Springe nei ynhâld

Haaien

Ut Wikipedy
Haaien
In grize rifhaai (Carcharhinus amblyrhynchos).
In grize rifhaai (Carcharhinus amblyrhynchos).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
tuskenstamme: kaakdieren (Gnathostomata)
klasse: kreakbienfisken (Chondrichthyes)
ûnderklasse: haaien en roggen (Elasmobranchii)
tuskenklasse: echte haaien en roggen (Euselachii)
difyzje: moderne haaien en roggen (Neoselachii)
ûnderdifyzje: haaien (Selachii)
Romer, 1962

De haaien (wittenskiplike namme: Selachii of ek wol Selachimorpha) foarmje in ûnderdifyzje fan 'e stamme fan 'e rêchstringdieren (Chordata), de ûnderstamme fan 'e wringedieren (Vertebrata), de tuskenstamme fan 'e kaakdieren (Gnathostomata), de klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii) en de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii). Dit is in taksonomyske groep fan fisken dy't sa'n 505 ûnderskate soarten omfiemet. De haaien binne nau besibbe oan 'e roggen (Batoidea), dy't men omskriuwe kinne soe as ôfplatte haaien. De oantsjutting haaien wurdt ek brûkt foar de fossile sibben fan dizze beide groepen, en yn dy sin ûntstiene de ierste haaien mear as 420 miljoen jier lyn, yn it Siluer. Tsjintwurdich wurde in protte haaiesoarten yn har fuortbestean bedrige troch minsklike aktiviteiten.

Yn grutte rinne haaien útinoar fan 'e lytse dwerchlantearnehaai (Etmopterus perryi), in soarte dy't yn 'e djipsee libbet en mar sa'n 17 sm lang is, oant de walfiskhaai (Rhincodon typus), dat mei 16 m de grutste fisk fan 'e wrâld is. De grutste soarten, lykas de al neamde walfiskhaai en de reuzehaai (Cetorhinus maximus), binne foar minsken folslein ûngefaarlike wetterfilterders, dy't soöplankton út it seewetter seve en hielendal gjin gebit hawwe. Beskate oare soarten, lykas de minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier) en de bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas) binne lykwols pontinsjeel wol deeglik tige gefaarlik. En Megalodon, in útstoarne haaiesoarte út it Senozoïkum dy't yn alle oseanen foarkaam, koe 20⅓ m lang wurde en wie nei alle gedachten it grutste seerôfdier út 'e skiednis fan 'e wringedieren. De grutste tsjintwurdige rôfhaai is de minskehaai of wite haai.

De beide grutste soarten megalodons (griis en read), mei de walfiskhaai (lila), de minskehaai (grien) en ta ferliking in minske.

Haaien komme yn alle seeën foar, mar se binnen it algemienst yn tropyske en tuskenbeiden wetters, benammen op djipten oant 2.000 m. Yn 'e regel kinne se net oer swiet wetter, en komme se sadwaande net yn rivieren (mar wol yn riviermûnings) foar, mar der binne in pear soarten, wêrûnder de pontinsjeel tige gefaarlike bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas), dy't wól oer swiet wetter kinne, en dêrom gauris hûnderten kilometers fier rivieren as de Ganges, de Sambezy, de Amazône of de Mississippy opswimme.

Haaien sykhelje troch twa pear fan elts fiif oant sân kieuspjalten, dy't allegearre in ôfsûnderlike lichemsiepening oan 'e sydkant fan it foarliif hawwe. De hûd fan haaien bestiet út tige fine skobkes, en wurdt yn beskate minsklike kultueren wol brûkt om hout en oare materialen mei te skjirjen. Rôfhaaien hawwe in gebit fan ferfangbere tosken, dy't faak kartele binne om better troch fleis hinne seagje te kinnen. Guon haaien ferlieze yn har libben wol 30.000 tosken, dy't dan elk mei 8 dagen oant in moanne wer troch in nijenien ferfongen wurde. It skelet fan haaien bestiet folslein út kreakbien, en se hawwe stive rêchfinnen, dy't yn ûndjip wetter of as se fuort ûnder it wetteroerflak swimme, boppe it wetter útstykje. Sûnt de film Jaws, út 'e santiger jierren, is sa'n rêchfin it ikoanyske driigjende byld wurden dêr't de measte minsken it earst oan tinke as se it wurd "haai" hearre.

De skeane, kartele tosken fan in tigerhaai, bedoeld om mei troch fleis hinne te seagjen.

