In nazy is on oanhinger fan it nasjonaalsosjalisme. It nasjonaalsosjalisme is de namme fan de ideology wêrop tusken 1933 en 1945 de Dútske diktatuer basearre wie. De grûnlizzer fan it nasjonaalsosjalisme wie de destiidske Dútske agitator en letter diktator Adolf Hitler, dy't ek oan it haad stie fan de Nasjonaalsosjalistyske Dútske Arbeiderspartij (NSDAP).

Ryksflagge fan nazy-Dútslân, 1935-1945

De term wurdt faak pejoratyf brûkt.

Yn Spanje, dat yn de Twadde Wrâldkriich neutraal bleau, hâlde sa'n soarte bewâld fan Francisco Franco lykwols stân oant yn de jierren '70, mar dat betrof gjin nasjonaalsosjalisme. Likemin wie de Italjaanske Mussolini in nazy, mar wol in faksist.

Wurdferklearring

bewurkje seksje

It wurd 'nazy' komt fan Nationalsozialist, de Dútske term foar in oanhinger fan it nasjonaalsosjalisme. De ôfkoarting 'nazy' is analooch oan it wat âldere 'sozi', wat yn it Dútslân fan it begjin fan de 20e iuw de folksnamme wie foar in oanhinger fan it sosjalisme. De term 'nazisme' is fan 'nazy' ôflaat en wurdt tsjintwurdich brûkt as ôfkoarting foar nasjonaalsosjalisme. It wurdt ek wol brûkt as pejoratyf eigenskipswurd ('dat binne nazistyske praktiken').