Kempten is in kreisfreie Stadt yn it súdwesten fan 'e Dútske dielsteat Beieren. Kempten is de súdlikste kreisfreie Stadt fan Dútslân en leit oan it grinsgebiet mei de Eastenrykske dielsteaten Tiroal en Vorarlberg.

Kempten
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Beieren
Stedsyndieling 155 Ortsteile
Sifers
Ynwennertal 70.056 (2022)
Oerflak 63,28 km²
Befolkingsticht. 1.107 ynw./km²
Hichte 674 m
Oar
Postkoade 87435, 87437, 87439
Koördinaten 47° 44' N 10° 19' E
Offisjele webside
www.kempten.de
Kaart
Kempten (Beieren)
Kempten

De stêd foarmet in enklave yn 'e lânkring Oberallgäu en tsjinnet ek as sintrumfunksje foar de Allgäu.

De stêd is ien fan 'e âldste stêden fan Dútslân en waard al yn 'e âldheid yn in dokumint neamd.

 
Kempten yn 1569 mei lofts de Frije Ryksstêd en bûten de muoren rjochts it stiftsgebiet

Kempten ûntwikkele him út twa ferskillende delsettings: oan 'e ien kant de Frije Ryksstêd Kempten en oan 'e oare kant it gebiet fan 'e foarstabdij Kempten. De beide stedsdielen, it iene protestantsk en it oare roomsk, stiene yn 'e Tritichjierrige Oarloch fijannich foar inoar oer. De protestantske Frije Ryksstêd krige stipe fan Sweedske troepen, de abdij krige help fan keizerlike troepen. Beide stedsdielen waarden troch fijannelike troepen ferneatige.

Sûnt de jierren 1930 wurdt Kempten mei klam in Allgäuer plak neamd, mar der wurdt lykwols mear in Swabysk as in Allgäuer dialekt praat.

Sûnt 1977 hat de stêd in hegeskoalle, dy't mei hast 6.000 studinten ien fan 'e grutste fakhegeskoallen fan Beieren is.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De roomske Sint-Laurentiusbasilyk (St. Lorenz) mei de stiftsgebouwen;
  • De protestantske Sint-Magnustsjerke (St. Mang) is in letgoatysk gebou út 1427, dat yn 'e 18e iuw in rokoko-ynterieur krige.
  • De Keck- of Stefanuskapel (Keckkapelle) oan 'e Kaufbeurer Strasse (meast net iepen) is in mei fresko's fersierde romaanske kapel en ien fan 'e âldste gebouwen fan Kempten.
  • It riedhûs giet op it jier 1474 werom en waard letter ferboud. Foar it riedhûs stiet de 17e-iuwske Magnusfontein.
  • De Londoner Hof (Rathausplatz 2) is in stedspaleis yn rokoko-styl dat yn 1764 yn opdracht fan de keapman Johann Christoph Fehr boud waard. In oar stedspaleis is it 16e-iuwske Ponikauhaus (Rathausplatz 10).

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise op dizze side.