Nederlânske gûne

De ferzje fan 23 okt 2021 om 17.39 troch Ieneach fan 'e Esk (oerlis | bydragen) (red)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

De Nederlânske gûne hat fan 1279 ôf it betelmiddel yn Nederlân west. De muntienheid waard yn jannewaris 2002 ferfongen troch de Euro. Oant 28 jannewaris fan dat jier wie de gûne tegearre mei de Euro it wettige betelmiddel. De gûne wie yn Euro’s € 0,45378 wurdich. De ISO-4217-Koade fan de gûne is NLG.

Nederlânske gûne
In gûne mei de kop fan Beatrix fan nei 1980.
In gûne mei de kop fan Beatrix fan nei 1980.
identifikaasje
ISO 4217
● koade NLG
lânseigen
   namme
Nederlandse gulden (Ned.)
symboal ƒ (ek: fl)
gebrûk
sintrale bank De Nederlandsche Bank
off. brûkers Nederlân
Suriname (oant 1962)
Ned. Antillen (oant 1940)
Lúksemboarch (oant 1839)
Belgje (1830-1832)
skiednis
ynfierd 1279
opheft 2002
ferfongen tr. euro
● yn  ƒ2,20371
ynflaasje 2,6% (des. 2000)
denominaasjes
1/100 sint
symb. 1/100 c
muntjild 5c, 10c, 25c, ƒ1, ƒ​2½, ƒ5
papierjild ƒ5, ƒ10, ƒ25, ƒ50, ƒ100,
ƒ250, ƒ1000
Dizze side giet oer de Nederlânske gûne, foar mear betsjuttings fan 'gûne' sjoch ek: gûne

De earste gûne droech de namme ‘florijn’. Dit kaam trochdat de munt fersierd wie mei de Florijnse leelje út it wapen fan de stêd Florâns yn Itaalje. Hjir waard yn 1252 de earste belangrike gouden munten sûnt de Karolingyske tiid slein. Hjirtroch falt ek te ferklearen wêrom it teken fan de gûne in ‘f’ wie.

De earste munten hienen op de iene side yn ôfbyld fan stedspatroan Jehannes de Doper. Dizze munt waard yn hiel Jeropa neimakke. Yn Nederlân barde dat foar it earst troch Jan III fan Brabân.

Greve Willem V yntroduseare yn 1378 de Hollânske gûne. Dêrnei wiene der ferskate foarsten dy’t harren eigen gûnemunten yn omrin brochten. An it ein fan de 15e iuw sloegen, op Grinslân nei, alle gewesten fan Nederlân harren eigen gûnes.

 
In gûne, foarkant

Karolusgûne

bewurkje seksje

De Karolusgûne wie de earste Nederlânske ienheidsmunt dy’t ek bûten Nederlân brûkt wurde soe. Dizze munt waard yn 1521 troch keizer Karel V yn omrin brocht.

De Gouden Karolus waard yn 1521 ynfierd en wie ûnderferdield yn 20 stuorkes dy’t tegearre ien gûne foarmen. Dizze yndieling soe oant it ein fan de gûne yn 2002 ta sa bliuwe.

Nei de Gouden Karolus kaam yn 1582 de Sulveren Karolus. Dizze soe oant 1680 ta jilde as de earste ienheidsmunt fan de Santjin Provinsjes. Dit wie de earste munt wêr't de kop fan de keizer op stie.

Provinsjale útjeften

bewurkje seksje

Trochdat eltse provinsje harren eigen munten útjoech ûntston yn de rin fan de Tachtichjierrige Oarloch, tusken 1568 en 1648, in probleem. De provinsjes joegen munten út mei in te leage wearde omdat se oars de oarloch net bekostigjen koene. Oant 1848 ta soene de provinsjes harren eigen munten slaan. Pas yn dat jier binne alle provinsjes stoppe mei dizze aktiviteiten. Dit duorre salang omdat is slaan fan de eigen munten in soart winst oplevere.

Yn 1648 kaam de generaliteitsgûne yn omrin. Hjir stie de Nederlânske ‘faam mei lâns’ op.

