Springe nei ynhâld

Sineeske seachbek

Ut Wikipedy
Sineeske seachbek

jerk

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai seachbekken (Mergus)
soarte
Mergus squamatus
Gould, 1764
IUCN-status: bedrige

De Sineeske seachbek (Mergus squamatus) is in fûgel út 'e famylje fan 'e einfûgels (Anatidae). De fûgel libbet yn Mantsjoerije en it uterste súdeasten fan Sibearje.

Jerkje en wyfke fan 'e Sineeske seachbek.

De 52 oant 58 sm lange fûgel is likernôch like grut as de bûnte seachbek. De fûgel hat in tinne reade snaffel en in skobbich donker patroan op 'e flanken en stút. Jerken en wyfkes hawwe in toef fan tinne, pikerige fearren, dy't by folwoeksen jerken oant de skouders rikke en by wyfkes en ûnfolwoeksen fûgels relatyf koart binne.

It folwoeksen jerkje hat in swarte kop en nekke, in gielwyt boarst en ûnderbealchje, in swarteftige mantel en wyt mei swarte wjukken. De swarte toef op 'e kop hat in griene glâns. De sturt is griis.

It wyfke hat in brúnoranje kop en it swart fan it jerkje is by har griis. Hja hat ek in skobbich patroan op ' e flanken en stút, mar finer as dat fan it jerkje.

By jerken en wyfkes binne de poaten oranjeread en de irissen donkerbrún.

It briedgebiet foarmje de bosken oan rivieren yn it súdeasten fan it Russyske Fiere Easten, mooglik yn Noard-Koreä, yn twa gebieten fan it Changbaiberchtme en in lytse isolearre populaasje yn 'e Lytse Hinggan yn it noardeasten fan Sina. It grutste part fan 'e populaasje briedt yn it Russyske Fiere Easten (85%), benammen yn de Sichote-Alin yn it Kustterritoarium, en yn it Changbaiberchtme yn Sina en Noard-Koreä. De fûgel is in trekfûgel en oerwinteret yn Sintraal- en Súd-Sina, mei lytsere oantallen yn Japan, Súd-Koreä, Taiwan, Noard-Fjetnam, Birma en Tailân. As de winter yn maart, begjin april oer is, komme se wer yn 'e briedgebieten oan en as de earste kâlde nachten yn healwei novimber oanbrekke trekke se wer nei harren wintergebieten op iepen wetter by riviermûningen en op see.

De skouwe fûgel jout de foarkar oan rivieren dy't troch grutte mingde berchbosken meänderje oant 1.000 m boppe seenivo. De fûgels binne net botte sosjaal yn 'e briedtiid en yn 'e hjerst en winter foarmje se lytse groepen, mar sels winterdeis wurde de groepen selden grutter as sa'n 10 fûgels.

Se bringe deis it grutste part fan 'e dei mei foerazjearen troch. It iten bestiet út libbene wringeleaze wetterbisten, kikkerts en lytse oant middelgrutte fisken.

De Sineeske seachbek briedt yn beammen en in lechsel bestiet út 4 oant 12 aaien, dy't nei 31 oant 35 dagen útkomme. Op plakken oan rivieren dêr't de bosk ferdwûn is binne se te ferlieden om yn nêstkasten te brieden.

De fûgel wurdt op 'e Reade list fan 'e IUCN as bedrige klassifisearre. Yn 'e jierren 1960 en 1970 binne de oantallen troch it ferlies fan oerbosk yn it dochs al beheinde ferspriedingsgebiet efterút gien, fral oan 'e grutte rivieren fan Ruslân. Hjoeddeiske bedrigings foarmje de yllegale jacht, it fêstreitsjen yn fiskersnetten, de fersmoarging fan rivieren en it noch jimmeroan ferneatigjen fan bosk. Neffens Birdlife International binne der noch 2.500 oant 4.500 folwoeksen fûgels (2016). In ûndersyk nei de wrâldpopulaasje waard yn 2014 yn Ruslân en Sina foltôge. It oantal foar Noard-Koreä wie sûnder ûndersyk dêr waard it oantal rûsd.

Habitatferlies late yn Sina ta minder en in fragmintearre briedgebiet. Yn Ruslân liket de populaasje no stabyl. De measte fûgels binne te finen yn 'e Russyske regio's Primorje en it suden fan Chabarovsk (85%).

Sineeske seachbek yn 'e dieretún fan Augsburg.

Sineeske seachbekken wurde selden yn dieretunen holden. De oantallen fan 'e soarte yn finzenskip nimme lykwols jimmeroan ta, fral ek yn partikuliere fokbedriuwen. Yn 'e takomst is it goed mooglik dat it oantal yn finzenskip it oantal yn 'e frije natoer giet oertreffen.

Yn Fryslân is de Sineeske seachbek yn AquaZoo te sjen.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:en:Scaly-sided merganser ]