Springe nei ynhâld

Taj Mahal Palace Hotel

Ut Wikipedy
De ferzje fan 4 apr 2023 om 21.43 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (nije side)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Taj Mahal Palace Hotel
bouwurk
lokaasje
lân Yndia
dielsteat Maharashtra
plak Bombay
koördinaten 18°55′19″ N 72°50′00″ E
bysûnderheden
type bouwurk hotel
keatling Taj Hotels, Resorts and Palaces
boujier 1903 (Taj Mahal Palace)
1972 (Taj Mahal Tower)
arsjitekt Sitaram Khanderao Vaidya
D.N. Mirza
boustyl Yndo-Saraseensk
oare ynformaasje
tal ferdjippings 6 (Taj Mahal Palace)
20 (Taj Mahal Tower)
tal keamers 604
kosten £250.000 (1903)
offisjele webside
taj.tajhotels.com/…/taj-mahal-palace-mumbai
kaart
Taj Mahal Palace Hotel (Bombay)
Taj Mahal Palace Hotel
Lokaasje yn Bombay.

It Taj Mahal Palace Hotel, histoarysk en pleatslik noch gauris koartwei "it Taj" neamd (útspr.: [taːʒ], likernôch: "taazj"), is in romroft en tige lúksueus hotel yn 'e Yndiaaske stêd Bombay (Mumbai), yn 'e dielsteat Maharashtra. It stiet deunby de súdpunt fan it skiereilân dêr't de stêd op leit, fuort njonken de Poarte ta Yndia. It is boud yn Yndo-Saraseenske styl en waard iepene yn 1903 as it Taj Mahal Hotel. It hotel is neamd nei de Taj Mahal, in tige ferheamd mausoleum en monumint yn Agra, dat likernôch 1.050 km noardnoardeastlik fan Bombay leit. It Taj Mahal Palace Hotel hat al sûnt de tiid dat Yndia noch in Britske koloanje wie de reputaasje ien fan 'e treflikste hotels yn 'e Oriïnt te wêzen. It heart no ta de hotelkeatling Taj Hotels, Resorts and Palaces. Yn 2008 wie it Taj Mahal Palace Hotel ien fan 'e plakken dy't troffen waarden troch de oanslaggen yn Bombay troch islamistyske terroristen. Dêrby foelen yn it hotel 36 deaden.

It Taj Mahal Palace Hotel waard yn 1903 boud yn Yndo-Saraseenske styl, nei in ûntwerp fan arsjitekten Sitaram Khanderao Vaidya en D.N. Mirza. De wichtichste oannimmer wie de Shapoorji Pallonji Group. It oarspronklike diel fan it hotel bestiet út in swiid foarmjûn gebou fan 6 ferdjippings mei in pear lytsere reade koepels op 'e beide hoeken en in ekstra ferdjippinkje mei in gruttere reade koepel boppe de haadyngong. Dy haadyngong wie trouwens oarspronklik oan wat no de efterkant fan it gebou is, dêr't letter it swimbad makke waard.

De Taj Mahal Tower, dêr't it hotel yn 1972 mei útwreide waard.

Yn 1972 waard it hotel útwreide mei de Taj Mahal Tower, in flatgebou yn moderne styl, ûntwurpen troch Daraius Batliwala en Rustom Patell, dat 20 ferdjippings telt. Dêrmei is it tal hotelkeamers yn it hiele Taj op 604 útkommen: 560 'gewoane' keamers en 44 ekstreem lúksueuze suites. Der binne fierders 9 ûnderskate eksklusive restaurants yn it hotel fêstige, dêr't de hotelgasten dinearje kinne. It personiel fan it Taj Mahal Palace Hotel bestiet út 1.600 man.

Dejinge dy't opdracht ta de bou fan it Taj Mahal Palace Hotel joech, wie Jamsetji Tata, út it bekende Tata-laach fan Yndiaaske yndustriëlen. In gauris ophelle ferhaal oer de reden foar de bou fan in eigen hotel is dat Tata de tagong ûntsein wêze soe ta it Watson's Hotel, dêr't inkeld blanken talitten waarden. Dy bewearing waard lykwols yn 2008 yn twifel lutsen troch de Britske sjoernalist Charles Allen, dy't yn The Guardian skreau dat it tige ûnwierskynlik is dat sa'n skoffearring Tata genôch dwers siet om in fermogen foar de bou fan in eigen hotel út te jaan. Hy ornearret dat de wiere reden foar de bou wie dat Tata oantrune waard troch de haadredakteur fan The Times of India om in "geskink oan 'e stêd dêr't er fan hold" te jaan yn 'e foarm fan in hotel dat "Bombay wurdich" wie.

Hoe dan ek, it hotel waard op 16 desimber 1903 iepene ûnder de namme fan it Taj Mahal Hotel, ferneamd nei de Taj Mahal, in mausoleum en monumint yn Agra, mear as tûzen kilometer nei it noardnoardeasten. Dêrmei hat it hotel neat út te stean, útsein dat it bedriuw mei 'Taj Mahal' op slach in bekende merknamme hie. De kosten fan 'e bou bedroegen doe £250.000, wat yn jild fan 2008 delkomt op £127 miljoen. Yn 'e Earste Wrâldoarloch waard it Taj Mahal Hotel brûkt as in militêr hospitaal mei 600 bêden. Tusken 1915 en 1919 waard efter it hotel grûn drûchlein dêr't yn 1924 de Poarte ta Yndia boud waard.

