Springe nei ynhâld

Despicable Me (franchise)

Ut Wikipedy
Despicable Me
betinker Sergio Pablos
eigner Illumination
Universal Pictures
lân Feriene Steaten
begjinjier 2010
films
langspylfilms Despicable Me
Despicable Me 2
Minions
Despicable Me 3
Minions: The Rise of Gru
koarte films Home Makeover
Orientation Day
Banana
Puppy
Panic in the Mailroom
Training Wheels
Binky Nelson Unpacified
Competition
Cro Minion
Mower Minions
The Secret Life of Kyle
Yellow is the New Black
Santa's Little Helpers
Minion Scouts
tillefyzje
searjes Saturday Morning Minions
specials Minions Holiday Special
spultsjes
fideospultsjes ferskaat, sjoch hjirre
literatuer
romans ferskaat, sjoch hjirre
muzyk
soundtracks ferskaat, sjoch hjirre
offisjele webside
www.despicableme.com

Despicable Me is in Amerikaanske mediafranchise fan tige súksesfolle kompjûteranimearre tekenfilms fan 'e filmstudio's Illumination en Universal Pictures nei in idee fan Sergio Pablos. De rige sette yn 2010 útein mei de film Despicable Me, oer Gru, in supersmjunt dy't de moanne stelle wol. Letter wurdt er heit fan trije jonge famkes, trout er en giet er oan it wurk as geheim agint. In wichtich en fermaaklik ûnderdiel fan 'e films wurdt foarme troch Gru syn leger fan lytse, gielkleurige trewantsjes (minions), dy't allegear fleurige psychopaten binne. Anno 2022 bestiet de filmsearje út fiif dielen mei in sechsde yn preproduksje. Dêrnjonken binne der yn it ramt fan 'e franchise in stikmannich koarte films ferskynd (fral oer de trewantsjes), in websearje, in tillefyzjespecial en ferskate boeken, fideospultsjes en soundtrackalbums.

De Wikipedy hat ek in side Despicable Me (film).

Yn Despicable Me sit it supersmjunt Gru (Steve Carell) net mei. Hy hat de lêste tiid gjin grutte slaggen mear slein, jongere supersmjunten stribje him foarby en hy kin gjin liening mear besette by de Bank fan it Kwea. Om himsels wer op 'e kaart te setten, beslút er de moanne te stellen, in plan wêrfoar't er de stipe hat fan syn assistint op jierren dr. Nefario (Russell Brand) en syn leger fan lytse gielhûdige trewantsjes (minions). As er lykwols yn in fete behelle rekket mei de frisse jonge supersmjunt Vector (Jason Segel), is Gru de help nedich fan 'e trije jonge weesfamkes Margo (Miranda Cosgrove), Edith (Dana Gaier) en Agnes (Elsie Fisher) om syn doel te berikken. Dêrta adoptearret er de famkes, mei de bedoeling om harren wer ôf te tankjen as er gjin ferlet mear fan harren hat. As it safier is, falt him dat lykwols noch knap ôf.

Despicable Me waard regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud nei in senario fan Cinco Paul en Ken Daurio. De film gie op 9 july 2010 yn premiêre, en brocht $543,1 miljoen op tsjin in budget fan $69 miljoen. Despicable Me waard nominearre foar de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm.

Despicable Me 2

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Despicable Me 2.

Yn Despicable Me 2 hat Gru (Steve Carell) syn libben bettere en is er in tawijde heit wurden foar Margo (Miranda Cosgrove), Edith (Dana Gaier) en Agnes (Elsie Fisher). Troch spesjaal aginte Lucy Wilde (Kristen Wiig), fan 'e Anty-Smjunteliga, wurdt er behelle yn it ûndersyk nei it stellen fan in Russysk laboratoarium dêr't in tige gefaarlike stof ûntwikkele waard. Dat is it PX-41-searum, dat elts libben organisme feroarje kin yn in bloedtoarstich meunster. Gru hat fuortendaliks Eduardo Pérez (Benjamin Bratt) op it each, in Latino-restauranthâlder dy't er weromken as de eardere supersmjunt El Macho. As it bewiis yn in oare rjochting wiist, wurdt Gru net leaud. Mar om't Pérez syn soan Antonio (Moisés Arias) blyk jout fan romantyske belangstelling foar Margo, kin er ek net objektyf nei de saak sjen.

Despicable Me 2 waard wer regissearre troch Pierre Coffin en Chris Renaud nei in senario fan Cinco Paul en Ken Daurio. De film gie op 5 juny 2013 yn premiêre, en brocht $970,8 miljoen op tsjin in budget fan $76 miljoen. Despicable Me 2 waard nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm.

Despicable Me 3

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Despicable Me 3.

