Queen (band)
Queen | ||
band | ||
Logo fan Queen | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Britsk | |
sjongtaal | Ingelsk | |
sjenre | Rock | |
bestean | 1970 - No | |
label(s) | EMI, Parlophone | |
webside | Offisjele webstee | |
âld-leden | Freddie Mercury sang & toetsen (1970–1991) † John Deacon bas & toetsen (1971–1997) | |
leden | ||
Gitaar & Toetsen |
Brian May | |
Drums | Roger Taylor |
Queen is in Ingelske rockband oprjochte yn 1970 yn Londen. De band brocht yn 1973 syn debútalbum Queen út. Queen hat fjirtjin studio-albums en tsien live-albums útbrocht.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iere begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1968 besleaten Brian May en Tim Staffell, beide studint yn Londen, in groep te foarmjen. May hong in advertinsje op it kolleezjeprikboerd foar in type "Ginger Baker/Mitch Mitchell"-drummer. In studint toskhielkunde, mei de namme Roger Taylor, die audysje en krige it plak efter de drums. Se neamden de groep Smile. Yn 1969 tekenen se in kontrakt by platemaatskippij Mercury Records. Hjir diene se harren earste ûnderfining op yn in opnamestudio (Trident Studios), en krigen fan platelabel Mercury, de kâns in 7 ” single út te bringen. Dy waard allinnich yn Amearika útbrocht en troch de platemaatskippij net promoate. De trochbrek bleau út.
Queen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1970 besleat Smile om der de brui oan te jaan, want der like neat te barren foar de band. Bassist Staffell gie fuort en sleat him oan by in bân mei de namme Humpy Bong. Farrokh Bulsara gie by syn band Wreckage wei en sleat him oan by May en Taylor en it begjin wie dêr. Fia audysjes waard in Mike Grose de earste basgitarist fan Queen dy't in moanne bleau. Farrokh Bulsara feroare syn namme yn Freddie Mercury en stelde foar om ûnder de namme Queen fierder te gean, mei om 't dit moai paste by de nûmers White Queen en The March of the Black Queen dêr 't May en Mercury respektyflik mei dwaande wiene. John Deacon waard frege om audysje te dwaan as bassist nei fjouwer tydlike bassisten (ûnder oare Barry Mitchell). Yn febrewaris 1971 kaam Deacon as bassist by Queen.
In 1972 tekene Queen syn earste platekontrakt by it label EMI. En brocht yn 1973 harren earste album Queen út. Dit album mei de earste single Keep Yourself Alive smiet fuortendaliks al in beskieden sukses op, en gie de band foar it earst op toernee as foarprogramma fan de band Mott the Hoople. Nei dit toernee gie Queen wer de studio yn om it twadde studio-album op te nimmen. Op dit album mei de namme Queen II dat yn 1974 útkaam stie de earste echte hit fan Queen, de single Seven Seas of Rhye behelle yn Ingelân de top tsien fan de hitlisten. Yn novimber 1974 folge it tredde studio-album al, Sheer Heart Attack mei hjir op de single Killer Queen de trochbrek fan Queen op de Jeropeeske fêste wâl. Meardere grutte hits folgen wêrûnder Bohemian Rhapsody yn 1975 it nûmer stie wrâldwiid heech yn de hitlisten. Yn 1989 nei it útbringen fan it tolfde studio-album The Miracle kundige de band oan net mear sa wiidweidich op toernee te gean om't hja dêr te âld foar wiene. Mar yn werklikheid hie Mercury doe al sûnensproblemen. Yn 1991 kaam it tretjinde studio-album Innuendo beide albums mei teksten dy't al ferwiisden nei it siikwêzen fan Freddie Mercury. Yn in offisjeel parseberjocht dat op 23 novimber fan dat jier útbrocht waard, ferklearre de sjonger dat hy aids hie. Goed 28 oeren letter, op 24 novimber 1991 om 19.00 oere hinne, ferstoar Mercury oan in longûntstekking as gefolch fan aids.
Queen nei Freddie Mercury
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 20 april 1992 waard der in betinkingskonsert organisearre foar de ferstoarne sjonger. In ferskaat oan artysten en bands diene hjir oan mei, Elton John, Metallica, Seal, George Michael, David Bowie, Liza Minnelli en Guns N' Roses. Nei it konsert waard wurke oan harren alderlêste album, dat ûnder oare materiaal befette wat yn de lêste libbensmoannen fan Mercury opnommen waard. It waard yn 1995 útbrocht. Made yn Heaven wie in oade oan Mercury en befettet A winter's tale (it lêste liet dat Mercury noch skreaun hat), Mother Love (it lêste wat Mercury noch ynsongen hat flak foar syn dea) en oare nûmers.