By de iepening wie it Taj Mahal Hotel it earste hotel yn Britsk-Ynje dat elektrisiteit hie, mei dêropta Amerikaanske fentilators, Dútske liften, Turkske baden en Ingelske butlers. Letter krige it ek de earste formeel fergunde bar fan Bombay, it earste restaurant fan Britsk-Ynje dat de hiele dei iepen wie, en, noch folle letter, de earste diskoteek fan Yndia. De oarspronklike kliïntêle fan it hotel bestie út rike Jeropeänen en de maharadja's en oare ynlânske foarsten fan Britsk-Ynje.

Mank de gasten dy't it hotel troch de jierren hinne ferwolkomje mocht, wiene skriuwer W. Somerset Maugham, jazzpianist Duke Ellington, de lêste ûnderkening fan Britsk-Ynje lord Mountbatten, akteur en tillefyzjepresintator Michael Palin en presidint fan 'e Feriene Steaten Bill Clinton. Ratanbai Petit, de twadde frou fan Muhammad Ali Jinnah, de stifter fan Pakistan, wenne oan 'e ein fan har libben yn 1929 yn it hotel. De legindarysk jazzmuzikant Micky Correa, de saneamde 'Sultan of Swing', wenne fan 1936 oant 1960 yn it hotel.

It Palace-diel fan it Taj Mahal Palace Hotel sjoen fan 'e Arabyske See ôf, mei rjochts de Poarte ta Yndia en dêrefter it Tower-diel fan it hotel.

Ferfal en útwreiding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjin 1966 wie it Taj Mahal Hotel fertutearze rekke, wat mooglik te witen wie oan it ferlies fan Britske hotelgasten nei de ûnôfhinklikheid fan Yndia yn 1947. Yn 1972 waard it berêden fan it hotel troch de Tata-famylje útbestege (yn 'e foarm fan in franchise) oan 'e Amerikaanske hotelkeatling InterContinental, in difyzje fan 'e loftfeartmaatskippij Pan Am. It hotel kaam doe it Taj Mahal Inter-Continental te hjitten. Datselde jiers kaam de Taj Mahal Tower ree, wat in grutte útwreiding fan 'e kapasiteit betsjutte om gasten te bêdzjen.

Yn 'e 1970-er jierren waard ek it bedriuw Taj Hotels, Resorts and Palaces oprjochte, dat yn Yndia nije hotels sette liet en teffens âlde hotels renovearre. Fan 1980 ôf wreide it bedriuw ek út bûten Yndia. De franchise-oerienkomst mei Inter-Continental rûn yn 1995 ôf, wêrnei't it Taj Mahal Inter-Continental wer gewoan it Taj Mahal Hotel waard; dat waard doe it flaggeskip fan Taj Hotels, Resorts and Palaces. Yn 2003 waard it hotel, ta eare fan it hûndertjierrich bestean, omneamd ta it Taj Mahal Palace & Tower Hotel.

Oanslaggen fan 2008 en weropbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de oanslaggen yn Bombay troch islamistyske terroristen fan 'e yn Pakistan fêstige groepearring Lashkar-e-Taiba, dy't fan 26 oant en mei 29 novimber 2008 plakfûnen, waard it Taj Mahal Hotel spesifyk yn 't foar útsocht as ien fan 'e tolve doelwiten yn 'e stêd. Yn totaal krongen fjouwer terroristen it hotel binnen, dêr't se mei mitrailleurs yn it wylde wei om har hinne skeaten, hangranaten ûntploffe lieten, brân stiften op 'e earste en fyfde (boppeste) ferdjippings fan it Palace-diel en minsken yn gizeling namen.

It rikjende Taj Mahal Palace Hotel by de oanslaggen fan 2008.

In grut diel fan it personiel bleau op syn post en besocht mei gefaar foar eigen libben de hotelgasten te rêden. Yn totaal foelen der 31 deaden, wêrfan't hotelwurknimmers en gasten elts likernôch de helte útmakken. By de ûntsetting fan it hotel waard ek in Yndiaaske kommando deade. Alle fjouwer terroristen kamen om, sadat it totale deadetal 36 bedroech. Likernôch 250 hotelgasten, dy't harsels yn harren keamers barrikadearre hiene, waarden neitiid troch de brânwacht út it baarnende hotel evakuëarre. Yn 2018 gie Hotel Mumbai yn premiêre, in Australysk-Amerikaansk-Yndiaaske ferfilming fan 'e oanslaggen op it Taj Mahal Hotel.

De minder skansearre dielen fan it Taj Mahal Palace & Tower Hotel giene al op 21 desimber 2008 wer iepen. It reparearjen fan 'e skea oan 'e rest fan it hotel duorre langer. De Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken Hillary Clinton besocht Yndia yn july 2009 en keas der mei opsetsin foar om yn Bombay yn it Taj te ferbliuwen. Yn maart 2010 waard de namme fan it hotel ferkoarte ta it Taj Mahal Palace Hotel. Op 15 augustus 2010 waard it hotel feestlik weriepene nei't alle skea bymakke wie. Op 6 novimber fan dat wie de Amerikaanske presidint Barack Obama it earste bûtenlânske steatshaad dat sûnt de oanslaggen yn it hotel ferbleau.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.