Yn Despicable Me 3 moatte Gru (Steve Carell) en Lucy (Kristen Wiig), no man-en-wiif, foar de Anty-Smjunteliga de wrokjende eardere tillefyzjestjer Balthazar Bratt (Trey Parker) tsjinhâlde, dy't mei in reuseftige robot Hollywood ferwoastgje en dêrnei de wrâld oerhearskje wol. As se net daliks súkses hawwe, wurde se ûntslein. Underwilens kriget Gru gedoente mei syn twillingbroer Dru, mei wa't er al sûnt harren bernetiid gjin kontakt mear hân hat. Dru wol dat Gru him leart hoe't er in supersmjunt wurde kin, mar Gru hat dat libben efter him litten en wol dêr neat fan witte. Underwilens is Bratt noch altyd wisberet om syn plannen ta útfier te bringen.

Despicable Me 3 waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda nei in senario fan Cinco Paul en Ken Daurio. De film gie op 30 juny 2017 yn premiêre, en brocht $1.034,8 miljoen op tsjin in budget fan $80 miljoen.

Despicable Me 4

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn in fraachpetear yn septimber 2017 makke Chris Meledandri, de algemien direkteur fan filmstudio Illumination en de produsint fan 'e Despicable Me-films, bekend dat der in fjirde diel út 'e haadrige yn 'e preproduksjefaze ferkearde.

Spin-off-searje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Minions (film).

Minions is in spin-off-film fan 'e Despicable Me-rige, dy't oer de trewantsjes (minions) fan Gru giet. It is ek in prequel, dy't útleit wêr't de trewantsjes wei komme. Nei't it skynt, hawwe se altyd al bestien, sûnt se har yn 'e fiere prehistoarje út iensellige organismen ûntjoegen. Harren libbensdoel is om 'e boasaardichste masters te tsjinjen dy't se mar fine kinne, mar it probleem is dat se troch har eigen knoffeligens hiderkear harren master by fersin deadogge. Yn 1968 sykje se wer nei in nije master en jouwe se har by Scarlet Overkill (Sandra Bullock), wrâlds earste froulike supersmjunt. Dyselde wol de kroan fan it Feriene Keninkryk stelle, mar de knoffelige trewantsjes jeie de hiele boel yn it hûndert, mei as gefolch dat ien fan harren by fersin de Britske kening wurdt.

It logo fan 'e film Minions.

Minions waard regissearre troch Pierre Coffin en Kyle Balda nei in senario fan Brian Lynch. De film gie op 11 juny 2015 yn premiêre, en brocht $1.159,4 miljoen op tsjin in budget fan $74 miljoen.

Minions: The Rise of Gru

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Minions: The Rise of Gru.

Minions: The Rise of Gru slút oan by de foargeande film Minions, wêryn't de trewantsjes op it lêst in jonge Gru (Steve Carell) metten. Yn 'e film wurdt de opkomst fan Gru as supersmjunt beskreaun, wêrby't er op in stuit troch de trewantsjes oannommen wurdt foar harren nije master. De ein fan Minions: The Rise of Gru slút wer oan by de earste Despicable Me-film. Minions: The Rise of Gru waard regissearre troch Kyle Balda nei in senario fan Brian Lynch. De film giet op 1 july 2022 yn 'e Feriene Steaten yn premiêre.

Anno 2021 binne der yn totaal 14 koarte films makke yn it ramt fan 'e Despicable Me-franchise. Trije dêrfan waarden yn 2010 útbrocht op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange film Despicable Me. Trije oaren waarden yn 2013 publisearre op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange film Despicable Me 2. Nochris trije kamen yn 2015 út fia de dvd en blu-ray fan 'e lange film Minions. Fan 'e restearjende fiif koarte films waard ien elts útbrocht op 'e dvd en blu-ray fan 'e lange films The Secret Life of Pets (2016), Despicable Me 3 (2017), The Grinch (2018) en The Secret Life of Pets 2 (2019), wylst ien as foarfilm yn 'e bioskoop mei The Grinch útbrocht waard.

De koarte film Home Makeover folget op 'e foarfallen yn 'e earste Despicable Me-film. De trewantsjes helpe Gru syn oannommen dochters Margo, Edith en Agnes by it renovearjen fan 'e wente fan Gru. It doel is om foar te kommen dat in besykjende sosjaal wurkster it hûs as ûngaadlik foar de famkes beoardielje sil. Dat soe betsjutte dat se werom moatte nei it aaklike weeshûs fan juffer Hattie, dêr't se earder ûnderbrocht wiene. Home Makeover waard yn 2010 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me.

Orientation Day

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Orientation Day krije trije nije trewantsjes de taak om in bom te ferfieren. Dat blykt dreger te wêzen as se tochten, fral om't se al rillegau deilis reitsje mei in pear oare trewantsjes, dy't sels in reuseftige bom op 'e noed hawwe. Orientation Day waard yn 2010 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me.

