Súdhoekster Feart
Appearance
(Trochferwiisd fan Súdhoekster Faart)
De Súdhoekster Feart (Biltsk en offisjeel: Súdhoekster Faart; Nederlânsk: Zuidhoekstervaart) is in feart yn de gemeente De Waadhoeke. De feart rint fan de N383 besuden Sint-Anne nei it easten en rint njonken de Súdhoekster Middelwei. Yn de Hegedykster Polder makket de feart in rjochte bocht nei it noarden en rint troch oant Buerstermûne.
De namme Súdhoekster Faart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zuidhoekstervaart.