Toarteldo
toarteldo | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Streptopelia turtur | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: kwetsber
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
briedgebiet restearjend lânseigen ferspriedingsgebiet |
De toarteldo (Streptopelia turtur; ek bekend ûnder de namme simmertoartel) is in Europeeske dowesoart. Sûnt de jierren 1980 is it tal gewoane toarteldowen yn Nederlân bot ôfnommen. Yn Fryslân is de soarte as briedfûgel hast útstoarn. Neffens de lêste telling (2019) is der yn Fryslân allinne noch in briedpearke yn Noardwâlde.[1]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It toarteldoke mjit 27 oant 29 sintimeter en weecht likernôch 160 gram. Dêrmei is de toarteldo in stik lytser as in gewoane do. Wyfkes binne yn 'e regel wat lytser as it mantsje en binne fan minder glânzgjend fan kleur.
De toarteldo is boppe brúneftich, wylst de kiel en it boppeste diel fan it boarst readeftich binne. De skouders en dielen fan de fleugels hawwe in brune kleur mei donkere flekken. De rêch is blau-griis en wurdt nei de sturt ta wer wat bruner.
Folwoeksen fûgels hawwe oan de kanten fan de nek ferskate smelle, swarte dwersbannen op in wite eftergrûn. De sturt bestiet út tolve blau-swarte fearren, dy't oan de úteinen wyt binne. De twa bûtenste sturtfearren hawwe wite bûtenflaggen. De búk en de ûnderste sturtôfdekkings binne ljocht fan kleur.
Jonge fûgels ûnderskiede harren fan de âldere eksimplaren troch in brunere kleur oan de kop, rêch en op de fleugels. De foar de folwoeksen fûgels karakteristike dwersbannen oan de nekke ûnsteane by jonge fûgels pas nei in pear moannen.
Undersoarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de fûgel binne fjouwer ûndersoarten bekend:
- Streptopelia turtur turtur (Linnaeus, 1758) komt foar yn Europa, op Madeira en de Kanaryske Eilannen oant yn westlik Sibearje.
- Streptopelia turtur arenicola (Ernst Hartert, 1894) libbet fan it noardwesten fan Afrika oant it westen fan Sjina.
- Streptopelia turtur hoggara (Geyr von Schweppenburg, 1916) komt foar yn it Aïr-massyf en it Ahaggar-geberchte foar.
- Streptopelia turtur rufescens (Christian Ludwig Brehm, 1845) hat syn ferspriedingsgebiet yn Egypte en it noarden fan Sûdan.
Foarkommen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De toartedo libbet yn grutte dielen fan it westlike en sintrale Paléarktysk gebiet fan noardlik Afrika, it Ibearysk Skiereilân en Grut-Brittanje nei it easten oer it Midden-Easten oant noardwest Sjina en Mongoalje. De noardlike grins fan de fersprieding rint yn Europa oer it midden fan Ingelân, Denemark en dan by de Eastsee lâns troch Estlân en Ruslân nei de Oeral.
De toarteldo libbet benammen yn flak lân en komme net of komselden yn tichte bosken of geberchtes foar. Ek libje toarteldowen yn mingd bosk, houtwâlen, parken, greiden, boskjes, hôven en griene romten yn stêden. De yn Noard-Afrika libjende ûndersoarte Streptopelia turtur rufescens briedt graach yn boufallen. It ferspriedingsgebiet fan de toarteldo yn Fryslân lei benammen yn it easten en súdeasten fan de provinsje.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Briede dogge toarteldowen ornaris mar ien kear yn 't jier fan maaie oant augustus. It nêst is mar lyts en wudt troch beide âlden mei lytse twiichjes yn boskjes en beammen boud. It wyfke leit twa wite aaien, dy't nei fyftjin dagen útkomme. Nei it útkommen ferlitte de jonge fûgels nei twa wiken it nêst. Dan kinne se lykwols noch net fleane en bliuwe dan yn de boskjes of beam tichteby it nêst.
Oerwintering
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Sintraal-Europa bliuwe toarteldowen fan maaie oant septimber. Begjin septimber sammelje de dowen harren om dan healwei septimber yn grutte swarms nei de oerwinteringsgebieten te fleanen. Dat binne de lannen om de Middellânske See en Afrika súdlik fan de Sahara. Ien fan de wichtichste gebieten om ûnderweis te rêsten is Malta. Op hast alle rûtes dy't de toarteldokes brûke om de Middellânske See oer te stekken wurdt der yntinsyf op se jage.
Yn de maaitiid komme de toarteldokes relatyf let werom nei Sintraal-Europa, meastentiids sa om it begjin oant healwei maaie hinne. Somtiden wurdt it noch letter en oant begjin juny kinne der noch reizgjende toarteldokes oer de Middellânske See sjoen wurde.
Bedrigings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de jierren 1980 is it tal toarteldokes yn Nederlân slim efterút gien, fan sa'n 35.000 briedpearkes oant hjoeddedei (2019) likernôch 1.400. It toarteldoke wurdt yn in soad lannen bejage, lykas benammen Spanje, Itaalje, Malta en Afrika. Mei tastimming fan de EU wurde bygelyks allinnich al op Malta offisjeel sa'n 20.000 toarteldokes mei fangnetten fongen. Undersyk fan de Universiteit fan Gießen wiisde yn 2016 út dat de lannen om de Middellânske See ferantwurdlik binne foar it alle jierren wer ôfsjitten fan sa'n twa oant trije miljoen toarteldokes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Fûgelsoarte
- Toarteldo
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Skotlân
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Maly
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Niger
- Lânseigen fauna yn Senegal
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tsjaad
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara