Springe nei ynhâld

Harmonyorkest

Ut Wikipedy
De ferzje fan 16 jun 2022 om 15.42 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Drewes hat de side Harmony-orkest omneamd ta Harmonyorkest: Staveringsflater yn titel)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Harmony Excelsior, Pijnacker

In harmonyorkest of koartwei harmony is in orkest dat bestiet út blaasynstruminten (sawol koper as hout) en slachwurkynstruminten.

Oars as by in fanfare bestiet in harmonyorkest net allinnich út koperblazers, slachwurkers en saksofoanen, mar dogge ek houtblazers lykas klarinet, dwersfluit, hobo en fagot mei. Troch dy besetting is de harmony by steat om in grut skala oan nuânses te meitsjen.

De besetting fan in harmonyorkest is net altyd gelyk, mar de neikommende ynstruminten waarden fan oarsprong út it eachweid fan in symfoanyske besetting winsklik achte:

Houtblaasynstruminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koperblaasynstrumenten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net-blaasynstruminten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It selskip jout poadiumkonserten of marsjearret op de maat fan de muzyk. By marsjearjen rint foar de harmony inkeld in tamboerkorps dat efter in tamboer-maître oan marsjearret. Dy lêste makket it marstempo út en jout de rûte oan. De dirigint jout meast oan wat it repertoire is, mar 'op 'e dyk' wurdt soks gauris oan de tamboer-maître oerlitten.

It harmonyorkest is fuortkommen út de militêre orkesten dy't in funksje hiene (en hawwe) om seremoarnjes muzikaal te begelieden. Troch it goedkeaper ynstrumintarium (yn ferliking mei de djoere strykynstruminten) wie it finansjeel te dwaan om yn in soad doarpen en stêden in harmonyorkest op te rjochtsjen foar de amateur-muzikant. Profesjonele (militêre) orkesten hiene in foarbyldfunksje yn it repertoire mei premjêres fan nije stikken en it útjaan fan CD's.

Underskie tusken harmonyorkesten en symfoanyorkesten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn tsjinstelling ta it symfoanyorkest is it moderne harmonyorkest in relatyf jonge orkestfoarm, hoewol't der ferienings binne fan sa'n 200 jier âld, de âldste is oprjochte yn 1775 en dat is de Koninklijke harmonie van Roermond. Oare ferskillen binne de funksje en it repertoire fan it harmonyorkest. Spilet it symfoanyorkest allinnich yn in konsertseal, in blaasorkest hat ek in sosjale funksje en wurdt ynset by allerhande barrens lykas festiviteiten, huldigings ensfh. It repertoire fan in harmonyorkest is meast breder as dat fan in symfoanyorkest, sa wurdt gauris ek amusemintsmuzyk en popmuzyk foar de fuotljochten brocht. De djipgong by klassike muzyk is lykwols meast wer minder as by it symfoanyorkest.

Orizjinele stikken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bepalende stikken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei dizze wurken is der foar soarge dat it harmonyorkest as serieuze orkestfoarm sjoen waard. Troch de mannichte útfierings yn in relatyf lang skoft hat se bewiisd dat se mei de tiid mei kinne.

Minder bepalende stikken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ek dizze stikken ha bewiisd dat se mei de tiid mei kinne ek al meitsje se in wichtich part út fan it harmonyrepertoire, dochs hat se noch net safolle ynfloed hân as boppesteande wurken.

Understeande stikken binne noch net âld genôch om sizze te kinnen yn hokker kategory se hearre, al liket it der op dat se yn ien fan beide boppesteande kategoryen telâne komme sille.

Der wurde fansels ek mannich âldere stikken arranzjearre en werskreaun foar harmonyorkesten. Oant yn de fyftiger jierren fan de tweintichste iuw bestie it wenstige repertoire foar it harmonyorkest benammen út bewurkings fan klassike ûvertueres en marsen. Nei dy tiid kaam der in weach fan nije orizjinele wurken dêr't in soad stylfernijings yn trochfierd waarden. Guon moderne komponisten meitsje sels ferskillende ferzjes fan har stikken, sadat se sawol troch in fanfare-, harmony- as in symfoanyorkest útfierd wurde kinne. Mei de hieltyd better wurdende muzikanten, it ynstrumintarium en de profesjonele diriginten, kinne hjoed de dei ek amateurorkesten knappe útfierings jaan fan technysk en muzikaal slim drege stikken.

In typysk ferskynsel yn de wrâld fan de blaasmuzyk is it hâlden fan konkoersen, wedstriden tusken muzykferienings. In feriening kin dêr oan meidwaan om har eigen nivo te testen en om de ear fan de feriening of it doarp of stêd heech te hâlden. Ek binne harmonyorkesten ferplichte om ienkear yn de fiif jier oan sa'n konkoers mei te dwaan, om't se oars net yn in beskate difyzje fan ien fan de muzykbûnen sitten bliuwe meie. Inkelde konkoersen steane heech oanskreaun, lykas it Certamen Internacional de Bandes de Música Ciutat de Valencia yn het Spaanske Valencia dat alle jierren holden wurdt, of it Wereld Muziek Concours yn Kerkrade dat ienkear yn de fjouwer jier holden wurdt, it Weltjugendmusikfestival yn Surich en de MidEurope Conference yn Schladming, Easteryk. Fierder wurdt om it jir in konferânse fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (W.A.S.B.E.) organisearre, dêr't foaroansteande harmonyorkesten út de hiele wrâld konserten mei nije stikken jouwe.

Fryslân en it harmonyorkest

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Fryslân sil men net gau in harmonyorkest tsjinkomme. Harmonyorkesten hawwe har plak yn it suden fan it lân. Yn Fryslân sjocht men - yn alle gefallen op it plattelân - meast allinnich fanfares en brassbands. Dat kin ek noch slim betiizjend wêze want guon fanfares hawwe yn har namme it wurd 'harmonie' stean. It tal harmonyorkesten yn Fryslân sit om de tsien hinne en dy binne benammen yn de gruttere plakken/stêden te finen. CMV Euphonia út Wommels is op it stuit de best prestearende harmonyferiening en is it ienichste harmonyorkest yn Fryslan dat yn 'e earste difyzje spilet.