Frânske besetting

bewurkje seksje

Doe’t de Frânsen yn Nederlân kamen waard de Frânske Frank it wettige betelmiddel yn Nederlân. Mar de gûne kaam werom doe’t de Frânsen it lân út wienen en sûnt 1825 is de Frânske Frank gjin wettich betelmiddel mear yn Nederlân. Oant dy tiid wie de Frank yn de Súdlike Nederlannen noch in wichtich betelmiddel.

Op 18 septimber 1816 wurd in wet oannomd dy’t de ûnderferdieling fan de gûne op 100 sinten fêstlei.

De lêste gûne is yn 2001 slein wêrnei't der yn 2002 oergien waard op de Euro.

Munten en bankbiljetten

bewurkje seksje
 
Nederlânske gûne 1897, Wilhelmina. Sulver.
 
Nederlânske gûne 1967
 
Nederlânske gûne 2000

Troch de iuwen hinnen hat der in ferskaat oan munten en bankbiljetten west. Hjirûnder in list fan de munten fan 1817 ôf:

Nederlânske munten 1817-2002
Desimaal stelsel: 1 gûne = 100 cent
Ynformaasje
Wearde (gûne) wearde (sint) Namme yn omrin sûnt yn omrin oant
0,005 0,5 Healtsje 1818 1948
0,01 1 Sint 1817 1983
0,025 2,5 2½ Sint
Healstoer
Botsen
1877 1948
0,05 5 Stoer 1818 2002
0,10 10 Dûbeltsje 1818 2002
0,25 25 Kwartsje 1817 2002
0,50 50 Heale gûne 1818 1948
1,- 100 Gûne 1840 2002
2,50 250 Ryksdaalder 1840 2002
3,- 300 Trije gûne 1817 1839
5,- 500 Fiifke 1826 1912
1988 2002
10,- 1000 Gouden tientsje 1818 1933
Sulveren tientsje 1970 2002
50,- 5000 Fyftich gûne 1982 2002

Ek ha de munten en biljetten in ferskaat oan uterliken hân. Benammen de biljetten binne gauris feroare.

Om it saneamde ‘snoeie’ op de munten te foarkommen waard sûnt 1749 de kartelrâne yn de munt slein. Op dizze wize woene de Steaten-Generaal it fertrouwen yn de gûne grutter meitsje. Sûnt 1817 steane de koppen fan de kenings en keninginnen op de munten. In jier letter waard de sin ‘God zij met ons’ (God is mei ús) yn de râne slein.

It muntejild wie oant 1 jannewaris 2007 ta yn te wikseljen by De Nederlânske Bank, dêrnei net mear. It papierjild ken dêr noch oant 1 jannewaris 2032 ta ynlevere wurde.

Net allinnich yn Nederlân is de muntienheid de gûne (west). Ek ien oare parten fan de wrâld, bygelyks op de âlde Nederlânske koloanjes, hat de gûne ek it wettige betelmiddel west.

Gûnen yn de Nederlânske koloanjes

bewurkje seksje

It eardere Nederlânsk-Ynje hie harren eigen gûne. Dizze is yn 1949 ôfskaft neidat it lân ûnôfhinklik waard. Sûnt dat jier is de Yndonesyske Rupiah it wettige betelmiddel yn dat lân.

Ek de Nederlânske Antillen en Arûba ha harren eigen gûne. Yn beide lannen wurd dizze muntienheid noch brûkt. Op de Antillen is de namme de ‘Antiljaanske gûne’ en op Aruba is it de ‘Arubaanske gûne’.

Yn Suriname hat oant 1 jannewaris 2004 de gûne beston. Mar sûnt die datum is Suriname oergong op de dollar. Dit wie omdat de Surinaamske gûne fan 1975 ôf, doe’t it lân ûnôfhinklik waard, hieltyd minder wurdich waard.

Ek bûten Nederlân, yn parten fan Dútslân en Eastenryk ha soarten fan de gûne beston. Sjoch hjirfoar op Gûne.