Mients
mients | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Calidris canutus | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De mients (Latynske namme: Calidris canutus) is in fûgel út it skift fan 'e wilstereftigen (Charadriiformes), de famylje fan 'e snipfûgels (Scolopacidae) en it skaai fan 'e grillen (Calidris), dy't briedt yn it Arktysk gebiet, mar yn súdliker oarden oerwinteret. Der binne seis ûndersoarten. It is in middelgrutte steltrinner, dy't benammen yn kustkriten tahâldt. Yn Nederlân is de mients in trekfûgel en wintergast, dy't yn it Waadgebiet gauris waarnommen wurde kin. Der bestiet frijwat ferskil tusken it fel oranje-eftige simmerkleed en de saaie griis-mei-wite winterfearren.
Taksonomy
De taksonomyske yndieling fan it skaai fan 'e grillen (Calidris) is noch net alhiel útkristallisearre. Dochs liket it der sterk op dat de mients úteinlik mei de grutte mients (Calidris tenuirostris) yn in apart skaai pleatst wurde moatte sil, nammentlik dat fan 'e mientsen (Calidris). Yn 2004 die út genetysk ûndersyk bliken dat njonken de grutte mients de earder hielendal net ta it grilleskaai rekkene brâninggril (Aphrizia virgata) wierskynlik it naust oan 'e mients besibbe is, en sadwaande sil dy soarte foar 't neist yn 'e takomst by it mientseskaai yndield wurde.
Fersprieding
Yn it briedseizoen hat de mients in sirkumpolêre fersprieding yn 'e Arktis, wêrnei't er ferfart nei kustgebieten dy't tusken 50° noarderbreedte en 58° suderbreedte yn lizze. Dêrmei hat de mients ien fan 'e langste trekken fan alle fûgels. Fan 'e ûndersoarten briedt de echte mients op it Taymyr-skiereilân en yn oare kriten fan noardlik Sibearje en oerwinteret yn súdlik Afrika, en briedt de rogersmients yn Tsjûkotka-skiereilân, yn eastlik Sibearje, en oerwinteret yn Austraalje, Papoea Nij-Guineä en Nij-Seelân en oan 'e súdeastkust fan Yndia. De piersmamients hat syn briedgebiet op 'e Nijsibearyske Eilannen, yn 'e Noardlike Iissee, en oerwinteret yn noardwestlik Austraalje, wylst de roselaarmients op it eilân Wrangel, boppe eastlik Sibearje, briedt en oerwinteret yn Floarida, Panama en Fenezuëla. De reade mients briedt yn it Subarktyske gebiet fan Kanada en oerwinteret yn Súd-Amearika, en de Iislânske mients, ta einbeslút, briedt yn it Kanadeeske poalgebiet en yn Grienlân en oerwinteret yn West-Jeropa.
Yn Fryslân komt de mients benammen foar op it Waad, dêr't de echte mients in tuskenstop makket ûnderweis út Sibearje nei súdlik Afrika of West-Afrika en oarsom, wylst it foar de Iislânske mients in diel fan it oerwinteringsgebiet is. Mei't mientsen meastal yn ûnbidige swaarmen oerwinterje, kin de mients bygelyk yn it Nasjonaal Park Skiermûntseach faak yn grutte kloften waarnommen wurde.
Uterlike skaaimerken
De mients hat trochinoar in lingte fan 23-26 sm, mei in wjukbreedte fan 47-53 sm en in gewicht fan 100 oant 200 g. Syn lichemsfoarm is typearjend foar grillen, nammentlik in lytse kop en lytsige eagen, in koarte hals en justjes tapsk tarinnende snabel dy't langer is as de kop sels. Mientsen hawwe koarte dûnkerkleurige poaten, wylst ek de snabel dûnker fan kleur is. It winterkleed, dat de normale fearrekleur werjout, is fealgriis op 'e rêch en de boppekant fan 'e wjukken, kop en sturt, en wyt oan 'e ûnderkant fan it lichem. De beide kleuren geane stadich yninoar oer fia in spikkelbûnte sône op 'e wangen, de sydkant fan de hals en de fangen. Der bestiet gjin ferskil tusken mantsjes en wyfkes oangeande it winterkleed.
Yn it briedseizoen krije mientsen lykwols in simmerkleed wêrby't de sydkant fan 'e kop, de hals en de bealch fel oranje-eftich kleure binne, wylst de rêch spikkelbûnt fealgriis-oranje-eftich is. Inkeld it efterein bliuwt wyt. By de wyfkes is it simmerkleed wat ljochter fan kleur as by de mantsjes. It ferfearjen fynt grutdiels plak ûnder de beide lange trekken dy't mientsen yn it foar- en neijier ûndernimme. Jonge eksimplaren binne brunich fan kleur en bliuwe dat har hiele earste jier troch. Mientsen binne net in spraaksum naasje en swije oer it algemien as se gjin soartgenoaten om har hinne hawwe. As se yn in swaarm fleane, kinne se lykwols fan knût roppe en as se oan 'e trek begûn binne, bringe se in twawurdliddich knûpknûp út. De pronksang fan it mantsje is in fluitich pûmy, dat yn Ingelsktalige lannen faak ynterpretearre wurdt as in klaachlik poor me ("earme ik").
