Christine McVie
Christine McVie berne as Christine Anne Perfect (Bouth Kumbria, 12 july 1943 - 30 novimber 2022) wie in Ingelsk sjongeres en toetsenist. Sy waard benammen bekend as sjongeres en toetsenist fan de band Fleetwood Mac.
Christine McVie | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Christine McVie (2017) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Christine Anne Perfect | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 12 july 1943 | |
berteplak | Bouth | |
stoarn | 30 novimber 2022 | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Rock | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | Toetsen | |
jierren aktyf | 1966-2022 |
Kariêrre
bewurkje seksjeMcVie begûn op har alfde muzyk meitsjen. Se naam lessen yn klassike muzyk oant sy in jier as fyftjin wie. Doe krige se fan har âldere broer John in lieteboek fan Fats Domino en dêrnei gie hja oer op rock-'n-roll.
Se studearre fiif jier oan in keunstakademy yn Birmingham om keunstûnderwiis jaan te kinnen. Yn dy tiid kaam se yn oanrekking mei de Ingelske blues-scene. It jaan fan keunstlessen wie gjin fetpot en se ferhuze nei Londen om as etaleur oan it wurk te gean. Yn dy tiid waard se lid fan de bluesband Chicken Shack, dat yn 1968 in hit hie mei it troch har songen nûmer I'd rather go blind.
Nei't se earder al mei Fleetwood Mac meispile hie as gastmuzikant op in studio-album, waard se lid fan de band en boaske se mei de bassist John McVie. Begjin jierren 90 hold se op mei aktyf muzyk meitsjen om't fanalles har tsjin stean gean wie, mar kaam ein jierren 90 begjin 2000 soe se dochs wer muzyk meitsje; yn 2014 kaam se sels wer werom by Fleetwood Mac.
Christine McVie ferstoar op 30 novimber 2022 yn 'e âldens fan 79 jier nei in koart siik wêzen.
Diskografy
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht op | Band | Single(s) |
---|---|---|---|
40 Blue Fingers, Freshly Packed and Ready to Serve |
juny 1968 | Chicken Shack | |
O.K. Ken? | febrewaris 1969 | ||
Christine Perfect | 1970 | Christine Perfect (Christine McVie) |
|
Future Games | 3 septimber 1971 | Fleetwood Mac | |
Bare Trees | maart 1972 | ||
Penguin | maart 1973 | Did You Ever Love Me | |
Mystery to Me | 15 oktober 1973 | Hypnotized | |
Heroes Are Hard to Find | 13 septimber 1974 | ||
Fleetwood Mac The White Album |
11 july 1975 | Over My Head, Warm Ways, Rhiannon, Say You Love Me | |
Rumours | 4 febrewaris 1977 | Go Your Own Way, Dreams, Don't Stop, You Make Loving Fun | |
Tusk | 12 oktober 1979 | Tusk, Sara, Not That Funny, Think About Me, Sisters of the Moon, Angel | |
Mirage | 18 juny 1982 | Hold Me, Gypsy, Love in Store, Oh Diane, Can't Go Back | |
Christine McVie | 27 jannewaris 1984 | Christine McVie | |
Tango in the Night | 13 april 1987 | Fleetwood Mac | Big Love, Seven Wonders, Little Lies, Everywhere, Family Man, Isn't It Midnight |
Behind the Mask | 9 april 1990 | Save Me, Skies the Limit, In the Back of My Mind, Hard Feelings | |
Time | 10 oktober 1995 | I Do | |
In the Meantime | 7 septimber 2004 | Christine McVie | |
Lindsey Buckingham Christine McVie (mei Lindsey Buckingham) |
9 juny 2017 | In My World, Red Sun, Feel About You, Lay Down for Free |
As gastmuzikant
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn | Mei band |
---|---|---|
Then Play On | 1969 | Fleetwood Mac |
Fleetwood Mac in Chicago | 1969 | |
Kiln House | 1970 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|