Yn 'e koarte film Banana reitsje twa fan Gru syn trewantsjes slaande deilis om in banaan. Dêrby slope se de ûndergrûnske basis fan harren master. Banana waard yn 2010 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me.

Yn 'e koarte film Puppy beächtet ien fan 'e trewantsjes Gru syn buorlju wylst se harren hûn útlitte. Dat jout him it idee om sels in hûn te sykjen, sadat er dy útlitte kin. Nei ferskate falske starts fynt er úteinlik in UFO, dy't foar him de rol fan in jonghûntsje oannimt. Dat leveret harren hiel wat wille op, mar ek hiel wat skea oan 'e wente fan Gru. Dyselde set harren dêrom úteinlik allebeide út 'e hûs. As it trewantsje foar it ferstân kriget dat syn 'húsdier' ûnwennich is nei syn thús, stjoert er in e-mail nei de planeet dêr't de UFO wei komt, sadat it ding nei hûs weromkeare kin. Puppy waard yn 2013 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me 2.

Panic in the Mailroom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Panic in the Mailroom wurkje twa trewantsjes yn 'e postkeamer fan Gru syn ûndergrûnske basis. As in pakje, dat it heal útwurke PX-41-searum befettet (sjoch: Despicable Me 2), fêst komt te sitten yn it ôfleversysteem, rekket ien fan 'e beide trewantsjes mei it searum besmet. Om't it hast útwurke is, bliuwt er hinne en wer oan it feroarjen fan in bloedtoarstich meunster nei himsels en oarsom. Dit ta grutte hilariteit fan it oare trewantsje. Uteinlik wit er it by fersin ynnommen searum út te spuien, mar it rekket guon jongkatsjes, dy't op har beurt yn bloedtoarstige meunsters feroarje. Panic in the Mailroom waard yn 2013 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me 2.

Training Wheels

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Training Wheels is Agnes, it jongste dochterke fan Gru, ûntefreden oer har fytske nei't se der ôf fallen is wylst se besocht om mei har âldere susters Edith en Margo in iiskowein yn te heljen. De trewantsjes biede oan om it fytske oan te passen, mei foarsisber healwize gefolgen. Training Wheels waard yn 2013 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me 2.

Binky Nelson Unpacified

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Binky Nelson Unpacified fiert de famylje Nelson (dy't de trewantsjes yn 'e lange film Minions in lift jouwe fan New York nei Orlando) in ynbraak yn in museum út. De lytse Binky Nelson ferliest dêrby syn poppesûger. Syn âldelju fertelle him neitiid dat er no in grutte jonge is en dat er wol sûnder kin, mar dêr nimt Binky gjin genoegen mei. Dat nachts slûpt er op 'e nij it museum yn om syn poppesûger op te heljen. Dêrby wurdt er trappearre, mar hy is de nachtwachter te fluch ôf. As syn âlden letter by him om 'e hoeke fan 'e doar sjogge, liket er rêstich te sliepen, mar sadree't de doar wer ticht giet, hellet er syn poppesûger foar it ljocht en de unifoarmpet fan 'e nachtwachter deropta. Binky Nelson Unpacified waard yn 2015 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Minions.

Yn 'e koarte film Competion daagje twa trewantsjes inoar út ta it ûndergean fan withoefolle oanfallen. Op 't langelêst bedarje se dêrby op 'e rinnende bân fan it laboratoarium. Competion waard yn 2015 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Minions.

Yn 'e koarte film Cro Minion passe twa trewantsjes yn 'e prehistoarje op 'e poppe fan harren baas, in hoalebewenner, as dyselde op jacht giet. Dat is in stik dreger wurk as dat de trewantsjes tocht hiene. Cro Minion (de titel is in wurdboarterij op minion, "trewantsje", en Cro Magnon) waard yn 2015 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Minions.

Yn 'e koarte film Mower Minions besykje de trewantsje oan bûsjild te kommen troch gers te meanen by it pleatslike rêsthûs. Dat einiget fansels wer yn in grutte gaos, mar it docht bliken dat se de âlden fan dagen mei har nuvere kluchten sa fermakke hawwe, dat se genôch bûsjild fertsjinje om 'e blender te keapjen dy't se yn in reklamespotsje sjoen hiene. Yn 'e winkel sjogge se lykwols reklame foar in ferbettere, mar ek djoerdere, ferzje fan it apparaat, dat se geane werom nei it rêsthûs om bûsjild by te fertsjinjen. Mower Minions waard yn 2016 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan The Secret Life of Pets.

