Springe nei ynhâld

Joseph Caryl

Ut Wikipedy
De ferzje fan 15 aug 2023 om 18.10 troch Lytsewâld-Augsbuert (oerlis | bydragen)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Joseph Caryl

Joseph Caryl (novimber 160225 febrewaris 1673) wie in Ingelske fan de Anglikaanske Tsjerke ôfskieden geastlike.

Hy waard berne yn Londen en waard oplaat oan it Exeter College yn Oxford en waard dûmny yn Lincoln's Inn. Geregeldwei preke er foar it Lange parlemint, en wie lid fan de Synoade fan Westminster yn 1643. Op befel fan it parlemint begelate er Karel I nei Holmby House en yn 1650 begelate hy mei John Owen Oliver Cromwell nei Skotlân. Nei de Restoraasje waard er yn 1662 út syn gemeente fan St. Magnus by London Bridge set. Hy betsjinne hjirnei lykwols in Ofskieden gemeente yn Londen oant syn dea yn maart 1673, wêrnei't er opfolge waard fan John Owen

Caryl syn frommens en geleardens kin men werom fine yn syn kommentaar op it Bibelboek Job. (12 parten, 4to., 1651-1666; 2de útjefte, 2 parten, fol. 1676-1677)

Yn dit artikel is tekst út de Encyclopædia Britannica, 11de edysje, ferwurke, in publikaasje, dy't no yn de miene krite is.