Jelle Buising
Appearance
Jelle Buising | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jelle Jacobus Buising | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 juny 1939 | |
berteplak | Ljouwert | |
stoarn | 10 septimber 2013 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk |
Jelle Jacobus Buising (Ljouwert, 10 juny 1939 - Ljouwert, 10 septimber 2013) wie in musikus dy't 1974 de Big Band Ljouwert oprjochte en dêr ek lierrenlang lieding oan joech.
De Big Band bestie út 5 saksofoans, 4 trompetten, 4 tromboanes, piano, gitaar, bas en slachreau). Buising spile sels ek trompet, dwersfluit en fibrafoan en arranzjearre ek. Buising wie jierrenlang learaar oan de Ljouwerter Muzykskoalle, ôfdieling algemiene muzikale foarming, wurke op de muzykôfdieling fan de bibleteek en wie belutsen by de jazzclub Hot House Redbad dy't yn de jierren santich en tachtich bot súkses mei optreden yn de boppeseal fan kafee De Brouwershoeck yn Ljouwert.
Buising stoar yn de âldens fan 73 jier yn Borniaherne yn Ljouwert
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|