan Should've Been a Cowboy); en Wish I Didn't Know That. Syn grutte súkses late derta dat Keith op toernee gie mei Shania Twain en John Brannen, dy't doedestiden ûnder kontrakt stiene by itselde platelabel.
Yn septimber 1994 brocht Keith by Polydor Records yn Nashville, in difyzje fan Mercury, syn twadde album út, Boomtown, dat ek platina waard. It nûmer Who's That Man? helle it earste plak yn 'e Hot Country Songs, Upstairs Downtown en You Ain't Much Fun hellen de top 10 en Big Ol' Truck berikte it 15e plak. Ein 1995 kaam, ek by Polydor, in krystalbum fan Keith út, mei as titel Christmas to Christmas, dêr't inkeld eigenskreaune lieten op stiene. Yn april 1996 publisearre Keith syn trêde (algemiene) studio-album by de Nashville-ôfdieling fan A&M Records. De namme fan dat album wie Blue Moon, en it omfieme trije singles, wêrfan't Me Too Keith in trêde earste plak besoarge, Does That Blue Moon Ever Shine on You heakjen bleau op it twadde plak en A Woman's Touch it sechsde plak helle. Yn 1996 wurke Keith ek mei oan it album Stars and Stripes, Vol. 1 fan 'e popband The Beach Boys, wêrby't er meisong oan 'e nije ferzje fan it nûmer Be True to Your School, dat oarspronklik yn 1963 útbrocht wie.
Yn 1997 kearde Keith troch de fúzje fan 'e Nashville-ôfdieling fan A&M mei Mercury werom by syn oarspronklike platemaatskippij. Dat jiers brocht er dêr syn fjirde studio-album út, mei as titel Dream Walkin'. Dêrfan makken ûnderdiel út: de nûmer 2-hits We Were in Love en I'm So Happy I Can't Stop Crying (in duët mei Sting) en teffens de singles Dream Walkin', dat it fyfde plak yn 'e hitlisten behelle, en Double Wide Paradise. Mei Sting brocht Keith I'm So Happy I Can't Stop Crying live te'n gehoare op 'e útrikking fan 'e Country Music Association Awards fan 1997 yn Nashville.
Yn oktober 1998 brocht Keith noch it sammelalbum Greatest Hits, Volume One by Mercury út, mar dêrnei stapte er definityf oer nei in oare platemaatskippij, DreamWorks Records. Greatest Hits omfieme behalven âlde hits ek twa nije nûmers, it countryrapliet Getcha Some en If a Man Answers, dy't beide ek útbrocht waarden as singles. If a Man Answers waard Keith syn earste single dy't bûten de top 40 bleau. Neffens Keith hiene dy beide lieten oarspronklik gewoan op in studio-album stean sillen, mar beslisten de bazen by Mercury oars. Doe't dêrnei twa nije lieten fan sines troch de platemaatskippij ôfwiisd waarden, kocht Keith yn 1999 syn kontrakt ôf en ferhuze er nei in oar label.
By DreamWorks, dêr't syn âlde produsint James Stroud oan it roer stie, brocht er as earste single When Love Fades út, dat it lykwols ek min die. Dêrop liet er dat nûmer weromlûke en ferfange troch it ferske How Do You Like Me Now?!, ien fan 'e lieten dy't troch Mercury ôfwiisd wiene. Dat nûmer, dat Keith tegearre mei Chuck Cannon skreaun hie, waard in grutte hit, dy't fiif wiken efterinoar op it earste plak yn 'e Hot Country Songs stie, wylst it teffens syn earste liet wie dat de top 40 fan 'e Billboard Hot 100 foar poplieten binnenkrong, mei in 31e plak. It nûmer stie op it album dat ek How Do You Like Me Now?! hiet, en dat in platina plaat waard. Dat album omfieme ek de top 5-hit Country Comes to Town en in twadde nûmer 1, You Shouldn't Kiss Me Like This. In stikmannich lieten op it album wie skreaun of mei-skreaun troch Scotty Emerick, dy't yn 'e folgjende pear jier oanhâldend nau mei Keith gearwurkje soe. Yn 2001 wûn Keith twa Academy of Country Music Awards, yn 'e kategoryen bêste manlike sjonger en album fan it jier, foar How Do You Like Me Now?!