Oanfallen op minsken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oanfallen fan haaien meitsje elts jier wol inkele deadlike slachtoffers ûnder minsklike swimmers en wettersporters. Neffens de International Shark Attack File (ISAF), in organisaasje dy't oanfallen troch haaien registrearret, wiene der tusken 2001 en 2006 wrâldwiid 96 bewearde haaie-oanfallen, wêrfan't se nei ûndersyk fêststelden dat it by 78 ek wier-wier om haaie-oanfallen gie. Fan dy 78 waarden 16 oanfallen klassifisearre as útlokke, en 62 as ûnútlokke. It tal deadlike slachtoffers troch haaie-oanfallen wie tusken 2001 en 2006 wrâldwiid 4,3 minsken it jier. Dêr moat by oantekene wurde dat jiers mear minsken omkomme trochdat se troch de wjerljocht of troch in fallende kokosnút troffen wurde.

Nettsjinsteande it idee dat ûnder de measte minsken libbet dat alle haaien gefaarlik binne, is eins mar in fjouwertal soarten (fan 505) ferantwurdlik foar in betsjuttend oantal deadlike, ûnútlokke oanfallen, te witten: de minskehaai of wite haai (Carcharodon carcharias), de wytpuntoseaanhaai (Carcharhinus longimanus), de tigerhaai (Galeocerdo cuvier) en de bollehaai of Sambezyhaai (Carcharhinus leucas). Om in ûnútlokke oanfal safolle mooglik foar te kommen, moat men gjin glânzjende metalen dragen (lykas sieraden), en net te folle omspatterje en -plûnzgje, mei't dat foar rôfhaaien klinkt as in ferwûne fisk en dus in maklike proai. De iennichste folslein wisse manear om in haaie-oanfal foar te kommen, is troch út 'e see wei te bliuwen.

In haaie-aai.

Nettsjinsteande har reputaasje as moardmasines, besitte haaien harsens dy't kwa grutte yn ferhâlding ta har lichem in ferlykbere massa hawwe as de harsens fan sûchdieren en fûgels. Wittenskiplik ûndersyk hat sûnt 1990 útwiisd dat haaien yn it wyld soms boartlik gedrach fertoane, en dat se nijsgjirrich binne nei nije dingen, en dy ûndersykje troch se mei de bek te "betaasten". It liket der sterk op dat de measte "oanfallen" fan haaien op minsken eins it nijsgjirrige ûndersykjen troch de haai fan in foar him nuver wêzen is; dy teory wurdt ûnderstipe troch it feit dat slachtoffers fan haaie-oanfallen gauris nei it strân ta ûntkomme kinne sûnder dat se efterfolge wurde, en trochdat haaien faak net trochbite. Dat der sa'n soad skea oanrjochte wurdt by sokke konfrontaasjes, komt troch de fjoerskerpe tosken fan 'e haai en de kwetsberens fan 'e minske. Guon oare oanfallen, benammen dy op surfers, lykje almeast in kwestje fan fersin te wêzen, mei't haaien sokke lju peddeljend op har surfplanke oansjogge foar seeliuwen.

Haaien yn 'e minsklike kultuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haaien foarmje in prominint ûnderdiel fan 'e kultueren en mytologyen fan folken út it gebiet fan 'e Stille Oseaan, lykas op Hawaï en Fidzjy. Op Hawaï besteane bgl. ferskate folksferhalen dy't fertelle oer minsken mei haaiekaken op 'e rêch, dy't lju op it strân warskôgje op net de see yn te gean om't der in minske-itende haai omswimme soe. De strângongers laitsje sa'n man dan ornaris út en geane dochs de see yn, wêrnei't se opiten wurde troch de man dy't har warskôge hie, dy't himsels yn in haai feroare hat.

In minskehaai of wite haai.

Yn it prekoloniale Hawaï joegen fiskers harren deaden faak in seemangrêf, mei as bedoeling dat se as haai reynkarnearje soene. De kahuna tsjutte dan letter oan 'e famylje fan 'e deade út hoe't de tekening fan in beskate haai de klean fan 'e deade neigalme. Sa'n haai, in aumakua, waard neitiid yn 'e regel behannele as in soarte fan húsdier fan 'e famylje, dy't fuorre waard en neffens de ferhalen holp by it fiskjen troch de fisk yn it net te driuwen. Men koe in aumakua ek foar kwea-aardige doelen brûke, lykas om in fijân te deadzjen, mar de stamhaden leine yn 'e regel it near op sokke tsjoenderij. De bekendste haaiegod út 'e Hawaïaanske mytology wie Kamohoali'i, de âldere broer fan 'e fulkaangoadinne Pele, dy't sawol de foarm fan in minske as dy fan in haai oannimme koe. Op it eilân Molokai wie yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw in timpel (heiau) oan Kamohoali'i wijd op elts skiereilân. Op Fidzjy wie Dakuwanga in haaiegod dy't ferdwaalde minsklike sielen opfriet.

