Alde Grikelân
Dit artikel is in stobbe oer skiednis.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
It tiidrek fan it Alde Grikelân of Antike Grikelân, dat gâns fan betsjutting west hat foar de ûntjouwing fan de Jeropeeske kultuer, begjint yn 'e 8e iuw f.Kr. en einiget 146 f.Kr. doe't Grikelân in part fan it Romeinske Ryk waard.
Wilens de Argayske tiid (likernôch 700-500 f.Kr.) is it Alde Grikelân in bûn fan stêden, it polissysteem. Yn itselde tiidrek kamen de politike steatsfoarmen Tiranny en demokrasy ta stân. Hieltyd mear Griken kolonisearren gebieten om de Middellânske See hinne, meast oan 'e kusten fan de Swarte See, Sisylje en Súd-Itaalje. Napels is in stêd dy't yn de Argayske tiid stifte waard. Thales fan Milete en Pytagoras binne ferneamde wiskundigen fan dizze tiid.
De Klassike tiid (likernôch 500–323 f.Kr.) is it tiidrek fan de filosofen Sokrates, Plato en Aristoteles. Herodotus wie in skriuwer dy't oer de Perzyske Oarloggen skreau. De earste Perzyske oarloch sette yn 499 f.Kr. út ein, de twadde oarloch mei Perzje kaam yn 448 f.Kr. oan 'e ein.
De Hellenistyske tiid (323 f.Kr.–146 f.Kr.) begjint mei de dea fan Aleksander de Grutte.