Keith syn sechsde studio-album, Pull My Chain, ferskynde yn augustus 2001 by DreamWorks. It omfette trije singles, I'm Just Talkin' About Tonight, I Wanna Talk About Me en My List, dy't alle trije efterinoar it earste plak yn 'e countryhitlisten hellen. Op syn sânde studio-album, Unleashed, dat yn 2002 ferskynde, stiene fjouwer singles, Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American), Who's Your Daddy?, Beer for My Horses, en Rock You, Baby. De earste trije dêrfan berikten allegear it earste plak, en Beer for My Horses, in duët mei Willy Nelson, wist dat plak seis wiken lang fêst te hâlden, wylst it yn 'e Billboard Hot 100 it 22e plak berikte.
Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American) wie in liet dat Keith skreau nei oanlieding fan 'e dea fan syn heit by in ferkearsûngemak yn maart 2001 en de terroristyske oanslaggen op it World Trade Center en it Pentagon op 9/11. Yn 'e liettekst fan it nûmer binne oerdúdlike nasjonalistyske en militaristyske sentiminten opnommen, en it rôp dêrom by frijwol alle taharkers in sterke reäksje op: òf men fûn it geweldich, òf men hie der in grouwéligen hekel oan. Keith song it liet yn 't earstoan inkeld by live-optredens, û.m. foar Amerikaanske legertroepen, oant generaal James L. Jones, de kommandant fan it Amerikaanske Marinierskorps, tsjin him sei dat it syn plicht as Amerikaan wie om Courtesy of the Red, White, & Blue op te nimmen en as single út te bringen.
Natalie Maines, de leadsjongster fan 'e Amerikaanske countryband Dixie Chicks, oan 'e oare kant, makke buorkundich dat se Courtesy of the Red, White, & Blue ferspijde, en fûn dat it liet "dom" wie "en countrymuzyk dom lykje li[e]t." Dy útspraak late ta in iepentlike fete tusken Keith en Maines, mei misledigings oer en wer. Keith liet witte dat Maines sels gjin ferskes skreau en hy wol, en brûkte boppedat ûnder syn konserten in bewurke foto fan Maines as eftergrûn, dêr't Maines op te sjen wie mei de Iraakske diktator Saddam Hoessein. Op 21 maaie 2003 droech Maines by de útrikking fan 'e Academy of Country Music Awards in T-shirt mei de letters "F.U.T.K." op 'e foarkant, dy't neffens har stiene foar "Friends United in Truth and Kindness" ("Freonen Feriene yn Wierheid en Goedhertichheid"). Mar de measte oaren, presintator Vince Gill ynbegrepen, seagen der in úthaal nei Keith yn ("Fuck You Toby Keith"). Yn oktober 2004 joech Maines úteinlik ta dat se dêr gelyk oan hiene.
Underwilens hie Keith foar Unleashed yn 2003 de American Music Award yn 'e kategory favorite country-album wûn. Datselde jiers kaam yn novimber syn achtste studio-album út, mei as titel Shock'n Y'all, wat safolle sizze wol as "skokkend foar jim allegearre", in ferwizing nei de term shock and awe dy't doedestiden troch it regear fan George W. Bush brûkt waard foar strategy ta de oerweldiging fan Irak. De trije lieten fan dat album dy't útbrocht waarden as single, I Love This Bar, American Soldier en Whiskey Girl, berikten allegear it earste plak yn 'e countryhitlisten. Mei Shock'n Y'all wûn Keith yn 2004 sawol de American Music Award foar favorite country-album as de Academy of Country Music Award foar album fan it jier. Ein 2004 kaam de sammel-cd Greatest Hits 2 út, mei dêrop behalven âlde hits ek trije nije lieten: Stays in Mexico, Go with Her en in cover fan Mockingbird, oarspronklik fan Inez en Charlie Foxx, dat Keith opnommen hie yn 'e foarm fan in duët mei syn dochter Krystal Keith.