Hâlden en dragen
Mientsen binne territoariaal en yn elts gefal per briedseizoen monogaam; it is ûnbekend oft de pearkes inoar fan seizoen oant seizoen ek trou bliuwe. Yn Ruslân is wol fêststeld dat se weromkeare nei itselde plak dêr't se earder ek bret hawwe. De mantsjes arrivearje earder as de wyfkes en sette der daliks mei útein om in territoarium te ferdigenjen. Se briede op 'e grûn, yn 'e fochtige toendra, fan juny oant augustus, it leafst deunby wetter, mar ornaris yn it binnenlân. It nêst bestiet út in ûndjip dobke yn 'e grûn dat beklaaid wurdt mei blêden, moas en koarstmoas. De mantsjes lizze yn har territoaria 3-5 fan sokke nêsten oan foar't de wyfkes sels mar arrivearje.
Nei de pearing leit it wyfke 3 of faker 4 aaien, ferspraat oer 6 dagen. De aaien binne 43 by 30 mm grut en hawwe deselde kleur as de toendraboaiem: ljochtbêzje dat wat út 'en grienens skynt, mei in brún spikkelpatroan. It mantsje en it wyfke bebriede de aaien tegearre, wat sa'n 22 dagen yn beslach nimt. Yn it begjin binne se mar frijwat skrikfallich, en wurde se maklik fersteurd, wêrnei't se ferskate oeren net wer op it nêst weromkeare. Letter yn 'e briedperioade bliuwe se lykwols stiiffêst op it nêst sitten, of it moat wêze dat se sels yn direkt gefaar komme. It útkommen fan 'e aaien bart almeast likernôch tagelyk. De pykjes binne dan oerdutsen mei dûns en al binnen in dei folgje se har âlden by it nêst wei, wêrnei't se mei har âlden oan it foerazjearjen slane. De wyfkes spylje fan ruten foar't de jongen selsstannich binne, en litte it oan 'e mantsjes oer om it grutbringen fan 'e jongen te foltôgjen. Sadree't de jongen fleane kinne, sette ek de mantsjes ôf nei it suden, wêrnei't de jongen noch wat talmje ear't se har earste reis op eigen manneboet oangeane.
Fretten
Op har trek en yn 'e oerwinteringsgebieten sykje mientsen har fretten oan 'e kust, yn drekflakten en op drûchfallen sânbanken, wêrby't se mei har snabel yn 'e grûn omprippe. De útein fan 'e snabel is tige gefoelich, sadat se dêrmei bistkes lokalisearje kinne dy't har yn 'e drek of it sân yngroeven hawwe, foar it meastepart weakdieren en lytse krabkes. Skaaldieren wurde mei skaal en al trochslokt en troch de spierde mage fyndrukt. Yn it briedseizoen, as se har nêst yn 'e regel in ein fan 'e kust ôf meitsje, frette mientsen almeast spinnen, lidpoatigen en ynsektelarven dy't se tusken de boaiemfegetaasje fan 'e toendra byinoar sykje.
Status
De mients hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje oer it gehiel nommen ridlik stabyl liket te wêzen, al nimme ferskate pleatslike populaasjes yn oantal ôf. It fiskjen mei sleepnetten op kokkels liket foar in grut part ferantwurdlik te wêzen foar dy weromgong fan 'e mients, benammen yn 'e Waadsee. Yn 'e Delawarebaai, oan 'e eastkust fan 'e Feriene Steaten, spilet de kommersjele fangst fan degenkrabben nei alle gedachten in selde soarte rol by de tebekfal fan 'e mientsestân dêre. Hoewol't de ûndersoarte fan 'e reade mients yn swierwaar ferkeart, wurdt de totale populaasje fan 'e mients hjoed de dei rûsd op 1,1 miljoen eksimplaren.
Undersoarten
Der binne seis erkende ûndersoarten fan 'e mients. Dat binne, rangskikt fan 'e grutste (fan stal) oant de lytste:
- de roselaarmients of Roselaars mients (Calidris canutus roselaari Tomkovich 1990)
- de reade mients (Calidris canutus rufa Wilson 1813)
- de echte mients (Calidris canutus canutus Linnaeus 1758)
- de Iislânske mients (Calidris canutus islandica Linnaeus 1767)
- de rogersmients of Rogers' mients (Calidris canutus rogersi Mathews 1913)
- de piersmamients of Piersma's mients (Calidris canutus piersmai Tomkovich 2001)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Fûgelsoarte
- Wilstereftige
- Snipfûgel
- Lânseigen fauna yn Alaska
- Lânseigen fauna yn Angoala
- Lânseigen fauna yn Argentynje
- Lânseigen fauna yn Austraalje
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Benyn
- Lânseigen fauna yn Brazylje
- Lânseigen fauna yn de Falklâneilannen
- Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Ekwatoriaal-Guinee
- Lânseigen fauna yn Fenezuëla
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Gabon
- Lânseigen fauna yn Gambia
- Lânseigen fauna yn Gana
- Lânseigen fauna yn Grienlân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Guinee
- Lânseigen fauna yn Guinee-Bissau
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Ivoarkust
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kaapverdje
- Lânseigen fauna yn Kameroen
- Lânseigen fauna yn Kanada
- Lânseigen fauna yn Kolombia
- Lânseigen fauna yn Kongo (Demokratyske Republyk)
- Lânseigen fauna yn Kongo (Republyk)
- Lânseigen fauna yn Lesoto
- Lânseigen fauna yn Libearia
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Namybje
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Nigearia
- Lânseigen fauna yn Nij-Seelân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Oerûguay
- Lânseigen fauna yn Sao Tomee en Prinsipe
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sierra Leöane
- Lânseigen fauna yn Sily
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sry Lanka
- Lânseigen fauna yn Súd-Afrika
- Lânseigen fauna yn Togo
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Yndia