The Secret Life of Kyle

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film The Secret Life of Kyle wurdt Gru syn hûsdier Kyle folge, dat almeast trochgiet foar in hiemhûn, mar eins wat oars is. As Gru, syn húshâlding en de trewantsjes der net binne, blykt Kyle in libben te lieden dêr't sy net de minste aan fan hawwe. The Secret Life of Kyle (in ferwizing nei in oare produksje fan filmstudio Illumination, The Secret Life of Pets) waard yn 2017 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan Despicable Me 3.

Yellow is the New Black

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De koarte film Yellow is the New Black spilet foar de ein fan 'e lange film Despicable Me 3, dêr't alle trewantsjes út 'e finzenis útbrekke yn in massale ûntsnapping. Foartiid hiene nammentlik inkelen fan harren al in priuwke fan 'e frijheid hân doe't se mei de help fan in stikmannich minsklike finzenen tydlik op frije fuotten kamen. Yellow is the New Black waard yn 2018 útbrocht as foarfilm yn 'e bioskoop by fertoanings fan 'e lange film The Grinch.

Santa's Little Helpers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e koarte film Santa's Little Helpers reitsje de trewantsjes Kevin, Stuart en Bob by fersin strâne op 'e Noardpoal. Se roeie mei de rimen dy't se hawwe en geane as krystelfkes oan it wurk foar de krystman. Santa's Little Helpers waard yn 2019 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan The Grinch.

Yn 'e koarte film Minion Scouts reitsje in stikmannich trewantsjes djip ûnder de yndruk fan Gru syn dochters, dy't op 'e paadfinerij sitte. Dat set de trewantsjes oan om sels ek paadfiners te wurden, mei de gebrûklike gaos en rebûlje ta gefolch. Minion Scouts waard yn 2019 útbrocht as bonusfilmke op 'e dvd en blu-ray fan The Secret Life of Pets 2.

Minions Holiday Special

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Minions Holiday Special wie in kompilaasje fan koarte films yn it ramt fan 'e Despicable Me-franchise. Dy waard as tillefyzjespecial yn it ramt fan 'e kryst op 27 novimber 2020 útstjoerd troch it Amerikaanske tillefyzjenetwurk NBC. It programma bestiet út 'e koarte films Santa's Little Helpers, Training Wheels, Puppy en Minion Scouts, oaninoar praat troch aktrise Miranda Cosgrove (dy't yn 'e franchise it personaazje fan Margo ynsprekt). Tuskentroch binne ek hiele koarte stikjes te sjen mei personaazjes út twa oare mediafranchises fan tekenfilmstudio Illumination, te witten: The Secret Life of Pets en Sing.

Saturday Morning Minions

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Saturday Morning Minions is in websearje oer de nuvere eksploaten fan 'e trewantsjes, dy't ferspraat wurdt fia de sosjale media Instagram en Facebook. Fan 9 juny 2021 ôf waard eltse sneontemoarn in nije ôflevering útbrocht. Oars as de films (dy't yn 3D makke binne) is dizze searje animearre yn 2D-styl. It is de bedoeling dat Saturday Morning Minions úteinlik 40 ôfleverings telle sil.

Yn it ramt fan 'e Despicable Me-franchise is by útjouwerij Little, Brown Books for Young Readers in rige berneboeken ferskynd:

  • 2010 – My Dad, the Super Villain
  • 2010 – Despicable Me: The Junior Novel
  • 2010 – Despicable Me: The World's Greatest Villain
  • 2013 – Despicable Me 2: The Junior Novel
  • 2013 – The Anti-Villain League Handbook
  • 2013 – Undercover Super Spies
  • 2013 – Attack of the Evil Minions!
  • 2013 – Make a Minion
  • 2013 – Meet the Minions

De beide boeken mei as ûndertitel The Junior Novel binne bedoeld foar bern fan acht oant tolve jier. De oare boeken binne bedoeld foar jongere bern. Fierders hawwe senarioskriuwers Cinco Paul en Ken Daurio ek it sokpoppeboekje Sleepy Kittens (dat Gru yn 'e earste film foarlêst oan 'e trije weesfamkes) echt publisearre, mei yllustraasjes troch Eric Guillon.

Yn it ramt fan 'e Despicable Me-franchise binne de folgjende fideospultsjes ferskynd:

Yn it ramt fan 'e Despicable Me-franchise binne de folgjende soundtrackalbums ferskynd:

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Despicable Me (filmsearje)
lange films
Despicable Me (2010) • Despicable Me 2 (2013) • Minions (2015) • Despicable Me 3 (2017) • Minions: The Rise of Gru (2022)
koarte films
Home Makeover (2010) • Orientation Day (2010) • Banana (2010) • Puppy (2013) • Panic in the Mailroom (2013) • Training Wheels (2013) • Binky Nelson Unpacified (2015) • Competition (2015) • Cro Minion (2015) • Mower Minions (2016) • The Secret Life of Kyle (2017) • Yellow is the New Black (2018) • Santa's Little Helpers (2019) • Minion Scouts (2019)