Keith syn lêste album dat útbrocht waard by DreamWorks wie Honkytonk University, dat begjin 2005 ferskynde. De trije lieten fan dy cd dy't as single útkamen, Honkytonk U, As Good as I Once Was en Big Blue Note, hellen allegear de top 10 yn 'e Hot Country Songs, hoewol't inkeld As Good as I Once Was it earste plak berikte (en dat seis wiken efterinoar beset hold). Nei't DreamWorks yn 2005 opdoekt wie, joech Keith him yn augustus fan dat jier by in nije platemaatskippij, Show Dog Nashville. Dêr brocht er yn 2006 syn tsiende studio-album út, White Trash with Money. Ynstee fan Stroud, dy't hast al syn foargeande wurk produsearre hie, wurke Keith dêrfoar gear mei Chuck Cannon syn frou Lari White. It nije album omfette trije singles: Get Drunk and Be Somebody, A Little Too Late en Crash Here Tonight, wêrfan't de earste beiden trochkrongen oant yn 'e top 5 en de lêste hingjen bleau op plak 15.
Foar syn alfde studio-album Big Dog Daddy, út 2007, fungearre Keith sels as muzykprodusint. De single Love Me If You Can wie wer in nûmer 1-hit, wylst High Maintenance Woman it trêde plak helle en Get My Drink On it alfde. Neitiid folge letter itselde jier in nij krystalbum yn 'e foarm fan in dûbel-cd, mei as titel A Classic Christmas. Yn maaie 2008 ferskynde fierders in trêde sammelalbum, 35 Biggest Hits, mei dêrop ek in nije single, She's a Hottie, dy't lykwols net fierder kaam as in trettjinde plak yn 'e Hot Country Songs. Yn oktober fan dat jier ferskynde Keith syn tolfde studio-album That Don't Make Me a Bad Guy, mei dêrop twa nûmer 1-hits: She Never Cried in Front of Me en God Love Her. Yn 2009 brocht de titelsong fan it trettjinde studio-album American Ride it ek wer ta it earste plak. Fierders omfette dy cd ek it nûmer Cryin' for Me (Wayman's Song), in oade basketballer en basgitarist Wayman Tisdale, in freon fan Keith, dy't yn maaie 2009 ferstoar.
Bullets in the Gun, dat ferskynde yn oktober 2010, wie Keith syn earste studio-album dat gjin top 10-hits produsearre. Fan 'e trije singles berikten de titelsong Bullets in the Gun en Somebody Else beide in tolfde plak, wylst Trailerhood stykjen bleau op it njoggentjinde plak. De cd befette fierders it hilaryske nûmer Get Out of My Car, wêryn't Keith de draak stiek mei op seks taleine gleie keardels op ôfspraakjes mei tsjeppe froulju. Yn oktober 2011 brocht er it folgjende studio-album út, Clancy's Tavern, wêrfan't it nûmer Made in America it earste plak yn 'e Hot Country Songs berikte. In oare single fan dit album, Red Solo Cup, kaam net fierder as it njoggende plak, mar de fideoclip fan dat nûmer gie viral op it ynternet, en de single waard twa kear platina. Red Solo Cup berikte yn 'e pophitlist Billboard Hot 100 it fyftjinde plak, wat Keith syn bêste resultaat ea wie. In oar súksesfol nûmer fan Clancy's Tavern wie de single Beers Ago, dy't as gouden plaat sertifisearre waard.
Ein 2012 wie Hope on the Rocks Keith syn sechstjinde studio-album. De bêste single dêrfan wie I Like Girls That Drink Beer, dy't it santjinde plak yn countryhitlisten helle. Mids 2013 folge it santjinde studio-album, Drinks After Work, wêrfan't de as single útbrochte nûmers likemin de top 10 hellen. Datselde gou foar Keith syn achttjinde studio-album, 35 MPH Town, dat yn april 2015 útkaam. Fan Keith syn njoggentjinde en lêste studio-album, Peso in My Pocket, út 2021, wie it bêst prestearjende nûmer Happy Birthday, America, dat op it 31e plak yn 'e Hot Country Songs stûkjen bleau. Keith brocht by syn libben noch trije kompilaasje-albums út: Icon: Toby Keith (2017), The Bus Songs (2017) en Greatest Hits: The Show Dog Years (2019).
As akteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't er earder al meiwurke hie oan ferskate reklamespotsjes, aktearre Keith yn 2005 yn 'e film Broken Bridges, ûnder rezjy fan Steven Goldmann nei in senario fan Cherie Bennet en Jeff Gottesfeld. Oare rollen waarden ferfolle troch û.o. Kelly Preston, Burt Reynolds, Tess Harper en Lindsey Haun. Yn dizze film, dy't yn 2006 yn premiêre gie, spile Keith de rol fan Bo Price, in oan legerwâl rekke countrymuzikant yn in lyts plak yn Tennessee. De soundtrack fan 'e film waard troch Keith skreaun en opnommen. Yn 2008 skreau Keith fierders it senario foar de film Beer for My Horses, dêr't er sels de haadrol yn spile. Dy film wie basearre op syn duët mei Willie Nelson út 2003 mei deselde namme.
As ûndernimmer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fierders wie Keith ek aktyf as ûndernimmer. Sa iepene er yn 2005 it restaurantkeatling Toby Keith's I Love This Bar & Grill (in ferwizing nei syn hit I Love This Bar), mei trije filialen, yn Oklahoma City, Tulsa (Oklahoma) en Syracuse (New York). Letter waarden ûnder in franchisesysteem (wêrby't de oarspronklike útbaters eigner fan 'e oangeande saken bleaune) ek restaurants fan dit keatling iepene yn Thackerville (Oklahoma), Auburn Hills (Michigan) (sletten yn 2015), Kansas City (Missoery), Las Vegas (Nevada), Mesa (Arizona), Peoria (Arizona), St. Louis Park (Minnesota) (sletten yn 2015), Foxborough (Massachusetts), Cincinnati (Ohio), Newport News (Firginia), Denver (Kolorado) en Pittsburgh (Pennsylvania).
Fierders wie Keith eigner fan it kleanmerk TK Steelman en (sûnt 2011) fan it drankmerk Wild Shot, dat yn 'e I Love This Bar & Grills skonken wurdt. Yn 2013 waard rûsd dat Keith yn ien jier tiid $65 miljoen fertsjinne hie, en de fiif jier dêrfoar elts jier mear as $48 miljoen. Mei in fermogen dat nei skatting boppe de $500 miljoen lei, wie Keith ien fan 'e rykste countrystjerren fan 'e Feriene Steaten.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keith troude op 24 maart 1984 mei Tricia Lucus, mei wa't er trije bern krige, twa dochters en in soan. De âldste fan it trio wie Shelley Covel Rowland, dy't berne waard yn 1980 en yn 1984 troch Keith oannommen waard. Keith syn oare dochter wie Krystal LaDawn Covel Sandubrae, berne op 30 septimber 1985, dy't yn har heite fuotleasten folge as sjongster en bekend kaam te stean ûnder har artystenamme Krystal Keith. Soan Stelen Keith Covel wie in neikommerke, en waard berne yn 1997. Keith syn dochter Shelley waard de mem fan syn beide pakesizzers, dy't berne waarden yn 2008 en 2010.
Op 24 maart 2001, de deis dat Keith en de frou santjin jier troud wiene, kaam syn heit Hubert K. Covel jr. om by in ferkearsûngemak op 'e autosneldyk Interstate 35. Nei jierren fan prosedearjen kende de rjochter op 25 desimber 2007 in skeafergoeding fan $2,8 miljoen oan 'e famylje Covel ta, te beteljen troch Elias en Pedro Rodriguez, de eigners fan it bedriuw Rodriguez Transports of Tulsa, en harren fersekeringsmaatskippij Republic Western Insurance Co., foar dea troch skuld. Yn syn fûnis makke de rjochter dúdlik dat de ferklagen oanrekkenber wiene foar it minne ûnderhâld dat late ta it net wurkjen fan 'e remmen fan 'e touringcar dy't dêrtroch ynried op Covel syn auto.
Toby Keith wie in baptist, dy't op polityk mêd lange tiid lid wie fan 'e Demokratyske Partij, hoewol't er himsels omskreau as in konservatyf. Yn oktober 2008 makke er bekend dat er syn lidmaatskip fan 'e Demokratyske Partij opsein hie om't er it gefoel hie dat dy partij syn stânpunten net mear fertsjintwurdige. Hoewol't Keith yn syn lietteksten kear op kear syn stipe foar de Amerikaanske Striidkrêften útspriek, makke er ek dúdlik dat er net efter it politike beslút stie om 'e Irakoarloch te begjinnen. Behalven om syn mannichfâlde optredens foar Amerikaanske troepen, net inkeld yn 'e Feriene Steaten, mar ek om utens, yn oarlochsgebieten as Irak en Afganistan, stie Keith ek bekend om goeddiedichheidswurk foar goede doelen as Ally's House, in non-profitorganisaasje yn Oklahoma dy't help biedt oan bern mei kanker, en Little Kids Rock, in nasjonale organisaasje dy't krewearret foar deugdlik muzykûnderwiis op legere skoallen.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 2022 makke Keith bekend dat by him ein 2021 de diagnoaze fan maachkanker steld wie. Yn 'e tuskenlizzende tiid hied er gemoterapy, strieling en in operaasje ûndergien. Yn in parseberjocht út desimber 2022 neamde er syn striid tsjin kanker "frijwat ferswakjend". Yn in fraachpetear dat yn jannewaris 2024 útstjoerd waard troch it lokale tillefyzjestasjon KWTV yn Oklahoma City, seid er: "Kanker is in achtbaan. Je sitte mar wat te wachtsjen oant it fuortgiet. En miskien giet it wol nea wer fuort." Toby Keith ferstoar yn syn sliep op 5 febrewaris 2024 yn 'e âlderdom fan 62 jier oan 'e gefolgen fan syn sykte.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
20 april 1993 | Toby Keith | Mercury Records | (platina) (goud) | |
27 sept. 1994 | Boomtown | Polydor Nashville | (platina) | |
16 apr. 1996 | Blue Moon | A&M Records | (platina) | |
24 juny 1997 | Dream Walkin' | Mercury Records | (goud) | |
2 nov. 1999 | How Do You Like Me Now?! | DreamWorks Records | wûn in ACM Award foar album fan it jier | (platina) |
28 aug. 2001 | Pull My Chain | DreamWorks Records | (2× platina) (goud) | |
6 aug. 2002 | Unleashed | DreamWorks Records | wûn in American Music Award foar favorite country-album | (4× platina) (platina) |
4 nov. 2003 | Shock'n Y'all | DreamWorks Records] | wûn in American Music Award foar favorite country-album wûn in ACM Award foar album fan it jier |
(4× platina) (platina) |
17 maaie 2005 | Honkytonk University | DreamWorks Records | (platina) (goud) | |
11 apr. 2006 | White Trash with Money | Show Dog Nashville | (platina) | |
12 juny 2007 | Big Dog Daddy | Show Dog Nashville | (goud) | |
28 okt. 2008 | That Don't Make Me a Bad Guy | Show Dog Nashville | (goud) | |
6 okt. 2009 | American Ride | Show Dog Nashville | (goud) | |
5 okt. 2010 | Bullets in the Gun | Show Dog-Universal Music | : 323.000 eksimplaren ferkocht | |
25 okt. 2011 | Clancy's Tavern | Show Dog-Universal Music | wûn in BCMA Award foar ynternasjonaal album fan it jier | (goud) |
30 okt. 2012 | Hope on the Rocks | Show Dog-Universal Music | : 113.000 eksimplaren ferkocht | |
29 okt. 2013 | Drinks After Work | Show Dog-Universal Music | : 140.000 eksimplaren ferkocht | |
9 okt. 2015 | 35 MPH Town | Show Dog-Universal Music | : 29.200 eksimplaren ferkocht | |
15 okt. 2021 | Peso in My Pocket | Show Dog-Universal Music |
Gelegenheidsalbums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
