Trutnov
Trutnov (Dútsk: Trautenau) is in stêd yn noardeast Tsjechië, yn de regio (kraj) Hradec Králové. Trutnov leit op in hichte fan 414 meter oan de rivier de Úpa yn it Reuzeberchtme.
Trutnov | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Tsjechje |
Regio | Hradec Králové |
Gemeente | Gemeente Trutnov |
Sifers | |
Ynwennertal | 30.893 ((2015) |
Oerflak | 103,36 km² (ynkl. wetter) |
Befolkingstichtens | 299 / km² |
Stêdekloft | n.f.t. |
Hichte | 375-414 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Webside | Webstee fan de gemeente |
Ut de skiednis
bewurkje seksjeTrutnov is boud op it plak fan in 12e-iuwske Slavyske delsetting, dy't nei de rivier Úpa neamd wie. De erste beskriuwing fan Trutnov stammet út 1260. Om de ûntjouwing fan it plattelân te stypjen joech kening Wenceslaus I fan Bohemen it rjocht oan Dútske migranten om in stêd te stichtsjen op it plak fan de delsetting.
Yn 1866 waard hjir de Slach by Trautenau útfjochte yn de Eastenryksk-Prusyske Oarloch. Oan de súdkant fan de stêd leit in park ta oantins fan de slach mei monuminten en detaillearre ynformaasjeboerden oer it fjochtsjen.
Foar de útsetting yn 1945 wiene Dútsers de mearderheid yn dizze stêd. Yn de Twadde Wrâldoarloch wie dêr in Arbeitserziehungslager.
Ekonomy
bewurkje seksjeIuwenlang wie de lânbou de wichtichste faktor fan de ekonomy fan Trutnov, mar yn de 19e iuw sette de yndustriële ûntjouwing út ein. Yn 1823 stifte Johannes Faltis dêr in linnen- en katoenfabryk. No is de Firma GRUND de iennige tekstylfabryk. Trutnov is hjoeddendei in yndustrystêd en sintrum fan elektronikayndustry mei bedriuwen fan de ûndernimmings ZPA Trutnov, ABB, Tyco, Siemens, Continental en Brose.
ZZN Trutnov en de brouwerij Pivovar Krakonoš binne fertsjintwurdigers fan de fiedingsmiddelenyndustry. Yn Poříčí stiet in sintrale fan enerzjyûndernimmer EPO. Kara Trutnov is in bedriuw yn de learyndustry.
Stedsdielen
bewurkje seksjeTrutnov bestiet út 21 stedsdielen:
- Adamov (Adamsthal)
- Babí (Trautenbach)
- Bohuslavice (Bausnitz)
- Bojiště (Hohenbruck)
- Dolní Předměstí (Niedere Vorstadt)
- Dolní Staré Město (Nieder-Altstadt)
- Horní Předměstí (Obere Vorstadt)
- Horní Staré Město (Ober-Altstadt)
- Kryblice (Krieblitz)
- Lhota (Welhotta)
- Libeč (Gabersdorf)
- Nový Rokytník (Neurognitz)
- Oblanov (Kaltenhof)
- Poříčí (Parschnitz)
- Starý Rokytník (Altrognitz)
- Střední Předměstí
- Střítež (Burkersdorf)
- Studenec (Staudenz)
- Vnitřní Město
- Volanov (Weigelsdorf)
- Voletiny (Wolta)
Stedsbyld
bewurkje seksjePartnerstêden
bewurkje seksjeBerne yn Trutnov
bewurkje seksje- Samuel Fritz (1654-1730), Jezuïtysk misjonaris dy't de earste sekuere kaart fan de Amasône makke yn 1707.
- Uffo Daniel Horn (1817-1860), Boheemsk dichter.
- Vincenz Czerny (19 novimber 1842 – 3 oktober 1916), Dútsk-Boheemsk sjiruch.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Ynformaasje oer de skiednis fan Trutnov (3 siden)
- Webcam (Krakonošovo-plein)
- Webcam (Sicht op de stêd fan de hichte Šibeník ôf - NE-rjochting)
- Webcam (Sicht op de stêd fan Šibeník ôf - NW-rjochting)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Trutnov fan Wikimedia Commons. |