Yn 1997 waard der noch in nûmer útbrocht, nammentlik No-One But You (Only The Good Dy Young ), wat in oade wie oan Mercury. Yn 1997 wie ek it lêste optreden dêr 't alle oerbleaune leden fan Queen mei-inoar op it poadium stiene. It wie de premjêre fan in foarstelling fan Béjart Ballet, dêr 't ek de muzyk fan Queen yn sintraal stie. Tegearre mei Elton John brochten se The Show Must Go On. Nei dit optreden, hat bassist John Deacon himsels weromlutsen út it iepenbiere libben en hat sûnt noch mar sporadysk kontakt mei Brian May, Roger Taylor en manager Jim Beach. Hy stapte yn 1997 út de band omdat er fynt dat Queen yn it sin brocht wurde moast sa't de band yn har heechtiidsdagen wie.
Hoewol't Queen lang ferline tiid like te wêzen, bleau de fraach nei de muzyk bestean. Nei oanlieding fan de wrâldwiid útfierde musical We will rock you, giene de oerbleaune bandleden op syk nei immen dy't it plak efter de mikrofoan ynnimme koe. Yn earsten kamen se út by Paul Rodgers sjonger fan de band Bad Company. Mei Rogers is oant 2009 toert en in studio-album opnaam, The Cosmos Rocks únder de namme Queen + Paul Rodgers.
Nei Paul Rodgers moast der wer socht wurde nei in sjonger, mei in grut berik. dizze sjonger waard by tafal fûn yn Adam Lambert in dielnimmer fan de telefyzje talintejacht American Idol de Amerikaanske ferzje fan it Nederlânske telefyzjeprogramma Idols. Yn novimber 2011 trede Adam Lambert foar it earst op mei de bandleden fan Queen. Op 2 oktober 2020 waard it album Live Around the World útbrocht, in kompilaasjealbum mei opnamen fan in greep út de 218 konserten dy't Queen + Adam Lambert oant dy tiid ta byinoar jûn hawwe.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Studio-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Live-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op | Label |
---|---|---|
Live Killers | 22 juny 1979 | EMI |
Live Magic | 1 desimber 1986 | |
At the Beeb | 4 desimber 1989 | Band of Joy |
Live at Wembley '86 | 26 maaie 1992 | Parlophone |
Queen on Fire – Live at the Bowl |
4 novimber 2004 | |
Queen Rock Montreal | 29 oktober 2007 | |
Hungarian Rhapsody: Queen Live in Budapest |
20 septimber 2012 | Island |
Live at the Rainbow '74 | 8 septimber 2014 | Virgin |
A Night at the Odeon – Hammersmith 1975 |
20 novimber 2015 | |
On Air | 4 novimber 2016 |
Soundtrack-album
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Film | Album | Utbrocht op | Label | Singles |
---|---|---|---|---|
Flash Gordon | Flash Gordon | 8 desimber 1980 | EMI | Flash |
Kompilaasje-albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Album | Utbrocht op |
---|---|
Greatest Hits | 26 oktober 1981 |
Greatest Hits II | 28 oktober 1991 |
Classic Queen | 10 maart 1992 |
The 12" Collection | 1992 |
Queen Rocks | 3 novimber 1997 |
Greatest Hits III | 9 novimber 1999 |
Stone Cold Classics | 11 april 2006 |
The A–Z of Queen, Volume 1 |
10 july 2007 |
Absolute Greatest | 16 novimber 2009 |
Deep Cuts, Volume 1 (1973–1976) |
14 maart 2011 |
Deep Cuts, Volume 2 (1977–1982) |
27 juny 2011 |
Deep Cuts, Volume 3 (1984–1995) |
5 septimber 2011 |
Icon | 11 juny 2013 |
Queen Forever | 10 novimber 2014 |
Bohemian Rhapsody: The Original Soundtrack |
19 oktober 2018 |
Greatest Hits in Japan | 15 jannewaris 2020 |
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Offisjele tourneesite
- Site mei Queenteksten
- Official International Queen Fan Club, Offisjele fanclubsite
- Queen Concerts, Wiidweidich oersjoch konserten