Albert Oost
Albert Oost (Wynjewâld, 1968) is in Fryske skilder en byldhouwer.[1]
Oost studearre oan Akademy Minerva yn de stêd Grins, mar makke de oplieding net ôf. Hy ûntwikkele himsels fierder as autodidakt. Hy wennet en wurket op It Hearrenfean. Hoewol't hy him benammen taleit op skilderjen,[2] makket hy ek romtlik wurk. Hy eksposearre ûnder oare yn it Frysk Museum (2002), it Grinzer Museum (2007) en it Museum Belvedêre (2008, 2010).
Inkele wurken
bewurkje seksje- 1998 Bodil, Boalsert
- 2002 De Pûst, De Lemmer
- 2002 Platfoarm, Easterwâlde
-
Bodil
-
Sjoerd (Menhir)
-
Rûmsicht
-
Speltsje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |