Springe nei ynhâld

Lytse jolling

Ut Wikipedy
lytse jolling

jerkje

wyfke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai jollingen (Aythya)
soarte
Aythya affinis
Eyton, 1838
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet


     briedfûgel
     trekfûgel


     stânfûgel
     wintergast


De lytse jolling (Aythya affinis) is in lytse Amerikaanske dûkein út de famylje einfûgels (Anatidae). De fûgel is besibbe oan 'e jolling en liket dêr ek in hiel soad op, sadat it net altiten ienfâldich is de soarten út inoar te hâlden. Yn it west fan Europa is de lytse jolling in seldsume dwaalgast, al wurdt de ein de lêste tiid hieltiten faker waarnommen.

Spantsje lytse jollings.

Lytse jollings binne 38 oant 48 sm lang, 700 oant 1200 gr swier en ha in spanwiidte fan likernôch 75 sm. Jerken ha in donkere kop mei in pearske glâns. It boarst en de sturt binne swart. De wjukken ha in ljochter patroan en de búk is wyt, wylst de snaffel blaueftich is en de eagen giel binne. Typysk is de puntige efterkop. Se ha in soad fan ús jollings, mar binne lytser en likernôch like grut as de by ús bekende toefein. Fierder is de rêch donkerder en hat de kop fan 'e jerk in oar profyl as de jollings.

It wyfke is griisbrún fan kleur en hat by de basis fan 'e snaffel in wite râne. Wyfkes fan 'e lytse jolling ha fierder skraachwurk ferskillen mei dy fan jollings. Yn 'e flecht binne de ferskillen noch it bêste waar te nimmen. Wylst by de jolling de wite wjukbân noch oant de haadslachpinnen rint, giet dy by de lytse jolling op 'e bûtenkanten fan 'e wjukken yn griisbrún oer. By de lytse jolling liket is sa dat se in wite spegel ha.

Lytse jollings briede yn Kanada en Alaska en yn 'e steaten Oregon, Idaho, yn it noarden fan Montana en yn it easten fan Súd-Dakota. De tichtens fan briedpearkes is it heechste op 'e Kanadeeske prêrjes yn Alberta en Manitoba. Harren leefgebiet foarmje de marren, dêr't se tusken de reiden it nêst bouwe. As trekfûgel migrearret de lytse jolling winterdeis nei it suden fan 'e Feriene Steaten, Midden-Amearika en it noarden fan Súd-Amearika.

In soad briedfûgels fan 'e prêrjes trekke oer de Grutte Marren nei de Atlantyske kust, wylst guon fan 'e westlike populaasjes it Noard-Amerikaanske kontinint oerstekke om te oerwinterjen. Grutte dielen fan 'e populaasjes trekke oer it binnenlân en oerwinterje oan 'e Golf fan Meksiko.

Somtiden wurde lytse jollings yn Europa waarnommen, lykas yn Grut-Brittanje, Ierlân, Frankryk en Nederlân. Dwaalgasten binne ek waarnommen op 'e Hawaï-eilannen en yn Japan.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It iten bestiet út wetterplanten en lytse dierkes. De briedtiid duorret 21 oant 28 dagen en de jongen kinne nei 45 oant 50 dagen fleane.

Neffens de IUCN is de populaasje stabyl en it tal fûgels wurdt op likernôch 3,7 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Dêrfandinne wurdt de soarte as net bedrige klassifisearre.

Op de soarte waard eartiids yn 'e Feriene Steaten en Kanada in soad jage, mar sûnt 1988 is de jacht beheind.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch de:Veilchenente