Springe nei ynhâld

Ryksuniversiteit Grins

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Universiteit Grins)
Ryksuniversiteit Grins
Wapen fan de RUG
Wapen fan de RUG
Namme
Ynternasjonale namme University of Groningen
Latynske namme Academia Groningana
Biedwurd Verbum Domini lucerna pedibus nostris ('It wurd fan de Hear is in ljocht op ús paad')[1]
Lokaasje
Lân Nederlân
Plak Grins
Oare bysûnderheden
Oprjochting 1614
Rektor Prof. dr. Cisca Wijmenga (fan 1 sept. 2019 ôf)
Tal studinten 30.041 (30-09-2014)[2]
Tal meiwurkers 6.500 mei it UMCG (2012)
Netwurken Coimbra, EUA, SAE
Offisjele webside
www.rug.nl
Akademygebou fan de Ryksuniversiteit Grins út 1909
De Linnaeusboarch op it Zernikekompleks (augustus 2012)
Technysk Fysysk Laboratoarium (2010)
It Donald Smits Centrum foar Ynformaasje Technology (CIT) op it Zernikekompleks (oplevere 2002)

De Ryksuniversiteit Grins (RUG) is yn 1614 oprjochte. Dêrmei hat Grins nei de Universiteit fan Leien de twadâldste noch besteande universiteit fan Nederlân. De universiteit hat 479 heechleararen en biedt 49 bacheloropliedings en 146 masteropliedings oan.[3]

De RuG waard yn 1614 oprjochte, as hegeskoalle, op de inisjativen fan Willem Loadewyk en de Steategearkomste fan Stêd en Ommelannen. Der wiene doe 4 fakulteiten:

Yn dy tiid kamen der jierliks 100 nije studinten by.

Yn de 17e iuw wie de RUG, lykas de measte universiteiten, ynternasjonaal oriïntearre. Studinten en dosinten gongen fan de iene nei de oare universiteit, en sa kaam de helte fan 'e studinten en dosinten yn Grins út it bûtenlân. Ek de earste rector magnificus, Ubbo Emmius, wie in Eastfries. Lykwols wie ek de bân tusken universiteit en regio hecht.

Troch teologyske mieningsferskillen en in drege relaasje mei de Steaten - ûnder mear de belegering fan de stêd troch Bommen Bearend yn 1672 - rekke de ûntwikkeling fan de universteit oan 'e ein fan de 17e en yn de 18e iuw yn it neigean. Der hat doe ek sprake fan west om de universiteit op te heffen. Troch ûnder oaren de bou fan in nij akademygebou yn 1850, dat spitigernôch yn 1906 troch brân ferwoastge waard, en de Wet op it Heger Underwiis yn 1876 waard de posysje fan de universiteit ferbettere. Yn dy tiid krige de universiteit ek de namme Ryksuniversiteit Grins en waard neist it Latyn ek yn it Nederlânsk kolleezje jûn. Dêrneist waard ek begûn mei ûndersyk.

De earste desennia fan 'e 20e iuw naam it tal fakulteiten en opliedings ta. Dermei naam ek it tal studinten ta: stiene der yn 1914 noch 611 studinten ynskreaun, yn 1924 wiene dat der al 1.000. Yn de Twadde Wrâldkriich naam it tal studinten ôf, mar it naam dêrnei yn heech tempo wer ta.

RUG en Fryslân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de 1970-er jierren wurke de Ryksuniversiteit Grins mei in universitêr eksperimint, alhoewol in bytsje tsjinstribbeljend. Under leiding fan de eardere rector magnificus prof. J. Snijders waard yn 1976 yn Ljouwert úteinset mei in Fryske ôfdieling fan de Ryksuniversiteit Grins. Dêr waard, yn de mande mei Agogyske Akademy Fryslân (AAF), it Sosjaal Heger Underwiis foarme. Doel wie om hbû en universiteit oparbeidzje te litten. Fryslân krige dêrmei nei 165 jier nei it opheffen fan de Universiteit fan Frjentsjer fannijs universitêr ûnderrjocht werom.

