Nút (lichemsdiel)

De nút, ek wol ikel neamd, al is dat in hollanistyske ynterferinsje op basis fan it Nederlânske wurd eikel, is de rûne en tige gefoelige útein fan 'e penis. De medyske (Latynske) term foar dit orgaan is glans penis, fan glans ("ikel") en de twadde namfalsfoarm penis ("fan de penis"). De nút is by de man anatomysk homolooch oan 'e klitoris by de frou.

boppe-oansjoch.
ûnderoansjoch.

De nút wurdt normaal oerdutsen troch de foarhûd (preputium), behalven by manlju dy't om religieuze, kulturele of genêskundige redens besnien binne, wat sizze wol dat by harren de foarhûd ferwidere is sadat de nút altyd bleat leit. Ek by ûnbesniene manlju heart de nút ûntbleate wurden te kinnen troch de foarhûd werom te lûken. Soms is dat net mooglik om't de foarhûd te nau is. Om't dat ek in behindering is ta it bedriuwen fan geslachtsmienskip, is yn sokke gefallen faak operative help nedich.

By guon manlju wurdt de foarhûd automatysk weromlutsen as se in ereksje krije. By de measten by wa't dat net bard, kin er lykwols ek by ereksje sûnder swierrichheden weromlutsen wurde. As in man in ereksje kriget, swolt de nút op oant de hûd (ein in slymflues) der strak oerhinne stiet en sa útrutsen wurdt dat er derfan glânzget. Dat komt trochdat der by it krijen fan in ereksje bloed nei de swellichems fan 'e nút ta rint. Troch de gefoeligens spilet de nút in wichtige rol yn 'e manlike seksualiteit; stimulaasje fan 'e nút is ien fan 'e twa manearen dy't manlju hawwe om ta in orgasme te kommen (de oare is stimulaasje fan 'e prostaat).

De urinebuis, dy't tsjinnet as trochging foar sawol urine as sperma, rint dwers troch de nút hinne en komt yn 'e top út. Rûnom hat de nút in ekstra gefoelige râne, de nútrâne, dy't by ereksjes sterk opstiet fan it oangrinzgjende diel fan 'e penis. Oan 'e ûnderside wurdt de nút mei de foarhûd ferbûn troch in smel bantsje hûd, dat it toomke of frenulum (frenulum praeputii penis) neamd wurdt. Yn 'e mande mei de nútrâne is it toomke meastal ien fan 'e gefoelichste plakken fan 'e penis.

By ûnbesniene manlju sammelt him ûnder de foarhûd, benammen efter de nútrûne, saneamd smegma, in witich guodsje dat ôfskaat wurdt troch de hûd fan 'e nút en foar it meastepart út talch bestiet. It heart ta de normale lichemshygiêne om dat spul fuort te waskjen, ynsafier't it weromlûken fan 'e foarhûd dat alteast talit. As de nút net geregeldwei skjinmakke wurdt, kinne der ûntstekkings ûntstean oan 'e nút en de foarhûd (balanitis). Komt sa'n ûntstekking nettsjinsteande goede hygiêne dochs ferskate kearen foar, dan is it faak de baas om in besnijenis yn omtinken te nimmen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.