Yn skerp kontrast mei it yngewikkelde byld dat der yn 'e Pasifyske kultueren fan haaien bestie, waard de Westerske byldfoarming fan dizze bisten oer it algemien karakterisearre troch eangstme en boasaardichheid. It idee dat haaien gefaarlike, net te fertrouwen bisten binne, krong de Westerske kultuer foar it earst binnen troch de grutte mediapublisiteit dy't jûn waard oan isolearre oanfallen, lykas dy yn Nij-Jersey, yn 1916. Troch de ûnbidige populariteit fan 'e grizelfilm Jaws, út 1975, fan regisseur Steven Spielberg, waarden haaien dêrnei lange tiid troch frijwol alle westerlingen lykslein mei minske-itende meunsters. Pas fan 'e ein fan 'e njoggentiger jierren ôf wisten djipdobjende dokumintêres wat oan dat byld te feroarjen.

Haaiefinnesop, in Aziatysk gerjocht dêr't elts jier withoefolle haaien foar deamakke wurde.

Der wurdt rûsd dat jiers sa'n 100 miljoen haaien deade wurde troch minsklik tadwaan, benammen troch de kommersjele en ferdivedearjende fiskerij. Yn East-Aazje, fral yn Sina, wurdt haaiefinnesop as in delikatesse beskôge en boppedat as befoarderlik foar de sûnens. Yn wurklikheid binne haaien ien fan fjouwer groepen fisken (mei swurdfisken, keningsmakrielen en tegelfisken), dy't troch de Amerikaanske Food and Drug Administration oanmurken wurde foar tige skealik foar de sûnens, benammen de sûnens fan bern en froulju dy't swier binne, fanwegen har hege kwikgehalte. Likegoed wurdt elts jier 1,4 ton oan haaiefinnen garre. De fiskerijfoarm dy't dêrop rjochte is, wurdt "haaiefinjen" (shark finning) neamd, en dêrby wurde haaien fongen wêrnei't har alle finnen ôfhoud wurde, om har dan faak noch libjend wer oerboard te smiten. Werom yn 'e see stjerre sokke bisten in stadige dea troch ferstikking of predaasje. De haaiefinnen brochten yn 2009 sa'n $300 it pûn op. Haaiefinjen wurdt op grutte skaal yllegaal dien, mar de measte lannen pakke it net oan.

De hiele haai wurdt ek wol iten, benammen yn Japan en Austraalje; yn 'e Australyske steat Fiktoaria is haaiefleis sels de meast brûkte fisk yn 'e snack fish and chips. Yn fish and chips shops wurdt lykwols net fan shark sprutsen, mar wurdt haaiefleis flake neamd. Yn súdlik Yndia wurde jonge haaien op 'e fiskmerk ferkocht ûnder de namme sora. Om't dy bisten noch net folwoeksen binne, falt it fleis by it sieden útinoar yn in poeiereftige substânsje, dy't dan frituere wurdt yn krûde oalje. Oan 'e kust fan Tamil Nadu wurdt soks as in delikatesse beskôge. Op Iislân wurdt de Grienlânske haai wol fongen (al giet it dêrby fral om byfangst), dy't in soarte fan antyfries yn syn bloed hat sadat er yn 'e poalsee oerlibje kin. Om't it fleis dêrtroch giftich is foar minsken wurdt it yn grutte brokken snien dy't in sekuer bewurkmastere ferrottingsproses trochrinne om se fan har gif te ûntdwaan. It sterk nei ammoniak rûkende einprodukt hjit fan hákarl, en wurdt beskôge as in nasjonaal Iislânsk gerjocht.

De hammerhaai mei syn apartfoarmige kop, mooglik bedoeld om 'e rooksin te ferbetterjen troch de noasters fierder útinoar te pleatsen.

Om't haaien oer it algemien pas nei in stikmannich jierren geslachtsryp wurde, en se har yn ferhâlding ta oare bejage fiskesoarten mar hiel stadich fuortplantsje, hat de haaiefiskerij tige negative konsekwinsjes hân foar it fuortbestean fan 'e ûnderskate haaiesoarten. Dêrby skrilje haaiefinnestreupers der net foar tebek om jonge haaien te deadzjen, dy't har noch net fuortplantsje kinnen hawwe, wat fansels hielendal desastreuze gefolgen hat. Sadwaande hawwe de Feriene Steaten, yn 2000, en de Jeropeeske Uny, yn 2003, de praktyk fan it haaiefinjen folslein ferbean. Doe't yn 2008 bliek dat der in mesk yn 'e Amerikaanske wetjouwing siet, waard de wet tsjin it haaiefinjen yn 2011 oanpast, en de Jeropeeske Uny die itselde yn 2013. Yn 2010 waard Hawaï de earste Amerikaanske steat dy't net inkeld it haaiefinjen, mar ek it besit, de ferkeap en de fersprieding fan haaiefinnen en de hannel deryn ferbea. Yn 2009 makke de IUCN bekend dat 64 haaiesoarten, in trêde fan alle soarten dy't yn 'e iepen see foarkomme, mei útstjerren bedrige wurde fanwegen oerbefisking en haaiefinjen.

In walfiskhaai, de grutste libbene fiskesoarte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Other reading, op dizze side.