Heksadesimaal systeem

It heksadesimaal systeem is in getalstelsel wêrby't net, lykas yn 'e Westerske wrâld gebrûklik is, útgien wurdt fan in basisienheid fan 10 sifers (it desimaal systeem), mar fan in basisienheid fan 16 sifers. 'Heksadesimaal', fan it Frânske hexadécimal, betsjut nammentlik "sechstjintallich". Yn dit systeem wurde de sifers 0 o/m 9 útwreide mei de haadletters A (=10) o/m F (=15). Soms wurde dy oanfollings mei lytse letters skreaun (a o/m f). Yn dizze kontekst moatte de oanfoljende lettertekens lykwols net as letters beskôge wurde, mar as sifers. Benammen yn 'e ynformatika wurdt in protte wurke mei de heksadesimale foarstelling fan getallen, om't dy goed oanslút by de binêre (twatallige) programmeartaal. It wurd 'heksadesimaal', yn it Ingelsk hexadecimal, wurdt dêrby faak ôfkoarte ta hex, ek al betsjut dat eins 'seis' ynstee fan 'sechstjin'.

Mei in binêr getal fan fjouwer bits kinne de getallen fan 0 o/m 15 werjûn wurde, dus krekt as in heksadesimaal getal besteande út ien (heksadesimaal) sifer. Troch hieltyd groepen fan fjouwer opinoar folgjende bits yn in binêr getal as ien heksadesimaal sifer te skriuwen, ûntstiet in heksadesimaal getal dat foar it minsklik each oersichtliker is as de (binêre) rige 0-en en 1-en. In binêr getal as 11000101011000100101110101110010 is bygelyks foar minsken frijwol ûnlêsber. Dêrom wurde de sifers yn groepkes fan fjouwer (saneamde nibbles) groepearre. De werjefte fan itselde getal wurdt dan: 1100-0101-0110-0010-0101-1101-0111-0010. Elts fjouwertal wurdt dêrnei yn in heksadesimaal sifer omset: C5625D72. Dat is folle oersichtliker.

heks des okt bin
00 0 000 0000 0000
01 1 001 0000 0001
02 2 002 0000 0010
03 3 003 0000 0011
04 4 004 0000 0100
05 5 005 0000 0101
06 6 006 0000 0110
07 7 007 0000 0111
08 8 010 0000 1000
09 9 011 0000 1001
0A 10 012 0000 1010
0B 11 013 0000 1011
0C 12 014 0000 1100
0D 13 015 0000 1101
0E 14 016 0000 1110
0F 15 017 0000 1111
10 16 020 0001 0000
11 17 021 0001 0001
64 100 144 0110 0100
FF 255 377 1111 1111
100 256 400 1 0000 0000

Programmeartalen

bewurkje seksje

Om dúdlik te meitsjen dat men in heksadesimale wearde bedoelt, wurde faak inkele tekens tafoege. Boppedat jildt yn hast eltse programmeartaal de eask dat in wearde mei in 'echt' sifer begjinne moat (en dus net mei A o/m F). It heksadesimale getal 35 kin skreaun wurde as "35x" of "35h", en yn in programmeartaal as "0x35". Soe men it yn in programmeartaal as "35" stean litte, dan waard it troch de kompjûter opfet as in desimaal getal.

In pear foarbylden:

  • ABCDh (begjint mei in letter; dêrom net mooglik yn in protte programmeartalen)
  • 0ABCDh (troch in 0 ta te foegjen, dy't oan 'e wearde fan it getal neat tafoeget, wurdt it probleem ferholpen)
  • 0xABCD
  • $ABCD
  • x'ABCD'

Tapassings fan it heksadesimaal systeem

bewurkje seksje

It heksadesimale systeem wurdt frijwol allinne mar brûkt troch dejingen dy't op leech nivo mei kompjûters wurkje. Dat is in gefolch fan 'e binêre (twatallige) wurking fan 'e kompjûter en de opbou en wurking fan it kompjûterûnthâld. Troch de tapassing fan hegere programmeartalen is kennis fan it heksadesimale systeem almeast gjin direkte needsaak mear.

It heksadesimaal systeem wurdt û.m. brûkt foar:

  • it oantsjutten fan kleuren yn 'e foarm fan in RGB-wearde yn HTML. Sa is FFFFFF de wearde foar wyt, en 000000 de wearde foar swart
    • de 1e byte is de readwearde (RGB): FF 00 00, ornaris skreaun as #FF0000 = read
    • de 2e byte is de grienwearde (RGB): 00 FF 00, ornaris skreaun as #00FF00 = grien
    • de 3e byte is de blauwearde (RGB): 00 00 FF, ornaris skreaun as #0000FF = blau
  • it werjaan fan in MAC-adres, lykas 00:0C:6E:D2:11:E6
  • it werjaan fan in IP-adres (IPv6)
  • it besjen fan binêre bestannen (yn hex-editors)

Notaasje fan binêre en heksadesimale getallen

bewurkje seksje

Om't men by in binêre notaasje de status fan eltse bit dúdlik meitsje wol, wurde binêre getallen toand yn in formaat mei foarrinnullen. By heksadesimale notaasjes binne foarrinnullen ek hiel gebrûklik. It giet dêr dan om in koade dy't minder dúdlik wurde soe as der gjin nullen oan foarôfgeane. In foarbyld dêrfan is de RGB-wearde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.