17 oktober 1995 | Christmas to Christmas | Mercury Records | ||
23 okt. 2007 | A Classic Christmas | Show Dog Nashville |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]útbrocht | titel | label | prizen en nominaasjes | resultaat |
---|---|---|---|---|
20 okt. 1998 | Greatest Hits, Volume One | Mercury Records | (2× platina) | |
15 apr. 2003 | 20th Century Masters: The Millennium Collection | Mercury Records | (goud) | |
9 nov. 2004 | Greatest Hits 2 | DreamWorks Records | (3× platina) (platina) | |
6 maaie 2008 | 35 Biggest Hits | Show Dog Nashville | (platina) | |
30 juny 2017 | Icon: Toby Keith | Show Dog-Universal Music | ||
8 sept. 2017 | The Bus Songs | Show Dog-Universal Music | ||
25 okt. 2019 | Greatest Hits: The Show Dog Years | Show Dog-Universal Music | : 23.700 eksimplaren ferkocht |
Singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eigen singles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
1993 | Should've Been a Cowboy | n.f.t. | (3× platina) | Toby Keith |
He Ain't Worth Missing | n.f.t. | n.f.t. | ||
A Little Less Talk and a Lot More Action | n.f.t. | n.f.t. | ||
1994 | Wish I Didn't Know Now | (goud) | ||
Who's That Man? | n.f.t. | n.f.t. | Boomtown | |
Upstairs Downtown | n.f.t. | n.f.t. | ||
1995 | You Ain't Much Fun | n.f.t. | n.f.t. | |
Big Ol' Truck | n.f.t. | n.f.t. | ||
1996 | Does That Blue Moon Ever Shine on You? | n.f.t. | n.f.t. | Blue Moon |
A Woman's Touch | n.f.t. | n.f.t. | ||
Me, Too | n.f.t. | n.f.t. | ||
1997 | We Were in Love | n.f.t. | n.f.t. | Dream Walkin’ |
I'm So Happy I Can't Stop Crying (mei Sting) |
n.f.t. | n.f.t. | ||
1998 | Dream Walkin' | n.f.t. | n.f.t. | |
Double Wide Paradise | n.f.t. | n.f.t. | ||
Getcha Some | n.f.t. | n.f.t. | Greatest Hits Volume 1 | |
1999 | If a Man Answers | n.f.t. | n.f.t. | |
When Love Fades | n.f.t. | n.f.t. | How Do You Like Me Now?! | |
How Do You Like Me Now?! | n.f.t. | (2× platina) | ||
2000 | Country Comes to Town | n.f.t. | n.f.t. | |
You Shouldn't Kiss Me Like This | n.f.t. | (goud) | ||
2001 | I'm Just Talkin' About Tonight | n.f.t. | n.f.t. | Pull My Chain |
I Wanna Talk About Me | n.f.t. | (platina) | ||
2002 | My List | n.f.t. | n.f.t. | |
Courtesy of the Red, White, & Blue (The Angry American) | n.f.t. | (4× platina) | Unleashed | |
Who's Your Daddy? | n.f.t. | (goud) | ||
2003 | Rock You, Baby | n.f.t. | n.f.t. | |
Beer for My Horses (mei Willie Nelson) |
wûn in ACM Award foar fideoclip fan it jier | (2× platina) | ||
I Love This Bar | n.f.t. | (2× platina) | Shock'n Y'all | |
American Soldier | n.f.t. | (2× platina) | ||
2004 | Whiskey Girl | n.f.t. | (platina) | |
Stays in Mexico | n.f.t. | n.f.t. | Greatest Hits 2 | |
Mockingbird (mei Krystal Keith) |
n.f.t. | n.f.t. | ||
2005 | Honkytonk U | n.f.t. | n.f.t. | Honkytonk University |
As Good as I Once Was | n.f.t. | (3× platina) | ||
Big Blue Note | n.f.t. | n.f.t. | ||
Get Drunk and Be Somebody | n.f.t. | (goud) | White Trash with Money | |
2006 | A Little Too Late | n.f.t. | n.f.t. | |
Crash Here Tonight | n.f.t. | n.f.t. | ||
2007 | High Maintenance Woman | n.f.t. | n.f.t. | Big Dog Daddy |
Love Me If You Can | n.f.t. | n.f.t. | ||
Get My Drink On | n.f.t. | n.f.t. | ||
2008 | She's a Hottie | n.f.t. | (goud) | 35 Biggest Hits |
She Never Cried in Front of Me | n.f.t. | (goud) | The Don't Make Me a Bad Guy | |
God Love Her | n.f.t. | (goud) | ||
2009 | Lost You Anyway | n.f.t. | n.f.t. | |
