De wankelmotor, neamd nei syn ûntwerper Felix Wankel, is in soart fan ferbrâningsmotor dy't gjin silinders en sûgers hat, mar in likernôch trijehûkige rotor, dy't yn in soarte fan in trommel sit. Yn de iepen romten tusken de siden fan de rotor en de trommel wurdt in mingsel fan lucht en brânstof ta ûntploffing brocht en dêrtroch begjint de rotor te draaien en de krukas ek.

De Wankelsyklus
Wankelmotor mei twa rotors, (1974)

Foardielen fan de wankelmotor binne de kompakte bou, de enoarme akseleraasje en in minimum oan bewegende ûnderdielen sadat lege produksjekosten mooglik binne. Meidat de ûntbaarningsenerzjy fuortendaliks yn in draaiende beweging omset wurdt, trillet dizze motor hast net. De konvensjonele ferbaarningsmotor set de ferbaarningsenerzjy ommers oer in translearjende (op en del geande) beweging (sûgers) om yn in rotearjende beweging (krukas).
Neidelen fan de wankelmotor binne in heger oaljeferbrûkt, dat troch de boppesmarring fan de motor komt, in frijwat heech brânstofferbrûk en flugge slitaazje oan de punten fan de skiif.

Keppelings om utens

bewurkje seksje