Al-Qaida
Appearance
(Trochferwiisd fan Al Kaida)
Dit artikel is in stobbe oer in organisaasje.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Al-Qaida (Arabysk: القاعدة - it fundamint) is in Islamityske terreurgroep dy't oanslaggen beleit tsjin de westerske wrâld, foaral de Feriene Steaten, en dy't oprjochte is en laat waard troch Osama Bin Laden Bin Laden kaam op 1 maaie 2011 om by oanfallen fan Amerikaanske militêren op syn fersterkte filla yn it noarden fan Pakistan. De twadde man fan Al-Qaida is Ayman al-Zawahiri.
Grutte oanslaggen fan Al-Qaida
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1997: Oanslach op westerske toeristen by Lúksor, Egypte; der falle om-ende-by 70 deaden.
- 1998: Bomoanslaggen op 'e Amerikaanske ambassaden yn Nairoby, haadstêd fan Kenya, en Dodoma, haadstêd fan Tanzania; der falle likernôch 224 deaden en 1400 minsken wurde ferwûne.
- 2000: Selsmoardoanslach op it Amerikaanske oarlochsskip USS Cole yn Jemen.
- 2001 (11 septimber): Oanslaggen yn Amearika op it Pentagon en it Wrâld Hannelsintrum yn New York; der falle hast 3.000 deaden.
- 2003: Oanslach op it FN-gebou yn Bagdad; 24 deaden.
- 2003: Fjouwer bomoanslaggen yn Istanbûl, ûnder oaren op 'e Britske bank; der falle 54 deaden.
- 2004: Yn Spanje falle yn Madrid 191 deaden by fjouwer oanslaggen op op-en-del-reis-treinen.