Marsberg
Marsberg | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Noardryn-Westfalen |
Kreis | Hochsauerlandkreis |
Sifers | |
Ynwennertal | 19.826 (31-12-2016) |
Oerflak | 182,22 km² |
Befolkingstichtens | 109 /km² |
Hichte | 240 m. boppe seenivo |
Oar | |
Stifting | 1975 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 52°8′0″N 8°34′0″E |
Webside | www.marsberg.de |
Marsberg is in stêd en gemeente in it noardeastlike part fan it Sauerlân yn de Hochsauerlandkreis yn Noardryn-Westfalen, Dútslân. De gemeente ûntstie yn syn hjoeddeiske foarm yn 1975, yn it ramt fan de weryndieling yn Noardryn-Westfalen, út de eardere gemeenten Obermarsberg (yn de 17e en 18e iuw Stadtberge neamd) en Niedermarsberg (earder Horhusen neamd). Yn Obermarsberg moat nei alle gedachten de Irminsul op de Earesburch, it wichtichste hillichdom fan de âlde Saksen, stien hawwe. Nei it ferneatigjen troch Karel de Grutte dêrfan, waard it âldste kleaster fan Westfalen, dat letter part fan de Abdij fan Corvey waard, stifte. Niedermarsberg ûntjoech him ta in wichtige hannelsstêd, mar wie lykwols polityk ôfhinklik fan Obermarsberg. Fan belang wie sûnt de Iere Midsiuwen
de mynbou fan erts en it ferwurkjen dêrfan.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It plak leit oan de rivier de Diemel, sa'n 20 kilometer beëasten Brilon en 30 kilometer besuden Paderborn.
Oangrinzgjene gemeenten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Marsberg bestiet út de folgjende 17 buorren:
- Beringhausen
- Borntosten
- Bredelar
- Canstein
- Erlinghausen
- Essentho
- Giershagen
- Heddinghausen
- Helminghausen
- Leitmar
- Meerhof
- Niedermarsberg
- Obermarsberg
- Oesdorf
- Padberg
- Udorf
- Westheim
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Katolike tsjerke fan Helminghausen
-
Nikolaitsjerke fan Obermarsberg
-
St.Johanneskleaster
-
Stifttsjerke Obermarsberg
-
Stasjon fan Marsberg
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|