69
jier
Iuwen: | 5e fK | 4e fK | 3e fK | 2e fK | 1e fK | 1e iuw | 2e | 3e | 4e | 5e | 6e |
Jierren: | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder | 69 LXIX |
Ab urbe condita | 822 |
Etiopyske kalinder | 61 – 62 |
Hebriuwske kalinder | 3829 – 3830 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 124 – 125 |
- Kali Yuga | 3170 – 3171 |
Juliaanske kalinder |
69 LXIX |
Sineeske kalinder | 2765 – 2766 乙辰 – 丙巳 |
69 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Juliaanske kalinder foar 69.)
Foarfallen
bewurkje seksje- It Fjouwerkeizersjier. Yn Rome ûntstiet nei de dea fan Nearo in machtsfakuüm.
- 1 jannewaris - By de wenstige eedsôflizzing op nijjiersdei wegerje de legioenen yn Mogontiacum (Mainz) de eed fan trou oan de nije keizer Galba ôf te lizzen.
- 3 jannewaris - Yn Keulen roppe de troepen Fitellius ta keizer út.
- 15 jannewaris - Mei de steun fan 14 leden fan de Praetoriaanske garde fermoardet Oto, in hoveling fan Nearo, keizer Galba en ropt himsels ta keizer út.
- Grutte dielen fan it westen ferklearje har foar Fitellius, de eastlike provinsjes foar Otho.
- 14 april - Hoewol't beide keizers leaver ôftrede soenen komt it ta in fjildslach by Cremona. (Earste slach by Bedriacum) Falens wint de slach foar Fitellius dy't oan de oare kant fan de Alpen bleaun wie.
- 17 april - Otho pleecht selsmoard en lit dêrmei syn supporters in de stiik.
- 19 april - De Romeinske senaat erkent Fitellius as keizer.
- Fitellius, dy't benammen de meast Gallyske en Germaanske troepen fan de Ryn fertsjintwurdiget, nimt wraak op syn tsjinstanners yn de Praetoriaanse Garde. Hy ûntslaat grutte oantallen soldaten. Yn it easten docht dat syn oansjen gjin goed.
- 1 augustus - De troepen yn Aleksanderje roppe Fespasianus ta keizer út.
- In soad fan de troepen yn Germania wurde nei Itaalje weromroppen. Dit liedt ta in machtsfakuüm en de opstân fan de Batavieren ûnder Klaudius Sivilis
- 24 oktober - Twadde slach by Bedriakum. Fespasianus ferslaat Fitellius.
- De gûverneur yn Germania, Markus Hordeonius Flaccus, ferklearret him foar Fespasianus, ta argeweaasje fan syn troepen. It 5e en 15e legioen rebellearje en ferklearje harren foar Fitellius
- Gallia skiedet him ôf en Sivilis nimt Castra Fetera (Ksanten) yn. Findonissa (Windisch) is de ienige posysje dy't Rome trou bliuwt.
- 20 desimber - Fitellius wurdt finzen nomd en deamakke.
Berne
bewurkje seksje- Suetonius (of 70)
- Polykarpus, om dit jier hine
Ferstoarn
bewurkje seksje- 15 jannewaris: Galba, fermoarde troch Oto
- 17 april: Oto pleecht selsmoard
- Lucceius Albinus wurdt deamakke op lêst fan Vitellius
- 20 desimber: Fitellius wurdt fermoarde
Jierren: | 64 | 65 | 66 | 67 | 68 | 69 | 70 | 71 | 72 | 73 | 74 |
Iuwen: | 5e fK | 4e fK | 3e fK | 2e fK | 1e fK | 1e iuw | 2e | 3e | 4e | 5e | 6e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|