Unynkorporearre territoarium fan de Feriene Steaten
In ûnynkorporearre territoarium fan de Feriene Steaten is neffens de Amerikaanske wet in geografysk gebiet dat direkt of yndirekt bestjoerd wurdt troch it regear fan 'e Feriene Steaten sûnder dat it feitlik diel útmakket fan (ynkorporearre is yn) de Feriene Steaten. Yn sokke territoaria is de Amerikaanske wetjouwing, de Amerikaanske Grûnwet ynbegrepen, mar foar in part fan krêft, ôfhinklik fan wetten dy't spesifyk dêrta oannommen wurde troch it Amerikaanske Kongres, útspraken dêrta fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf en eventuële pleatslike tradysjes en wetten datoangeande. Der binne op 't heden fiif bewenne ûnynkorporearre territoaria:
Dêropta binne der njoggen ûnbewenne Amerikaanske oerseeske besittings, wêrfan't inkeld Palmyra ynkorporearre is. De oare acht binne:
Eardere ûnynkorporearre territoaria fan 'e Feriene Steaten wiene:
- de Filipinen (1898-1946)
- de Panamakanaalsône (1903-1999)
- it Trustgebiet fan de Pasifyske Eilannen (1947-1994)
- de Marshalleilannen (1947-1986)
- Mikroneezje (1947-1986)
- Palau (1947-1994)
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |