Springe nei ynhâld

Ritueel

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rituele)
It opfieren fan 'e mis, in roomsk ritueel.
In Japansk teeritueel.

In ritueel (fan it Latynske ritualis, "it folgjen fan 'e ritus") of rite (fan it Latynske ritus, "gewoante") is in opienfolging fan hannelings, wêrby't it gean kin om uterings, gebearten en ferrjochtings, dy't útfierd wurde moatte op in beskate wize, op in beskaat plak, op in beskate tiid en yn in beskate folchoarder. Sokke rituelen kinne foarskreaun wêze troch de fan âlder op âlder oerlevere tradysjes fan in mienskip, lykas de oanhingers fan in religy, de leden fan in etnyske groep of de bewenners fan in plak.

Rituelen wurde oer it algemien karakterisearre (mar net definiëarre) troch formalisme (it soarchdragen foar de foarm), tradisjonalisme (it dwaan sa't jins foarâlden diene), ûnferoarlikens, it jin hâlden oan 'e regels en, yn it gefal fan religieuze rituelen, hillich symbolisme. In seremoanje is in plechtichheid dy't rituele betsjutting hat.

Rituelen komme foar yn alle bekende minsklike maatskippijen. Bekende foarbylden binne net inkeld rituelen fan ferearing, offerrituelen en sakraminten fan organisearre religyen en kulten, mar bgl. ek oergongsrituelen (doop, besnijenis, ûntgriening, trouwerijen), deaderituelen (begraffenis, kremaasje), rituelen fan boetedwaning, reinigingsrituelen, eden fan trou en oare eedôflizzings, wijings, kroanings en ynauguraasjes. Sels aldendeiske hannelings lykas fûstkjen en oare wizen fan begroeting kinne omskreaun wurde as rituelen.

Yn 'e wittenskiplike kontekst wurde rituelen yn 'e sosjology en antropology omskreaun as alle aktiviteiten (yn 'e sin fan opienfolgings fan hannelings) dy't, alteast foar in bûtensteander, yrrasjoneel, ûnfoarsisber en/of ûnlogysk lykje. Yn 'e psychology wurdt de term 'ritueel' soms brûkt yn 'e poer technyske sin foar weromkearende gedrachspatroanen dy't troch minsken systematysk brûkt wurde om eangst foar te kommen of te neutralisearjen. Yn dy sin kin in ritueel in symptoom wêze fan in twangneuroaze.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.