Yn 1985 kamen der troch de swierrichheden, dy't der mei de struktuer wiene, en troch de besunigings yn it heger ûnderwiis in ein oan dy oplieding. De AAF gie op yn de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert, mar der waard noch wol hieltyd it earste jier fan de Opieding Nederlânsk Rjocht yn Ljouwert ûnderrjochte.[4]

Yn begjin 2015 makke de Ryksuniversiteit Grins buorkundich dat der yn Ljouwert in fakulteit fêstige wurde soe, ûnder de namme Kampus Fryslân. Yn dy alfde fakulteit wurdt de yn 2011 oprjochte University Campus Fryslân (UCF) yntegrearre.[5] It doel fan de kampus is it oanbieden fan brede bacheloropliedings, masteropliedings en promoasje-opliedings, dêr't it brânpunt leit op ûnderwerpen dy't benammen mei Fryslân te krijen hawwe, sa as bygelyks toerisme en suvel.[6]

Yn al dy jierren binne der in soad talintfolle studinten oplaat dy't letter ek noch fan harren sprekke litten hawwe. Sa hat de RuG it stúdzjeplak west fan in Nobelpriiswinner (Zernike), de earste froulike studint (Aletta Henriëtte Jacobs) en de earste froulike lektor (Marie Elise Loke), de archeolooch Van Giffen, de earste Nederlânske romtefearder (Wubbo Ockels) en de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank (Wim Duisenberg).

In grut diel fan de studinten komt út it bûtenlân.

Sûnt 2018 hat de RUG alve fakulteiten:

  • Klaas van Berkel: Universiteit van het Noorden. Vier eeuwen academisch leven in Groningen. Deel 1: De oude universiteit 1614-1876. Hilfertsom, Verloren, 2014. ISBN 978-90-8704-466-4
  • Jolanda Oosterheert: In vol ornaat. Vier eeuwen Groningse senaatsgalerij. Grins, 2009. ISBN 9789077922576
  • Universitair leven in Groningen 1614-1989. Professoren en studenten, boek en uitgeverij. Red. J. Kingma, W.R.H. Koops en F.R.H. Groningen, 1989. ISBN 90-367-0162-7
  • R.E.O. Ekkart en J. Schuller tot Peursum-Meijer: Groninger academieportretten. Catalogus van de portretten in het Academiegebouw en de Bibliotheek der Rijksuniversiteit te Groningen. Grins, 1978. Geen ISBN
  • Historisch Genootschaap te Groningen: Album Studiosorum Academiae Groninganae. Boekdrukkerij B. Wolters, Grins, 1915
  • Studying in Groningen Through the Ages. A History of the University of Groningen and the First English Department in the Netherlands. Grins, Groningen University Press, 2014. ISBN 978-90-367-7125-2

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noat

  1. Frij fertaald
  2. Studintetallen 2014
  3. Feiten en sifers fan de Ryksuniversiteit Grins
  4. Foarljochting oer de fêstiging Fryslân
  5. Universiteit komt nei twahûndert jier werom yn Fryslân
  6. Kampus Fryslân
 
Universiteiten yn Nederlân
Bekostige

Amsterdam · Delft · Eindhoven · Frije Universiteit · Grins · Iepen Universiteit · Leien · Maastricht · Nimwegen · Rotterdam · Tilburch · Twinte · Utert · Wageningen

Oanwiisd

Humanistyk · Kampen (Broederweg) · Nyenrode · Protestantse Theologische Universiteit · Saba · TIAS · T.U. Apeldoorn

Ynternasjonaal

Limburg · Webster University

Eardere universiteiten

Harderwyk · Frjentsjer · Kwartierlijke Academie van Nijmegen · K.T.U. Utrecht

· · Berjocht bewurkje