Elke Matthijs
Elke Matthijs (Leuven, 20 oktober 1978) is in byldzjend keunstner út Loonbeek (by Brussel)
Sy studearre yn 2001 ôf oan de Hegeskoalle Sint-Lukas yn Brussel mei as spesjalisaasje byldhoukeunst. Se drukt har graach út yn ferskate materialen en dissiplines.
Yn it earstoan wie har byldhouwurk in werjefte fan syklyske universele tema's. De grutte bylden wienen makke fan laske en smeid metaal. ’De frou’ en ‘it beskermjen’ stienen faak sintraal. De metalen wiene faak kontrastearjend: smeid izer mei wol of plûmen. It jout útdrukking oan har gefoelens dy't hja oerhâlde oan har beklemjende perioade fan 1990-1993 dat se yn Rwanda wie. Har tekeningen en skilderingen hienen mear deistige tema's. Earst benammen abstrakte skilderijen, de lêste jierren mear figuratyf.
Ut in hiel soad sketsen stiet it deistige libben en de frou noch hieltiten sintraal. Gewoane situaasjes as kuirjen mei de hûn of de oplutsen skouders fan in frou yn de rein wolle it teare en fergonklike útbyldzje. Hjirfoar brûkt Natthijs benammen brûns. Se wykt dan wol faak ôf fan it gewoane en oerdriuwt bepaalde fasetten om de taskôger oan it tinken oer himsels te setten.
Sûnt 1998 eksposearret se op ferskate plakken yn Belgje en Nederlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|