American Ride | n.f.t. | (goud) | American Ride | |
Cryin' for Me (Wayman's Song) | n.f.t. | n.f.t. | ||
2010 | Every Dog Has Its Day | n.f.t. | n.f.t. | |
Trailerhood | n.f.t. | n.f.t. | Bullets in the Gun | |
Bullets in the Gun | n.f.t. | (goud) | ||
2011 | Somewhere Else | n.f.t. | n.f.t. | |
Made in America | n.f.t. | (platina) | Clancy's Tavern | |
Red Solo Cup | wûn in CMA Award foar fideoclip fan it jier | (3× platina) | ||
2012 | Beers Ago | n.f.t. | (goud) | |
I Like Girls That Drink Beer | n.f.t. | n.f.t. | Hope on the Rocks | |
Hope on the Rocks | n.f.t. | n.f.t. | ||
2013 | Drinks After Work | n.f.t. | n.f.t. | Drinks After Work |
Shut Up and Hold On | n.f.t. | n.f.t. | ||
2014 | Drunk Americans | n.f.t. | n.f.t. | 35 MPH Town |
2015 | 35 MPH Town | n.f.t. | n.f.t. | |
Beautiful Stranger | n.f.t. | n.f.t. | ||
2016 | A Few More Cowboys | n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
2017 | Wacky Tobaccy | n.f.t. | n.f.t. | The Bus Songs |
2018 | Don't Let the Old Man In | n.f.t. | n.f.t. | Greatest Hits: The Show Dog Years |
2019 | That's Country, Bro | n.f.t. | n.f.t. | |
2020 | What's Up, Cuz? | n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
2021 | Old School | n.f.t. | n.f.t. | Peso in My Pocket |
Happe Birthday, America | n.f.t. | n.f.t. | ||
2022 | Oklahoma Breakdown | n.f.t. | n.f.t. | |
2023 | Don't Let the Old Man In (rerelease) |
n.f.t. | n.f.t. | Greatest Hits: The Show Dog Years |
Gastsingles
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | titel | prizen en nominaasjes | resultaat | album |
---|---|---|---|---|
2001 | America the Beautiful (mei ferskate artysten) |
n.f.t. | n.f.t. | net op album útbrocht |
2003 | I Can't Take You Anywhere (mei Scotty Emerick) |
n.f.t. | n.f.t. | The Coast is Clear |
2004 | Midnight Rider (mei Willie Nelson) |
n.f.t. | n.f.t. | It Always Will Be |
I Love NASCAR (mei Cledus T. Judd) |
n.f.t. | n.f.t. | Bipolar and Proud | |
2008 | Things a Mama Don't Know (mei Mica Roberts) |
n.f.t. | n.f.t. | Days You Live For |
2018 | Time Flies (mei Colt Ford) |
n.f.t. | n.f.t. | Love Hope Faith |
2021 | The Worst Country Song of All Time (mei Brantley Gilbert y.g.m. Hardy) |
n.f.t. | n.f.t. | So Help Me God |
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | priis | resultaat | kategory | foar it nûmer/album |
---|---|---|---|---|
2001 | Academy of Country Music Award | wûn | album fan it jier | How Do You Like Me Now?! |
wûn | bêste manlike sjonger | n.f.t. | ||
2002 | Country Music Association Award | wûn | manlike sjonger fan it jier | n.f.t. |
2003 | Academy of Country Music Award | wûn | entertainer fan it jier | n.f.t. |
American Music Award | wûn | favorite country-album | Unleashed | |
2004 | Academy of Country Music Award | wûn | fideoklip fan it jier (mei Willie Nelson) | Beer for My Horses |
wûn | album fan it jier | Shock'n Y'all | ||
wûn | bêste manlike sjonger | n.f.t. | ||
wûn | entertainer fan it jier | n.f.t. | ||
American Music Award | wûn | favorite country-album | Shock'n Y'all | |
wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. | ||
2006 | American Music Award | wûn | favorite manlike country-artyst | n.f.t. |
2013 | BCMA Award | wûn | ynternasjonaal album fan it jier | Clancy's Tavern |
wûn | ynternasjonale act fan it jier | n.f.t. | ||
Country Music Association Award | wûn | fideoklip fan it jier | Red Solo Cup |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|