Springe nei ynhâld

Fariseeërs

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fariseeër)
Rebûlje tusken Jezus en de Fariseeërs
(Gustave Doré)

De Fariseeërs (ôfskiedenen, ûnderskieden, ûnderrjochten) wienen in Joadske religieuze groep dy't om-ende-by 200 f.Kr. ûntstien is. Sy binne mooglik de opfolgers gan de Sjasidym (= Frommen), dy't ûnder de Makkabeeske Opstân nei foaren kamen.

De Fariseeërs holden harren folslein oan de joadske wetjouwing lykas delskreaun stiet yn de Tora. Dêrnjonken holden sy harren oan de mûnlinge oerlevering (de Misjna). Harren leauwen komt der op del dat in from libben te libjen en krekte neifolging fan de Tora in minsk tichter by God bringe sil. De Fariseeërs seagen it as taak om oan de gewoane minsken harren kennis oer te dragen. Sy wienen foaral in groep dy't by it gewoane folk hearde en dêryn ferskilden sy mei Sadduseeën, de partij fan de Hegeprysters en oerprysters. Likernôch bestiene der ûnder de Fariseeërs ferskate rjochtingen, fan liberaal oant konservatyf.

Neidat it keningshûs fan de Hasmoneeën ek it hegeprysterskip nei harren talutsen en neidat sy harren hieltyd mear ynlitten hienen mei it hellenisme, kearden de Fariseeërs harren tsjin de keningen. Under kening Aleksander Janneüs (104-78 f.Kr.) late dat ta fûle konfrontaasjes en ferfolging fan de Fariseeërs. De opfolchster fan Aleksander Salome Aleksandra (78-69 f.Kr.) begeunstige harren lykwols en joech harren sels in plak yn it Sanhedrin. Alhoewol't harren politike macht nea grut west hat lykas dat fan Sadduseeën, de partij fan de elite, wienen de Fariseeërs benammen dyjingen dy't de publike opiny beynfloedzje koenen.

De Fariseeërs hawwe in grutte rol spile by de Joadske Opstân (70 nei Kr.) tsjin it Romeinske gesach. Sy koenen mei súkses de Romeinen in skoftlang út Jeruzalem ferdriuwe. Ien fan harren lieders Flavius Josepus, dy't finzen nommen waard troch de Romeinen, hat oer dizze skiednis in boek skreaun, dat ús in soad ynformaasje jout oer de Fariseeërs.

Nei de Joadske opstân en de dêrop folgende diaspora bleaune de Fariseeërs as Joadske streaming bestien. Troch harren bleau de Joadske godstsjinst bestean en sonttiid komt harren leauwen nei foaren yn de talmoed.